Springe nei ynhâld

Sint-Bavokatedraal (Haarlim)

Ut Wikipedy
Katedrale basilyk Sint-Bavo
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Haarlim
adres Leidsevaart 146
koördinaten 52° 22' N 4° 37' E
Tsjerklike gegevens
bisdom Haarlim-Amsterdam
patroanhillige Bavo fan Gint
status Basilica minor
Arsjitektuer
arsjitekt Joseph Cuypers
boujier 1895-1930
boustyl Eklektisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 19555
Webside
Side Bavokatedraal
Kaart
Sint-Bavokatedraal (Haarlim)
Sint-Bavokatedraal

De Katedrale basilyk Sint-Bavo (ek: de Nije Bavo of KoepelKatedraal) yn Haarlim is de katedraal fan it bisdom Haarlim-Amsterdam. De troch biskop Caspar Bottemanne stifte tsjerke waard oan it ein fan 'e 19e iuw troch Joseph Cuypers, in soan fan Pierre Cuypers, yn neogoatyske en neoromaanske styl boud.

De katedraal is wijd oan de hillige Bavo, de patroanhillige fan 'e stêd. De ferearing fan Bavo komt út Gint, dêr't Haarlim in hannelsrelaasje mei hie. De bou sette yn 1895 útein en waard yn 1930 foltôge. Paus Pius XII ferliende de Bavotsjerke op 2 maaie 1948 de earetitel fan basilyk. Nei de Sint-Jan yn De Bosk is de Bavokatedraal de grutste roomske tsjerke fan Nederlân.

Om betizing mei de Grutte of Sint Bavotsjerke yn it sintrum tefoarren te kommen, waard de namme fan de katedraal feroare yn KoepelKatedraal. Under dy namme wurket de katedraal nei bûten ta mei in kombinaasje fan tsjerklike funksje en kulturele aktiviteiten. De aktiviteiten wurde organisearre troch de Stichting Kathedrale Basiliek Sint Bavo, dy't it behâld fan it gebou neistribbet.

Sint Bavo, patroanhillige fan de katedraal

De Bavotsjerke moast de Sint-Joazeftsjerke oan it Begynhôf yn de binnenstêd as katedraal ferfange en boppedat ek as parochytsjerke foar de noch út te fieren stedsútwreiding súdlik fan it sintrum tsjinje. De opdracht foar it ûntwerp waard yn 1893 oan Jos Cuypers ferliend, yn de ferwachting dat syn heit Pierre Cuypers syn meiwurking oan it risseltaat jaan soe. De jonge Cuypers, dy't oant doe mar in pear tsjerken bouwe litten hie, tekene in gebou yn neogoatyske styl. Dat oarspronklike plan soe lykwols in soad feroarings ûndergean. Doe't de bou yn 1895 begûn, waard alderearst in grut koer yn neoromaanske styl oplutsen. Dat koer, mei in healrûne apsis, in dwerchgalerij en strielkapellen, waard foltôge yn 1898.

De bou fan it op it koer oanslutende transept en it skip folge tusken 1902 oant 1906. Dêrmei feriisde der in krúskoepeltsjerke, wêrby't it transept ynfloeden ûndergyng fan de Moarske arsjitektuer yn Spanje. Yn de fieringtoer mei koepel, en it noardlik portaal, kaam wer Cuyper's niget oan de Yndiaase arsjitektuer oan de oarder. Noch mear kaam dy niget oan it ljocht by syn ûntwerp foar de bou fan de katedraal foar de Birmeeske haadstêd Rangoon yn 1898. It ûntwerp yn Rangoon waard lykwols ôfkard en Cuypers makke dêrnei in nij ûntwerp yn neogoatyske styl.

Preekstoel

It skip fan de Sint-Bavo is ek foar in grut part neogoatysk fan styl. Dochs ûnderskiedt de Bavo him fan oare Nederlânske neogoatyske tsjerken sa't wy dy ornaris wend binne, û.o. troch de tapassing fan giele bakstien. Yn de twadde boufaze wurke Cuypers nammers yn in partnerskip mei de arsjitekt Jan Stuyt, dy't yn de earste boufase noch haadopsichter wie en waans ynfloed op it ûntwerp net dúdlik is.

Oersjoch ynterieur

De tredde faze fan de bou wie de konstruksje fan de tuorren en it foarportaal. Fanwegen jildkrapte waard der net earder as yn 1927 mei begûn. Cuypers wie yn 1920 ferbûn mei syn soan Pierre Cuypers jr., dy't earder gearwurke hie mei Dom Bellot en in foarkar hie foar it ekspresjonisme. It is mooglik dat hy de tuorren ûntwurpen hat. De tuorren binne nea hieledal ôfmakke, de spitsen dêr't ferskate tekeningen foar makke binne, ûntbrekke. It portaal is útfierd yn in kombinaasje fan neogoatyske en neoromaanske stylfoarmen en is nei alle gedachten troch Jos Cuypers sels ûntwurpen. Dit diel fan de tsjerke waard yn 1930 foltôge.

It gebou is de iennige roomske katedraal yn Nederlân dy't ek foar de katedrale funksje boud is. De oare Nederlânske katedralen krigen dy funksje letter. Oare tsjerken, dy't wol as katedraal boud binne, lykas de domtsjerke yn Utert, ferlearen de katedrale funksje mei de reformaasje.

De katedraal kaam op 12 july 2013 yn it nijs om't der yn de nacht earder seis antike ornaminten út de tsjerke stellen wiene. By de ynbraak rekke it gebou slim skansearre.

Yn jannewaris 2004 waard útein set mei de restauraasje, dy't laat waard troch Van Hoogevest Architecten. De restauraasje waard foltôge yn 2017.

It Willibrodoargel is it haadoargel fan de katedraal en waard tusken 1921 en 1923 boud troch de firmma Adema foar de Amsterdamske Sint-Willibrordustsjerke bûten de Fêste boud. Yn 1971 ferhûze it ynstrumint nei Haarlim doe't de Willibrordustsjerke sloopt waard. It oargel hat no likernôch 80 registers, ferdield oer fjouwer manualen en pedaal.

Njonken it Willibrordoargel besit de katedraal yn it transept ek in trijemanualich ynstrumint út 1907.

As koeroargel wurdt in kammenetoargel út likernôch 1800 brûkt.

Katedraal Museum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerkeskat wurdt útstald yn it Katedraal Museum ûnder it heechkoer fan de Bavo. De skat bestiet yn in grutte samling liturgyske saken, wêrûnder in soad sulver út de 15e oant 20e iuw. Nijsgjirrich is ek it tsjerklik tekstyl út it begjin fan de 16e iuw, dat ôfkomstich is út it eardere begynhôf fan Haarlim. Fierder binne der bylden, skilderijen, findels en tekeningen te sjen.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Kathedrale basiliek Sint Bavo


Keppelings om utens