Wernigerode

Ut Wikipedy
Wernigerode út it kastiel wei sjoen

Wernigerode is in plak yn de Dútske dielsteat Saksen-Anhalt, it leit yn it distrikt Harz.

By Wernigerode waard koart nei it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch oan de Veckenstedter Weg in wurkkamp foar sa‘n 300 twangarbeiders makke. Foarjier 1943 krige dat wurkkamp de funksje fan ûnderkamp fan kamp Buchenwald. Doe naam it tal finzenen dy‘t dêr yn barakken ûnderbrocht waarden, ta oant 800 - 900. Dat ûnderkamp hie de koadenamme „Richard“. Sa’n ûnderkamp lei ticht by it fabryk dêr’t de finzenen wurkje moasten.

It kamp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kamp bestie út sân barakken mei noch in achtste barak foar de SS-beweitsjers bûten it eigentlike kamp. It kamp wie ôffrede mei in dûbel stek fan stikeltried, dêr’t it binnenste fan ûnder stroom stie en in hichte fan sa’n 3,50 meter hie. By de kar fan it stânplak spile de geunstige lizzing - befeiliging, ôfsûndering, ticht by it produksjeplak - in grutte rol. De finzenen kamen út Buchenwald, dat foar „sûne“ wurkkrêften soargje moast. De wurkdei fan de finzenen duorre fan 'e iere moarn oant yn 'e nacht. De finzenen waarden ynset yn it fabryk Rautal-Werke, by it meitsjen fan in ûnderierdske fabryk yn de Galgenberg, by it ûnderhâld fan it spoar en net yn it lêste plak by de útbou fan it kamp. It fabryk Rautal-Werke makke ûnder oaren silinder- en motorbehuzings foar fleantúch- en boatmotoaren, mar letter ek ûnderdielen foar de V-wapens. Troch de swiere omstannichheden wiene de measte finzenen binnen trije moanne sa útput, dat se nei Buchenwald weromstjoerd waarden.

It betinkingsplak[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne hjoed de dei noch fjouwer barakken oer. Ien fan de fjouwer lit de oarspronklike sitewaasje sjen. Yn in twadde barak is der in fêste útstalling mei saken út en dokumintaasje oer it kamp. Boppedat is der op it terrein in monumint, foar de slachtoffers fan de Naziterreur.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wernigerode fan Wikimedia Commons.