Groue (eilân)
Groue-Appellân (Dútsk: Gröde, Deensk: Grøde), koartwei Groue, is in Hallig yn de Waadsee by Dútslân. It is ien fan de Noard-Fryske eilannen. It eilân leit westlik fan Habel en is likernôch 2,5 kante kilometer grut. Groue makket ûnderdiel út fan de gemeente Groue, ien fan de lytste gemeenten fan Dútslân. Der wenje 13 ynwenners op Groue.
Bestjoerlik makket Groue ûnderdiel út fan it amt Pälweerm yn de dielsteat Sleeswyk-Holstein.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Groue bestie earder út twa eilannen: Groue en Appellân. Om 1900 hinne waard it wetter tusken de twa Halligen ôfdamd, wêrtroch dit hieltyd fierder tichtslibbe en de twa Halligen ien waarden. Sûnt dy tiid is Groue de tredgrutste Hallig.
Op Groue lizze twa terpen. Op de Knudswarft libje seis famyljes yn fjouwer hûzen. Op de Kirchwarft stiet in lang gebou, wêryn har de tsjerke en de skoalle befine. Yn de tsjerke stiet in altaar út 1592. Groue hat gjin eigen pastoar, de tsjerketsjinsten op Groue wurde troch de pastoar fan Nees (eilân) jûn. De skoalle is de lytste skoalle fan Dútslân, it hat mar ien skoalmaster en wurdt trochstring troch 2 learlingen besocht. Op de terp stiet ek de wenning fan de skoalmaster.
Op de Knudswarft besteane oernachtingsmooglikheden, der is in kiosk en in postkantoar.
Groue stiet trochstrings 100 kear yn it jier ûnder wetter.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn âlde tiden makke Groue, mei Appellân en Habel, ûnderdiel út fan de uthlande. De Halligen waarden troch stoarmfloeden fan it fêste lân skieden en moast troch neikommende floeden en de seestreamingen fierder lân ynleverje. Yn de Floed fan 1634 kaam der op de Halligen ien om it libben. By de Halligfloed fan 1825 stoarten acht fan de 34 hûzen yn. Ien fan de trije terpen op Groue waard hielendal fuortslein. Yn 1825 wennen der noch 90 minsken op it eilân. Yn 1874 wie dit tal al mei de helt omleech gien. Oan de begjin fan de 20e iuw waarden Groue en Appellân ien troch it yndamjen fan lân.
Yn 1976 waard Groue op it stream en wetternetwurk fan de fêste wâl oansluten.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De minsken op Groue krije harren ynkomsten fan de ferhier fan fakânsjewennings oan toeristen. Dêrneist wurdt der ek oan lânbou dien. Hjirby wurdt in mienskiplik stik lân ûnderhâlden.
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op Groue sels komt gjin autoferkear foar.
De MS Rungholt fart fan Schlüttsiel nei Groue. Mar in fêste fartsjinst is der net.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fryske eilannen |
---|
Westfryske eilannen: |
· · |