Senotaaf

Ut Wikipedy

In senotaaf (út it Gryksk: kenos = leech, taphos = grêf) is in grêfteken dat al sûnt de klassike âldheid oprjochte wurdt ta neitins oan ferstoarnen waans stoflik omskot earne oars is of net mear te finen is.

In senotaaf waard (en wurdt noch wol) faak in de muorre fan in tsjerke oanbrocht. De grêven fan pausen yn de Sint-Piter yn Rome binne bygelyks senotafen. De echte grêven lizze op oare plakken. Op it Forum Romanum is ek in senotaaf: Lapis Niger; it is de hjitting dat it in grêfmonumint foar Romulus is, oftewol in oantins foar syn opnimming yn de himel as de god Kwirinus.

In oar bekend foarbyld yn Jeropa is de senotaaf (Cenotaph) op Whitehall yn Londen, dy't koart nei de Earste Wrâldkriich oprjochte waard en dy't it plak fan jierlikske Remembrance Day is. In Nederlânsk foarbyld is de senotaaf fan admiraal Jakob fan Wassenaer Obdam yn de Grutte of Sint-Jakobstsjerke yn De Haach. Yn België binne de Ieperske Menenpoarte en it Tyne Cot Cemetery bekende foarbylden. Tegearre hawwe se de nammen fan sa'n 90.000 soldaten fan it Britske Mienebest út de Earste Wrâldoarloch dy't misse.

Ek bûten Jeropa binne senotafen te finen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]