Dûbele rydbaan
In dûbele rydbaan is in dyk dy't út skate rydbanen bestiet, dêr't ien rydbaan ornearre is foar ien rjochting en de oare rydbaan foar de oare rjochting. De rydbanen wurde ornaris skaat troch in middenberm, mei wol of gjin fangrail. Alle autogongwegen en guon autowegen hawwe dûbele rydbanen.
In dyk sûnder skieding yn it midden wurdt as in inkelde rydbaan beskôge, nettsjinsteande hoefolle rydstripen er befettet. In dûbele rydbaan kin bestean út 2x2, 2x3, 2x4, ensafuorthinne. De measte dûbele rydbanen hawwe in krusing fan ûngelikense hichte mei oare diken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Romeinen hiene al in (nei alle gedachten de earste) dûbele rydbaan. De Via Portuensis waard yn de earste iuw n.Kr. troch keizer Klaudius boud en ferbûn de havenstêd Ostia mei Rome.
De earste dûbele rydbaan yn de Feriene Steaten wie wierskynlik Savery Avenue yn Carver, Massachusetts, dy't yn 1860 boud waard, en bestie út twa rydbanen dy't skaat waarden troch in smelle stripe mei beammen yn it midden. Yn 1907 waard de Long Island Motor Parkway iepene, dêr't rûchwei 20% út dûbele rydbaan fan bestie. De New York City Belt Parkway, dy't tusken 1907 en 1934 boud waard, hie itselde ûntwerp. Lykwols waarden de rydbanen troch betonnen muorkes skaat.
Yn 1924 waard de earste Italjaanske autostrada boud en rûn 55 km fan Milaan nei Varese. Dy dyk hie lykwols allinnich dûbele rydbanen om de stêden hinne en troch de bergen.
Yn Grut-Brittanje waard de Great West Road by Londen de earste dûbele rydbaan, dy't yn 1925 boud waard.
Yn 1927 waard de ringwei om Rome hinne boud, en hie mei syn 92 km lingte folslein in dûbele rydbaan. Yn de iere 1930-er jierren waard er ferlinge oant Napels yn it suden, en oant Florâns yn it noarden.
Yn 1932 waard de earste Autobahn iepene tusken Keulen en Bonn, mei in lingte fan 21 km. Hy hie lykwols net oer de folsleine lingte dûbele rydbanen.
Yn de 1930-er jierren waarden der by ferskate Jeropeeske en Amerikaanske stêden dûbele rydbanen oanlein omreden ferkearsopstoppings en ferkear om stêden hinne te lieden. Yn Dútslân, Itaalje en de Sovjet-Uny waard úteinset mei it bouwen fan in netwurk fan diken mei dûbele rydbanen. Yn 1942 hie Dútslân 3.200 km, Itaalje 1.300 km en de Sovjet-Uny 400 km dyk mei dûbele rydbanen.
Yn 1940 waard de Pennsylvania Turnpike iepene. Hy hie in lingte fan 260 km en wie de earste autodyk mei dûbele rydbanen yn de Feriene Steaten. Yn 1955 hiene ferskate steaten al diken mei dûbele rydbanen oanlein, en yn 1957 waard úteinset mei de Interstate Highway System. Yn 1994 wie er foltôge en ferbûn alle grutte stêden yn de Feriene Steaten mei-inoar.
Yn Fryslân waarden de earste diken mei dûbele rydbanen yn de 1960-er jierren oanlein by Ljouwert.
Utfiering yn guon lannen (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân binne alle autogongwegen en guon autowegen útfierd as dûbele rydbanen. Autogongwegen en guon autowegen, sa as de N31, binne rykswegen. Ek guon provinsjale wegen, te tinken oan de Sintrale As fan Nijegea oant Dokkum, binne as autowei mei dûbele rydbanen útfierd. Autogongwegen hawwe in maksimumfaasje fan 130 km/o (nachts) en autowegen hawwe in maksimumfaasje fan 100 km/o.
Dútslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Dútslân ferwiist it begryp Autobahnähnliche Straße (autodykeftige dyk) nei in dyk dy't te ferlykjen is mei it ûntwerp fan in Autobahn. De measten fan harren waarden ûntwurpen as Kraftfahrstraßen (ekspresdiken), itjinge betsjut dat de maksimumfaasje op sokke diken heger is as op oare diken. Dêrom hawwe se lykwols dûbele rydbanen nedich. Guon dêrfan op it plattelân binne útfierd as 2x1-diken. Sokke diken wurde as ekspresdiken oantsjutten.
Autobahnähnliche Straßen wurde yn de folksmûle wol oantsjutten as de "giele Autobahn", om't se technysk sjoen deselde standerts as de gewoane Autobahn hawwe, mar swarte letters op giele buorden, dy't ornaris op sekundêre diken foarkomme, ynstee fan wite letters op blauwe buorden, sa't dy op de Autobahn foarkomme. Sokke diken falle gauris ûnder it budzjet fan de bûnssteaten ynstee fan dy fan it bûnsregear, om't sokke diken in wichtige ferbining yn in bûnssteat foarmje kinne. Troch harren wichtigens hawwe guon fan dy diken, sa as Bundesstraße 27 fanwegen syn lingte, lykas de Autobahn gjin maksimumfaasje en binne opwurdearre ta folsleine autodiken. Nettsjinsteande dat, hawwe ekspresdiken wol in maksimumfaasje.
Guon (blauwe) autodiken binne fan it Autobahn-netwurk skrast, mar hawwe noch wol de blauwe buorden. Oarsom binne guon "giele" diken oan it Autobahn-netwurk taheake, mar hawwe noch hieltyd de giele buorden. Autodiken dy't net ûnder it Autobahn- of Bundesstraße-netwurk falle, hawwe swarte letters op wite buorden.
Bebuording
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bebuording fan de ferskillende diken yn Dútslân.
-
ferkearsteken 332
-
ferkearsteken 333
-
ferkearsteken 448
-
ferkearsteken 449
-
ferkearsteken 450-52
-
ferkearsteken 453
-
ferkearsteken 332.1
-
ferkearsteken 333.1
-
ferkearsteken 448-50
-
ferkearsteken 449-50
-
ferkearsteken 450-55
-
ferkearsteken 453-50
-
ferkearsteken 332.1-20
-
ferkearsteken 333.1-20
Grut-Brittanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Grut-Brittanje is de heechste klasse autodiken de motorway, dy't nûmere binne mei in "M". Sokke diken hawwe wite letters op blauwe buorden. De maksimumfaasje op M-diken is 70 myl/o (112 km/o). De klasse diken dêrûnder binne de A roads, dy't dus nûmere binne mei in "A". Dy diken wurde as primary roads (primêre diken) ferwiisd en binne gauris mei dûbele rydbanen útfierd, wylst guon dêrfan in inkelde rydbaan befetsje. Dy diken hawwe wite letters op griene buorden. De maksimumfaasje op sokke diken ferskilt. As dûbele rydbaan jildt deselde maksimumfaasje as dy op in M-dyk. As inkelde rydbaan jilde ferskillende faasjes, sa as bygelyks yn plakken dêr't in maksimumfaasje fan 30 oant 40 myl/o jildt.
Itaalje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Itaalje wurdt in dyk mei in dûbele rydbaan gauris superstrada (ekspresdyk) neamd, mar dy namme is net offisjeel. De Italjaanske Autodikekoade (Codice della strada) ferpartet diken mei dûbele rydbaan yn trije klassen:
- strada extraurbana principale (primêre dyk) of in type B-dyk: in dyk mei skate rydbanen foar beide rjochtingen, in ferhurde flechtstripe oan de rjochterkant, en gjin krusings fan gelikense hichten. Sokke diken binne te ferlykjen mei in autostrada, in type A-dyk, de Italjaanske offisjele namme foar in autodyk, mar de boustanderts binne lykwols leger. Fierders hawwe de type B-diken deselde regels as by de type A-diken, sa as dat der gjin fuotgongers, fytsers en oare stadichoanridende reauwen tastein binne. De bebuording is mei wite letters op blauwe buorden, ynstee fan wite letters op griene buorden op de autostrada. De maksimumfaasje is 100 km/o foar 130 km/o op de autostrada oer. De diken binne tolfrij, wylst op de autostrada tol betelle wurde moat.
- strada extraurbana secondaria (sekundêre dyk) of type C-dyk. Dizze diken befetsje alle diken op it plattelân dy't gjin type A- of type B-diken binne. Sels dûbele rydbanen fan sokke type diken hearre ta dy kategory. De maksimumfaasje op dy diken, mei inkelde of dûbele rydbanen, is 90 km/o.
- strada urbana di scorrimento (stêdlike ekspresdyk) of type D-dyk: in dyk dy't troch in plak rint, mar dûbele rydbanen hat. Sokke diken hawwe krusings mei gelikense hichten, sa as mei ferkearsljochten of rotonden. Maksimumfaasje op sokke diken binne almeast oant 70 km/o.
Spanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Spanje wurdt in dyk mei dûbele rydbaan in autovía neamd. Sokke diken wurde beheard troch de nasjonale oerheid en binne tolfrij. In autopista dêrfoaroer is de heechste klasse autodyk en guon wurde beheard troch priveebedriuwen, en dêr moat boppedat tol betelle wurde.
De earste generaasje fan autovías waarden yn de 1980-er en 1990-er jierren boud en waarden fan besteande diken boud. Nijere autovías wurde alhiel nij oanlein, wylst de besteande diken as paralleldyk of in alternative rûte foar fuotgongers, fytsers en oare stadichoanridende reauwen waarden. Privee-eigendommen kinne streekrjochte tagong ta autovías hawwe, en bushalten en tankstasjons kinne tsjin de flechtstripe oan stean. De maksimumfaasje op beide autopistas en autovías binne 120 km/o, wylst de minimumfaasje 60 km/o is. Efterútriden is ta strangste ferbean.
Feriene Steaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Feriene Steaten binne der ferskate klassen diken útfierd as diken mei dûbele rydbanen. Sokke diken wurde wol divided highway, boulevard, parkway, expressway, freeway of interstate neamd, en hawwe in reedlik brede middenberm mei gers of in betonnen fangrail (Jersey barrier) dy't de rydbanen faninoar skiede. Op in pear útsûnderings nei binne alle diken fan de Interstate Highway System ûnder behear fan de federale oerheid en binne dy diken folsleine autodiken (freeways) mei krusings fan ûngelikense hichten. In ekspresdyk (expressway) is yn de Feriene Steaten faaks in ekstra rydbaan, dêr't it ferkear de rydbanen mei yn- en útrydstripen, dêr't it ferkear gauris steurd wurdt troch yn- en útridend ferkear, mije kinne.
Diken fan de US Route-systeem, autowegen ûnder behear fan de steaten of diken ûnder behear fan pleatslike oerheden kinne ek dûbele rydbanen befetsje. Sokke diken hawwe net altyd krusings fan ûngelikense hichten. Maksimumfaasje op diken mei dûbele rydbanen kin op it plattelân fariearje fan 65 oant 75 myl/o (105-121 km/o), mei guon parten wol oant 80 myl/o (130 km/o). Ien toldyk yn Teksas dy't yn privee-eigendom is, hat in maksimumfaasje fan 85 myl/o (137 km/o) en hat dêrmei de heechste maksimumfaasje yn de Feriene Steaten. Diken mei dûbele rydbanen yn stêdlik gebiet hawwe legere maksimumfaasjes en wurde bytiden wol boulevards (bûlevaar) neamd.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side, en Einzelnachweise op dizze side.
|