Springe nei ynhâld

Dom fan Utert

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dom (Utert))
Dom fan Utert
Lokaasje
lân flagge fan Nederlân Nederlân
plak Utert
koördinaten 52° 5 'NB, 5° 7 'EL
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Protestantske Tsjerke yn Nederlân
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl goatyske arsjitektuer
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer tsjerke: 35973 toer: 36075 kleastergong 36077
Webside
[1]
Kaart
Dom fan Utert (Utert-Binnenstêd)
Dom fan Utert

De Dom fan Utert is tsjerkegebou fan 'e PKN yn 'e stêd Utert, dy't benammen ferneamd is om 'e tsjerketoer, dy't mei 112,32 meter de heechste tsjerketoer fan Nederlân is. De toer, boud tusken 1321 en 1382, is in symboal fan 'e stêd, dy't ek wol de 'Domstêd' neamd wurdt. De Dom fan Utert, dy't boud waard tusken 1254 en 1517, wie foar de reformaasje de iennichste (roomsk-katolike) katedraal fan Nederlân en doe wijd oant Sint-Marten. Sûnt 1580 is it in protestantske tsjerke. Yn 1674 stoarte by in stoarm in diel fan 'e tsjerke yn, sadat de toer los fan it tsjerkegebou kaam te stean en it Domplein ûntstie.

De Stichting Vrienden van de Domkerk soarget alle dagen foar iepenstelling fan 'e tsjerke. Yn 2018 besochten likernôch 400.000 minsken de tsjerke.

Oant de tsjerkelike weryndieling fan 1559 wie de Domtsjerke de iennige katedraal fan 'e Noardlike Nederlannen, in gebiet dat rûchwei gearfalt mei it hjoeddeiske Nederlân. Oant de ynwijing fan 'e Sint-Bavokatedraal yn Haarlim wie de domtsjerke de iennige as katedraal boude tsjerke fan Nederlân.

Plattegrûn fan it Domplein mei de Romeinske en midsiuwske bouwurken: 1. Castellummuorren mei poarten en principia, 2. Hillich Krúskapel, 3. Sint-Salvatortsjerke, 4. Dom fan Adelbold, 5. treptuor, 6. Lofen, 7/11/13 Biskopshôf, 8 a/b Domtsjerke, 9. Domtoer, 10 Pânhôf Dom, 12 Mooglik restant biskopstoer.

Fan it tsjerkegebou binne tsjintwurdich allinne it koer, it dwersskip en de toer bewarre bleaun. It skip, wêrfan de bou nea foltôge wie, stoarte yn 1674 by in orkaan yn. De domtoer en de rest fan 'e tsjerke waarden dêrmei fan inoar skieden. Fierder hearre by it kompleks noch in kleastergong en de grutte kapittelseal (hjoed-de-dei de aula fan 'e Universiteit fan Utert), dêr't yn 1579 de Uny fan Utert ûndertekene waard. De lytse kapittelseal fan it domkompleks, dy't eartiids tsjin 'e westlike kant fan 'e kleastergong boud wie, waard yn 'e 19e iuw ôfbrutsen.

De Utertske Dom is nettsjinsteande it ûntbrekkende skip en de fernielings by de reformaasje in belangryk goatysk monumint yn Nederlân. It gebou is ek ien fan 'e ierste foarbylden fan gotyk yn Nederlân en stiet tichteby de klassike Frânske gotyk. Op it plak fan 'e goatyske Dom stiet earder in romaanske katedraal.

Yn 'e midsiuwen wie in kapittel fan koarhearen oan de dom ferbûn, dat in eigen immuniteit besiet. Dêrmei wurdt in gebiet ornearre dêr't de Tsjerke it folsleine gesach besiet. Utsein de katedraal hearden dêr ek de wenten fan 'e koarhearen en tusken 1040 en 1253 it paleis Lofen fan 'e keizer fan it Hillige Roomske Ryk by. De immuniteit grinzge súd oan 'e immuniteit fan 'e nei de reformaasje ôfbrutsen Sint-Salvatortsjerke en it grûngebiet fan 'e biskop, dêr't syn paleis boud wie. Tusken de twa tsjerken yn stie op it grûngebiet fan 'e Sint-Salvator noch in tredde tsjerke, de Hillig-Krúskapel.

Earste tsjerkjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dom is boud op it gebiet fan it eardere Romeinske castellum Traiectum. Midden yn it Romeinske castellum stie doe in stiennen gebou fan likernôch 8 by 7 meter. De oerbliuwsels dêrfan lizze no ûnder it troch de tornado ynstoarte middenskip fan 'e domtsjerke. Mooglik wie dat gebou yn 'e Romeinske tiid in timpeltsje.

Yn 'e iere midsiuwen groeide it âlde Romeinske fort út ta it kastiel Trecht. Dat stikje Utert kin as de widze fan it kristendom yn 'e Noardlike Nederlannen beskôge wurde. It sette mei Frankyske misjonarissen útein, dy't om it jier 630 hinne yn opdracht fan kening Dagobert I yn 'e resten fan it castellum in houten tsjerkje bouden, dat mooglik doe al wijd wie oan harren patroanhillige Sint-Marten. De heidenske Friezen ferneatigen letter dy tsjerke.

Sint-Salvatortsjerke.

Om it jier 695 hinne waard ûnder lieding fan 'e Angelsaksyske muonts Willibrord, dy't troch de paus ta aartsbiskop fan 'e Friezen beneamd wie, in oan Sint-Marten wijde stiennen tsjerke boud. Boppedat stifte Willibrord njonken de Sint-Martenstsjerke in twadde tsjerke, de Sint-Salvator. Fan dat kompleks makke Willibrord is sintrum fan wêrút er Nederlân kerstene. Ek nei syn dea bleau Utert it tsjerklike sintrum foar de kontreien, mei't Gregoarius fan Utert it bestjoer ynrjochte en yn 777 it bisdom Utert stifte waard. By de kleastermienskip ûntstie ek de doe bekende Domskoalle, dêr't geastlike út binnen- en bûtenlân in oplieding krigen.

Wêr't de Sint-Martenstsjerke fan Willibrord krekt stien hat is noch altiten in striidkwestje. Opgravings op it Domplein yn 1929, 1936 en 1993 hawwe gjin útslútsel jûn. It soe it plak fan 'e hjoeddeiske Dom wêze kinne, mar ek dat fan 'e net mear besteande Hillich Krúskapel. Ek is de fraach of de Sint-Martenstsjerke wol sûnt it begjin de haadtsjerke west hat fan it iere bisdom; de Sint-Salvatortsjerke stie letter ommers bekend as de Ald-Munster.

De Wytsings ferneatigen yn 857 de tsjerken en biskop Hunger moast flechtsje. Foar de Utertske biskoppen folge no in lang tiidrek fan ferballing nei Dimter. Mei't yn 922 biskop Balderik werom kaam nei Utert, waarden de tsjerken restaurearre. Balderik werboude of restaurearre de Sint-Martenstsjerke op it hjoeddeiske plak en mooglik wie hy dejinge dy't it Utertske kapittel en de immuniteit yn twaën spjalte en de Sint-Marten ta de haadtsjerke fan Utert makke. Foar de bou fan de goatyske Dom soe de oanwêzigens fan 'e immuniteit fan Sint-Salvator letter noch swierrichheden opleverje.

Balderik fergrutte it oansjen fan 'e nije katedraal troch de oanskaf fan wichtige reliken fan Pontianus en Agnes. Harren feestdagen (14 en 21 jannewaris) waarden yn Utert útwrydsk fierd. Balderik soe ek de earste biskop wêze, dy't yn 'e Sint-Martenstsjerke begroeven waard. Syn foargongers waarden yn 'e Sint-Salvatortsjerke begroeven. It is net bekend hoe de domtsjerke fan Balderik der útsjoen hat.

11e-iuwske pylder en kapiteel fan 'e ottoanske dom, ekposysje Ryksmuseum fan Aldheden, Leien.

In brân makke yn 1017 in ein oan 'e domtsjerke fan Balderik. Dêrnei waard yn in koart skoft op itselde plak in grutte romaanske katedraal boud, dy't op 26 july yn bywêzigens fan keizer Hindrik II en tolve biskoppen wijd waard. Dat bouwurk stiet bekend as de Ottoanske dom of de Adelbolddom, nei biskop Adelbold II, dy't opdracht ta de bou joech.

Fan 'e Adelbolddom is mear bekend en mei help fan opgravings en skriftlike boarnen is der besocht om in rekonstruksje te meitsjen, dy't lykwols hypotetysk is. Der wurdt oannommen dat de romaanske dom in westwurk hie mei dêrfoar in atrium, dat ôfsletten waard troch in foarbou op it plak fan 'e hjoeddeiske toer. It fûnemint fan ien fan 'e twa treptuorren fan dy tsjerke is sichtber yn 'e tún fan it eardere biskopshûs, fuort súd fan 'e hjoeddeiske domtoer. Ek moat dy romaanske katedraal in Martenstoer hân ha, dy't de foargonger wie fan 'e hjoeddeiske domtoer.

Yn 2008 fûnen argeologen súdwest fan 'e domtoer fûneminten fan it 11e-iuwske biskoplike paleis. Nei alle gedachten waard it ûnder biskop Adelbold boud nei de brân fan 1017. Ek waard dúdlik dat de westlike muorre fan it Romeinske castellum foar it paleis ôfbrutsen wurde moast.

Adelbolds opfolger, biskop Bernold, makke fan 'e dom om 1040 hinne it sintrum fan in tsjerkekrús. Hy joech de oanset om om it besteande gebou fjouwer nije tsjerken te bouwen: de Piterstsjerke yn it easten, de Jânstsjerke yn it noarden, de tsjerke fan 'e Paulusabdij yn it suden en de Marijetsjerke yn it westen (de Marijetsjerke waard pas ûnder biskop Koenraad boud). Yn 'e Dom fan Adelbold sels waarden de yngewanten fan twa yn Utert ferstoarne Dútske kenings byset: Koenraad II († 1039), en keizer Hindrik V († 1125). Harren omskotten waarden nei de Dom fan Spiers oerbrocht.

Yn 1131 en 1148 rekke de Adelbolddom by stedsbrannen skansearre. By de twadde brân wie de skea sa't it liket tige grut, want de tsjerke waard earst wer op 22 july 1173, op 'e feestdei fan Marije Magdalena, op 'e nij ynwijd. oant de reformaasje bleau dat de offisjele tsjerkewijingsdei, dy't alle jierren mei festiviteiten fierd waard mei in prosesje mei de reliken fan Pontianus en Agnes troch de stêd en in tweintich dagen lange merke.

In nije brân op 29 april 1253 duorre njoggen dagen en lei it grutste part fan 'e stêd yn 'e jiske. Hoe grut de skea oan 'e domtsjerke west hat, is net nei te gean, mar yn alle gefallen waard doe besletten om in hiele nije domtsjerke yn 'e goatyske styl te bouwen. Dielen fan 'e Adelbolddom bleaune lykwols noch oant it ein fan 'e 15e iuw yn gebrûk.

Bouskiednis goatyske domtsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is mooglik dat biskop Hindrik fan Vianden sels de oanset joech ta de nijbou. Hy wie earder domproast yn Keulen, dêr't yn 1248 in begjin makke waard mei de bou fan in nije goatyske katedraal. Yn it jier 1254 lei er de earste stien foar in koeromgong fan 'e nije Utertske dom.

Tastimming fan paus Klemens IV foar de ferkeap fan ôflaten.

It wurk eine ynearsten net hurd, want der moast earst jild komme. Sa joech paus Klemens IV yn 1265 in ôflaat foar de bou, en biskop Gerard fan Múnster die dat ek nochris yn 1267. Om mear sinten te krijen waard der yn 'e 800 parochy's fan it bisdom jild ynsammele en ek it rûnreizgjen fan 'e Utertske reliken troch it bisdom moast jild opsmite. It besykjen om 'e domtsjerke as beafeartstsjerke belangriker te meitsjen mislearre. Earst doe't de elekt Jan fan Nassau yn 1288 in rige maatregels naam om de finansiering feilich te stellen, kaam de bou goed op 'e gong.

Mooglik giet de plattegrûn fan 'e koeromgong mei de kapellekrâns werom op dy fan Us-Leaffrouwekatedraal fan Doarnik of dy fan Soissons, mar de opbou is earder besibbe oan dy fan 'e domtsjerke fan Keulen. Omreden dêrfan wurdt der wol ornearre dat de boumaster Gerhard fan Keulen by de bou belutsen west hat.

Grêfmonumint Gwide fan Avesnes.

Om 1295 hinne wie de koeromgong foltôge en dêrnei waard neffens in ôfwikend plan fierder wurke mei it súdlike sydskip fan it koer mei de grêfkapellen fan 'e biskoppen Jan fan Arkel en Gwide fan Avesnes. Dat diel waard om 1320 hinne foltôge.

Tusken 1320 en 1350 ûnstie it noardlike sydskip fan it koer mei de oanslutende kapellen en sakristy yn it wat ienfâldiger útfierings as it súdlike sydskip. It omtinken gie doe fral út nei de ûnbidige toer, dy't tusken 1321 en 1382 boud waard. Om hokker reden dy toer ynienen foarrang krige is net bekend. De teory dat biskop Freark II fan Sierck ferlet hie fan in sterke ferdigeningstoer dêr er him by need skûl hâlde koe, wurdt net troch alle histoarisy ûnderstreke. Dat der foar ien toer keazen waard en net foar twa tuorren lykas dat by katedralen wenst wie, hie nei all gedachten te meitsjen mei brek oan romte. De westlike kant fan 'e dom wie nammentlik al foar it measte beboud.

De earste bouwmaster fan 'e toer wie in Jan út Henegouwen, dy't opfolge waard troch Godyn fan Dormael út Luik en Jan fan 'e Doem, dy't de achthoekige lantearne boud hawwe sil. It soe kinne dat de toer fan de munster yn in Freiburg im Breisgau as ynspiraasjeboarne tsjinne foar de lantearne. Mooglik moast der ek noch lykas yn Freiburg in hege, iepen stiennen spits op komme.

Yn 'e oarspronklike plannen foar de nije goatyske katedraal waard útgien fan in dwersskip mei sydskippen. By it begjin fan 'e bou fan 'e toer die lykwols bliken dat de tsjerke net sa fier nei it westen ta útboud wurde koe. It kapittel fan Sint-Salvator woe nammentlik dat der tusken de tsjerke en de toer in trochgong bliuwe soe, sadat se sûnder ekstra ynspannings by harren besit noardlik fan de dom komme koene. Dêrfandinne waard ek it koer ien travee koarter as it plan wie.

Nei de foltôging fan 'e toer koe yn it lêste fearn fan 'e 14e iuw lang om let de lantearne op it koer set wurde, mar wol minder heech as it doel wie. De styl dêrfan komt oerien mei dy fan 'e lantearne op 'e toer. Ek waarden no it súdeastlike portaal, de eastlike en súdlike earm fan 'e kleastergong súd fan it koer en it grutte kapittelhûs boud. De bou stie doe ûnder lieding fan boumasters Jan fan 'e Doem en Aernt Bruun. Likernôch om 1420 hinne kaam der in bouskoft.

Nei it bouskoft pakten de biskoppen Rudolf fan Diepholt en David fan Boergonje it wurk wer mei faasje op. It dwersskip, de grêfkapel fan Rudolf fan Diepholt, de westlike earm fan 'e kleastergong, it net mear besteande, lytse kapittelhûs en de domskoalle waarden tusken 1440 en 1479 ûnder lieding fan boumaster Jakob fan 'e Borch boud. De sitewaasje waard om 1460 hinne fêstlein op 'e eftergrûn fan in retabel fan 'e Krusiging, dat hjoed-de-dei yn it Sintraal Museum fan Utert bewarre wurdt. Yn 1447 waard ûndertusken it nije paleis foar de biskop súdwest fan 'e domtoer yn gebrûk nommen.

No waard ek it romaanske skip fan 'e Adelbolddom ôfbrutsen en sûnt 1485 ferfongen troch in útwrydske, fiifskippige bou mei in rige kapellen. De nije boumaster Cornelis de Wael paste dêrby de flamboyante styl ta. De toer bleau fjouwer meter fan it nije skip stean, want it Salvatorkapittel setten it wer yn 'e kant en woe dêr in trochgong hâlde. Dêrom waard de toer mei in koarte brêge oer de trochgong mei it skip ferbûn. Yn dy brêge wie in kapel ûnderbrocht.

Tagelyk mei de bou fan it skip waarden in pear dingen oan 'e âldere boudielen fan 'e tsjerke feroare. Yn 1495 waard it grutte kapittelhûs ferboud, wêrby't de ferdjipping weibrutsen waard, sadat der ien grutte, monumintale romte ûntstie. Yn 1496 waard de sakristy mei de bibleteek eastlik útwreide en yn 1498 waard de kapel foar de Domproasten tafoege.

Ynterieur fan de dom yn 1636
Pieter Janss. Saenredam

Mei't yn 1517 it jild op rekke, waard der in ein makke oan it wurk oan it skip. Der waard minder offere en ek de parochy's droegen minder by. It kapittel slagge der yn 1519 noch yn om in stik fan in earmbonke fan Sint-Marten oan te skaffen, mar ek dy brocht gjin klibers folk mear op 'e fuotten.

De dom (1660) foar it ynstoarten fan it middenskip.

Doe't der in ein oan 'e bou kaam, hiene it skip en it dwersskip noch gjin stiennen ferwulft mar in houten plafond, dat op de tekening fan Saenredam te sjen is (sjoch ôfbyld). Dêrnjonken wiene der gjin loftbôgen oanbrocht. Fan 'e bûtenste sydskippen mei kapellen wiene allinne de earste trije eastlike traveeën realisearre.

Yn 'e jierren 1517-1521 krige de toer noch in renovaasje. Dêrby krige it ûnderste fjouwerkant letgoatyske balustrades. Dêrnei waard der net fierder wurke oan 'e domtsjerke.

List boumasters

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jan út Henegouwen (Jan van 'e Doem I) ± 1320–1357
Godyn fan Dormael 1357–1360
Jan fan 'e Doem II 1360–1396
Aernt Bruun 1396–± 1440
Willem fan Boelre ± 1440–± 1442
Henric fan Bontsfort ± 1442–1444
Jacob fan 'e Borch 1444–1475
Cornelis de Wael 1476–1505
Alard fan Lexweerd 1505–1517
Claes Mertensz 1517–1551

Krityk fan Geert Grote

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dat de bouw fan 'e Utertske domtoer net by elkenien goed foel, docht bliken út de wurden fan Geert Grote, dy't fan 1371 oant 1374 kanunnik fan 'e Dom wie. Yn it traktaat Contra turrim Traiectensem ('Tsjin de Utertske toer') dat er yn dy jierren skreau, wied er min te brûken oer de bou fan 'e toer, dy't doe al oant de lantearne ta wie[1]

Neffens de ferneamde boetepreker Geert Grote tsjinne de toer gjin algemien nut en wie dy, as in twadde toer fan Babel, it symboal fan heechmoed en fergriemerij. Hy foarsei dat de toer gau ynstoarte soe en tocht de earste skuorren al te sjen. Nei alle gedachten dielden net in soad minsken dy krityk, want syn traktaat waard net in soad lêzen.

Wol is it fêststeld dat der by de bou fan 'e toer al in skuor troch it twadde fjouwerkant rûn, dy't lykwols op 'e tiid reparearre wurde koe.

Geastlik libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kapittelseal.

Lykas oan alle katedralen wie oan de domtsjerke in kapittel ferbûn mei oan it haad de domproast. Hy wie nei de biskop de twadde man fan it bisdom. It deistich bestjoer fan it kapittel wie yn hannen fan 'e domdeken. Der wiene meiïnoar 41 prebenden ferbûn oan it kapittel, wêrfan't 38 foar kanunniken: njoggen preester-kanunniken, tsien diakenen, tsien subdiakenen en njoggen kanunniken-learlingen. Hja foarmen tegearre it bestjoer oer it kapittel en de immuniteit, wylst harren liturgyske taak bestie út it opdragen fan missen, gesangen en gebeden yn it domkoer. Njonken de koarhearen hiene de kapelanen in wichtige funksje. Harren belangrykste taak wie it lêzen fan 'e missen foar ferstoarne parochianen.

De 14e-iuwske domkanunnik Hugo Wstic skreau yn 1342 in boek, dêr't er de regels en brûkmen yn 'e domtsjerke beskreau, it saneamde Liber camere of Camerboeck. Syn beskriuwing fan 'e gong fan saken yn 'e dommienskip krige yn 'e lette midsiuwen de status fan paadwizer by de organisaasje fan ferskillende geastlike ynstellings.

Yn 'e 16e iuw briek polityk en religieus in tiid fan ûnstjoer oan. Yn 1528 fûn yn 'e kapittelseal fan 'e domtsjerke de plechtige oerdracht fan 'e wrâldske macht fan 'e biskop oan keizer Karel V plak, dy't doe hear fan Utert waard. Yn 1546 rôp Karel V de ridders fan it Gulden Flues byinoar foar harren gearkomste yn it domkoer.

Ynterieur.

Wylst Utert troch de biskoplike weryndieling yn 1559 in aartsbisdom waard, krigen de protestanten jimmeroan mear oanhing. Krekt as wie der neat oan 'e hân waarden yn 1563 noch nije koerbanken yn 'e domtsjerke set en yn 1571 waard in nij oargel yn gebrûk nommen. Yn 1578 ferkocht it kapittel noch in grut part fan 'e tsjerkeskat yn 'e hope om sa it skip ôf te bouwen, mar de opbringst wie mar krekt genôch om 'e skulden ôf te beteljen en efterstallich ûnderhâld út te fieren.

Yn 'e lannelike polityk groeide it ferset tsjin 'e Spanjaarden. De noardlike lânsdielen ferienigen har en op 23 jannewaris 1579 waard yn it grut kapittelhûs fan 'e domtsjerke de Uny fan Utert ûndertekene, dy't de basis lei foar wat in pear jier letter de Republyk fan 'e Sân Feriene Nederlannen wurde soe. Greve Jan fan Nassau naam dêrta it inisjatyf, dy't yn 1883 in stânbyld op it Domplein krige.

Retabel fan 'e Arkelkapel mei spoaren fan 'e Byldestoarm.

Yn 1566 wie de Byldestoarm op haren en snaren oan 'e domtsjerke foarby gien, mar nei it saneamde ferrie fan Rennenberg op 3 maart 1580 wiene de rapen gear. Op 7 maart krongen kalvinisten de tsjerke yn en holden dêr slim hûs. Sels hjoed-de-dei binne noch spoaren fan 'e fernielings by dy byldestoarm te sjen.

Om noch mear geweld tefoarren te kommen waarden de kapitteltsjerken troch Willem fan Oranje sletten. Willem fan Oranje wie foar Filips II steedhâlder fan Utert. De kalvinisten setten de ried fan Utert sa ûnder druk, dat op 15 juny alle katolike missen ferbean waarden. Dêrmei wiene de radikale protestanten noch net tefreden. Op 28 july kreaken hja de domtsjerke, sadat Werner Helmichius dêr in protestantske preek hâlde koe. De ried liet dat net oer har hinne komme; de tsjerke waard ûntromme en de doar gie wer op 't slot.

Al rillegau dêrnei krigen de katoliken permisje om harren ferstoarne tsjerkefoarst, aartsbiskop Freark Schenck fan Toutenburg, in ienfâldige begraffenis yn 'e domtsjerke te jaan. De plechtichheid op 30 augustus waard lykwols troch protestanten fersteurd, dy't dwers troch it katolike De profundis hinne harren eigen ferzje fan psalm 130 songen. De begraffenis soe foar in hiel skoft de alderlêste iepenbiere katolike utering wêze. Op 15 jannewaris 1581 waard de domtsjerke definityf troch de kalvinisten yn gebrûk nommen en fan alle katolike oantinkens suvere.

Mei dy suvering ferdwûnen alle bylden en alters en waard it oksaal ferfongen troch in koerstek mei yn it midden dêrfoar in preekstoel. Ek de brânskildere ramen waarden stadichoan ferwidere en yn 'e tsjerke waarden grutte kroanluchters ophongen. De koerbanken bleaune noch in skoft stean, mar dy moasten der yn 1695 lang om let ek oan leauwe. De Utertske gelearde Aernout fan Buchel besocht mei beskriuwings en tekenings safolle mooglik fêst te lizzen fan wat drige te ferdwinen en syn wurk foarmet no in wichtige boarne foar it ûndersyk nei de net mear besteande ynvintaris fan 'e dom.

Noch slimmer wie it lot fan 'e Sint-Salvatortsjerke, dy't fuort súdlik fan 'e domtsjerke stie. De Sint-Salvatortsjerke waard yn 'e jierren 1582-1587 oant en mei de fûneminten ôfbrutsen. It paleis fan 'e biskop waard yn gebrûk nommen troch de steedhâlder en letter troch de militêre gûverneur, dy't yn 1634 in nije tagongspoarte oan 'e Servetstraat bouwe liet. Nuvergenôch bleau it domkapittel noch in hiel skoft bestean as fermogensbehearder en as ûnderdiel fan 'e Steaten fan Utert. De nijbeneamde kanunniken wiene lykwols altiten protestanten.

Mei de besetting fan Frânske troepen fan Loadewyk XIV yn it rampjier 1672, waard de domtsjerke wer in katolike tsjerke. De protestantske preekstoel krige in symboalyske giseling en de tsjerke krige wer provisoaryske alters en bychtstuollen. Op 10 juny waard der wer in misse fierd en Emmanuel-Théodosius de La Tour d'Auvergne, kardinaal fan Bouillon, wijde de tsjerke op 30 juny wer plechtich yn.

Dat bleau net lang sa want noch foar de ôftocht fan 'e Frânsen op 23 novimber 1673 namen de protestanten de tsjerke wer oer.

De orkaan fan 1674

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It ynterieur yn 1674.<br.Hendrick van Vliet.

Op woansdei 1 augustus 1674 raasde in fûle stoarm oer Nederlân en Belgje. Healwei achten wie de orkaan oan Utert ta, dêr't de stoarm is soad skea feroarsake. Troch de stoarm sakke it middenskip fan 'e domtsjerke as in kaartehûs yn. De ramp waard útlein as de Donderbasuyne Godts, dy't de befolking foar harren goddeleazens en idelteuterij nei de befrijing fan 'e paapske Frânsen straffe woe. De Utertske skilder Herman Saftleven makke yn 1674 en 1675 in rige tekeningen fan 'e skea, dy't er oan 'e stêd ferkocht en no bewarre wurde yn it Utertsk Argyf.

Ruïnes fan de domtsjerke.

Wylst de tsjerke slim skansearre wie, waard yn 1676 it grêfmonumint fan 'e seeheld Willem Joseph fan Ghent yn it koer foltôge troch Rombout Verhulst. Yn 1680 waard it omskot fan Van Ghent, dy't ek domkanunnik wie, op it plak byset. In jier letter waard yn 1679 de dichter Everard Meyster yn 'e domtsjerke begroeven.

It kapittel liet yn 'e jierren 1677-1682 de meast nedige saken wer reparearje. Der kaam yn 1678 in nije tagong oan 'e noardlike kant fan 'e tsjerke en yn 1690 waarden de iepen bôgen fan it dwersskip tichtmitsele, dêr't it ferneatige skip earder op oanslette.

De resten fan 'e ynstoarte tsjerke soene oant 1826 lizzen bliuwe. De ruïnes fan it skip tsjinnen as begraafplak, mar it waard ek in plak dêr't sodomiten inoar temûk sochten. It ferhaal wol dat fral Frânske en Italjaanske diplomaten, dy't om 1713 hinne foar de Frede fan Utert de stêd besochten, dêr mei it sykjen nei seksuële kontakten mei manlju in berucht plak fan makke ha. Dat waard hieltiten bekender by it folk en yn 1730 late it ta de grutste ferfolging fan homoseksuëlen dy't Nederlân ea kend hat. Mei de útdrukking "hy komt efter de dom wei" wurdt yn 'e Nederlânske taal noch altiten in homoseksuëel persoan ornearre, lykas ek de namme Utrechtenaar.

Nei't yn jannewaris 1795 de Bataafske Republyk útroppen waard, fûn yn febrewaris in soarte fan politike byldestoarm yn 'e tsjerke plak. In groep Frânsksinnige patriotten ûnder oanfiering fan Jan van Lidt de Jeude oerfoelen it gebou en fernielden de aadlike wapenbuorden en grêfmonuminten. Sa waard ek it grêf fan Anna Elisabeth fan Solms, de widdo fan 'e lêste militêre gûverneur fan Utert, skeind. Har wente, it eardere biskoplike paleis njonken de domtoer, waard yn 1800 foar de ôfbraak ferkocht en trije jier letter mei de grûn lyk makke.

Yn 1811 hefte keizer Napoleon de Utertske kapittels op, sadat de domtsjerke en al it besit fan it kapittel oan it Ryk tafoelen. Al yn 1823 fûn der op 'e nij in oerdracht fan besit plak, wêrby't de toer definityf fan 'e tsjerke skieden waard. De toer kaam yn hannen fan 'e gemeente en de herfoarme gemeente krige dêrfoar in fergoeding, wylst de tsjerke yn it besit bleau fan de herfoarme gemeente.

It pún fan it skip waard yn 1826 einlings romme foar it ynrjochtsjen fan it hjoeddeiske domplein. Doe waard ek de tichtebylizzende Hillich Krúskapel ôfbrutsen. By de orkaan waarden trije kapellen fan it skip net fernield, mar yn 1847 waard dochs noch ien fan dy kapellen ôfbrutsen. Mei reade en swarte stientsjes waarden letter it plak fan it eardere skip, de Hillich Krúskapel en de Aldmunstertsjerke op it Domplein yn 'e strjitflier oantsjut. Yn 2017 is dy dúdliker oanbrocht. Ek de midsiuwske konsistoarje súd fan 'e domtoer waard letter ôfbrutsen.

Mei de fergoeding dy't de herfoarme gemeente krige koe de tsjerke tusken 1824 en 1831 renovearre wurde. Arsjitekt Tieleman Franciscus Suys makke it ûntwerp foar de ferbouwing, dat troch Christiaan Kramm en de Utertske stedsarsjitekt Johannes van Embden útfierd waard. Yn it koer liet Suys in soarte fan houten amfiteäter bouwe, de saneamde 'huoddedoaze', en tsjin de frijkommen westlike muorre fan 'e tsjerke ûntwurp er in ier-neogoatysk portaal, dy't de bynamme de "pûst fan Suys" krige (1831). Al dy tafoegels binne letter wer ferwidere. Wat bleau is it doe nije oargel, dat tsjin 'e westlike muorre set waard en de skynferwulften fan stúkwurk wêrtroch de houten souder net mear te sjen is. De âlde kroanluchters waarden doe troch moderne gasferljochting ferfongen.

Oan 'e bûtenkant gie it ferfal fan 'e domtsjerke lykwols gewoan troch. Ek wie der al foar in lang skoft gjin ûnderhâld oan 'e toer útfierd. By in stoarm op 29 novimber 1836 rûn de lantearne grutte skea op. In stik fan it ferwulft stoarte del en de pylders rekken út it lead. Der waard oer neitocht om it achthoekige diel ôf te brekken, mar op oantrunen fan 'e nije arsjitekt Johannes van Maurik folgen provisoaryske reparaasjes. Foar de wissichheid waarden lykwols alle ballustrades en oare útstekkende eleminten, foar safier't dy noch oanwêzich wiene, ferwidere. Ek de pânhôf lei der yn dy tiid noch sleau by.

Healwei de 19e iuw sette in earste grutte restauraasje ûnder lieding fan N.J. Kamperdijk útein. Hy brocht in tal feroarings oan dy't diskutabel wiene, lykas de tafoeging fan natoerstienen maaswurk yn 'e topgevels fan it dwersskip, dy't oant dan ta leech wiene. Ek foege er boppe de finsters yn 'e westlike gevel fan it dwersskip frontalen ta, dêr't oarspronklik foar in oare oplossing mei fialen keazen wie, dy't paste by de styl fan it net mear besteande skip. Kamperdijk waard yn 1875 opfolge troch F.J. Nieuwenhuis. Dy kaam yn konflikt mei de adviseurs fan it regear, wêrûnder Pierre Cuypers, oer de oerkaping fan 'e koeromgong. De jildkraan waard stopset en it wurk útsteld.

Yn 1921 sette in nije restauraasjefaze yn ûnder lieding fan arsjitekt D.F. Slothouwer, wêrby't fral it ynterieur omtinken krige. De "huoddedoas" yn it koer waard wer ôfbrutsen en ferfongen troch nij meubilêr neffens in ûntwerp fan Willem Penaat. Yn 1938 waard de ier-neogoatysk "pûst fan Suys' ôfbrutsen en dêrmei kaam ynearsten wer in ein oan de restauraasje.

Tusken 1979 en 1988 waard in hiele grutte restauraasje útfierd ûnder lieding fan ir. T. van Hoogevest. Dy restauraasje wie ek nedich om 't by de eardere restauraasjes materiaal brûkt wie, dat net waarbestindich wie. Fierder waard de goatyske oanklaaiïng, dy't by de eardere restauraasjes noch net ôf wiene, foltôge.

Sûnt septimber 2017 waard op 'e nij útein set mei in fasearre restauraasje.

De domtoer ûndergie tusken 1901 oant 1931 in grutte restauraasje. Dat wurk fûn plak ûnder lieding fan F.J. Nieuwenhuis en Pierre Cuypers, letter opfolge troch G.W. van Heukelom, dy't ek it ûntwerp makke foar in besikersgebou njonken de toer. Ek dêrnei is de toer ferskillende kearen ûnder hannen west.

De domtsjerke wurdt brûkt troch it yn 1970 ynstelde Citypastoraat Domkerk, in gemeente yn de Protestantske Tsjerke yn Nederlân mei in oekumenysk karakter.

Njonken it tsjerklike gebrûk wurdt de domtsjerke ek iepensteld foar eveneminten, lykas de dies natalis en de iepening fan it akademysk jier fan 'e Universiteit fan Utert.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan it rike goatyske ynterieur binne mar in pear keunstwurken bewarre bleaun, sûnt de Byldestoarm fan 1580 faak ek noch yn in skansearre steat. By restauraasjes kamen se wer oan it ljocht. Oare keunstwurken binne nei de reformaasje yn 'e tsjerke set.

Keizerstientsjes.
  • Yn 'e apsis lizze in pear tegeltsjes yn 'e flier mei rykswapen, kroan en ynskripsjes. Se betinke it plak dêr't de yngewanten fan de twa Dútske kenings begroeven binne. De stientsje binne jonger as de stjerdatum fan 'e kenings en binne yn 1460 lein, doe't de oarspronklike tombe yn it romaanske dwersskip ôfbrutsen waard foar de goatyske nijbou.
  • Yn it dwersskip is ûnder in lûk in stikje fan 'e 13e-iuwske mozaykflier te sjen fan 'e romaanske foargonger.
  • De skeinde grêftombe fan biskop Gwide fan Avesnes stiet yn 'e kapel, dy't syn namme draacht. Yn dy kapel is noch in âlde muorreskildering út 1430 fan 'e Krusiging te sjen. De biskop ferstoar yn 1317 en krige in tombe fan swart moarmer. Njonken de kapel stiet de kapel fan Fan Arkel, dêr't in selde soarte tombe stien hat. De resten fan 'e sydkanten binne ferwurke yn it ôfslutende stek en yn 'e flier.
  • Njoggen fan 'e tolve baldakinen tsjin 'e koerpylders út 1340 binne noch sichtber. Under de baldakinen stiene foar de reformaasje de bylden fan 'e tolve apostels. Fan it skilderwurk efter de bylden binne ek noch resten sichtber.
  • De kapel fan Rudolf fan Diepholt is fersierd mei dekoratyf byldhouwurk út 'e boutiid.
  • De poarte nei de sakristy datearret fan 1497 en hat byldhouwurk fan Hindrik Bontmaker en in houtfike doar fan Jan fan Schayck.
  • Yn 'e kapel fan biskop Jan fan Arkel is in beskildert, stiennen alter mei in foarstelling fan Anne Trijeresom út likernôch 1500, dat ek by de Byldestoarm fernield waard.
  • It Hillich Grêf yn 'e koeromgong út 1501-1507 troch Gerrit Splinterssoan mei in Kristusbyld yn 'e tombe waard skeind by de Byldestoarm en is yn in mingstyl fan gotyk en renêssânse. By de tombe knibbelen oarspronklik oan eltse kant in ingel.
  • De senotaaf foar biskop George fan Egmond út 1549 is in monumint yn suvere renêssânsestyl. It bestiet út in bôge, wêrûnder eartiids it byld fan 'e knibbeljende biskop stien hawwe sil. Yn 'e Latynske tekst oan 'e binnenkant fan 'e bôge wurdt skreaun dat der foar ivich op alle earste tongersdeis fan 'e moanne in misse opdroegen wurde moat foar de siel fan 'e biskop.
  • Yn 'e noardlike earm fan it dwersskip binne fragminten fan 'e koerbanken út 1563 fan byldfiker Anthonis Peterssoan ferwurke.
  • Mei't de tsjerke yn 1827 moderne gasferljochting krige binne de trije 17e-iuwske kroanluchters ferkocht. Yn 1951 binne de kroanluchters troch in skinking werom kommen yn 'e dom. De kroanluchters yn it dwersskip binne kopyen.
Grêfmonumint Willem Joseph fan Ghent.
  • Op it plak fan it midsiuwske haadalter stiet hjoed-de-dei it grêfmonumint fan 'e seeheld Willem Joseph fan Ghent, dy't in wichtige rol spile by de Tocht nei Chatham en op 7 juny 1672 ferstoar yn 'e Slach by Solebay. It monumint fan 'e seeheld yn fol ornaat is in keunstwurk fan Rombout Verhulst út 1676.
  • It grêfmonumint fan grevinne Anna Elisabeth fan Solms (1616-1706) waard yn 1795 troch Frânsksinnigen fernield en is dêrnei foar in part rekonstruearre. De kapel wurdt ôfsletten troch in stek, wêrfan't it letgoaytske stiennen diel út de boutiid fan 'e tsjerke stamt.
  • It grêfmonumint foar kanunnik Hindrik fan Nellesteyn (ferstoarn yn 1747) en syn frou Stephanie (ferstoarn yn 1735) is yn in Loadewyk XIV-styl.
  • De brânskildere ramen fan 'e finsters fan it dwersskip binne neffens in ûntwerp fan Richard Roland Holst. It raam fan 'e fjouwer evangelisten yn 'e súdkant stamt út 1926, it raam mei âldtestamintsyske symboalen yn 'e noardkant út 1936.
  • It krús yn 'e betinkingskapel waard yn 1965 makke troch Carel Kneulman foar de Fersoeningstsjerke by it konsintraasjekamp Dachau, mar waard dêr nea delset.
  • De brûnzen tagongsdoarren fan 'e domtsjerke út 1996 binne makke troch de Utertske byldhouwerr Theo van de Vathorst.
  • Yn 'e tsjerke lizze op ferskillende plakken grêfsarken yn 'e flier út de 14e oant de 17e iuw.

De earste fermelding fan in oargel yn 'e domtsjerke giet werom op 1342. It hong oan 'e noardlike muorre fan it romaanske skip en ferhûze by de ôfbraak dêrfan yn 1481 nei de eastlike muorre fan it noarder dwersskip. Dat ynstrumint waard yn 1569-1571 ferfongen troch in nij oargel op itselde plak.

Haadoargel.

De skiednis fan it hjoeddeiske oargel giet werom op it jier 1568, doe't it domkapittel foarljochting ha woe foar it ferfangen fan it midsiuwske oargel. Yn 1569 waard oan Pieter Janss. de Swart (1536-1597) dy opdracht jûn. Dat wie de grutste oargelmakker dy't de stêd ea hân hat. Hy boude in oargel fan trije manualen en pedaal mei likernôch 1450 pipen. Yn 1825 mochten de bruorren Jonathan en Johan Bätz in nij ynstrumint bouwe. By de nijbou waard in grut part fan it 16e-iuwske piipwurk op 'e nij brûkt. Dat oargel ûntstie yn 'e jierren 1828-1831 en hie fyftich registers en 3698 pipen, ferdield oer haadwurk, boppewurk, rêchposityf en pedaal. De oargelkas wie fan 'e Brusselske arsjetekt Tieleman Franciscus Suys (1783-1861). Nei 1831 gyngen by feroarings oan it ynstrumint dochs noch 160 16e-iuwske pipen ferlern. Op 7 juny 1975 waard in restauraasje fan 'e bruorren Van Vulpen foltôge, dy't as doel hie it ynstrumint yn 'e sitewaasje fan 1831 werom te bringen. By de restauraasje bleaune 1013 pipen fan it oargel út 1571 en it piipwurk fan 'e bruorren Bätz sparre. Foar de rekonstruksje fan it 16e-iuwske piipwurk binne de maten folge fan it oargel yn 'e Hooglandse Kerk fan Leien, dat ek troch De Swart boud waard. Foar it net mear besteande piipwurk fan Bätz waarden de maten oernommen fan gelikense registers yn 'e oargels fan de Rûne Lutherske Tsjerke fan Amsterdam en de Nije Tsjerke fan Delft, ek ynstruminten fan 'e famylje Bätz. Sa binne der fiifhûndert nije pipen makke neffens de mensueren en materialen fan 'e eardere faktuer.

De oargelkas waard yn 1975 op 'e nij yn 'e kleuren fan 1831 skildere.

Fierder hat de domtsjerke noch twa kammenetoargels. It iene is yn 1796 troch Gideon Thomas Bätz boud en stie oarspronkelik yn it kastiel Middachten. It oare ynstrumint bestiet út piipwurk út likernôch 1670 en wurdt taskreaun oan Apollonius Bosch en waard troch de bruorren Van Vulpen yn in nije kast boud.

Ek hat de tsjerke noch twa kistoargels fan 'e firma Vierdag (1969) en fan 'e firma Klop (2008).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Dom van Utrecht

  1. Tekst derfan en de oersetting oer DBNL oanwêzich yn: Geert Grote, Geert Grootes Tractaat 'Contra turrim Traiectensem' teruggevonden (ed. R.R. Post). Martinus Nijhoff, Den Haag 1967; nije útjefte: - Gerardi Magni Contra turrim Traiectensem, ed. R. Hofman (Corpus Christianorum, Continuatio Mediaeualis 192), Turnhout: Brepols (2003), 745-814.