Katedraal fan Doarnik

Ut Wikipedy
Us-Leaffroukatedraal fan Doarnik

Notre-Dame de Tournai

bouwurk
Tournai - Cathérale Notre Dame.jpg
lokaasje
lân Flag of Belgium.svg Belgje
provinsje Flag of Hainaut.svg Henegouwen
plak Tournai wapen.svg Doarnik
bysûnderheden
type bouwurk katedraal
boustyl Romaanske en goatyske arsjitektuer
oare ynformaasje
hichte 83 meter
lingte 134 meter
offisjele webside
Offisjele side bisdom

De katedraal fan Doarnik of Us-Leaffroukatedraal (Frânsk: Notre-Dame de Tournai; Nederlânsk: Onze-Lieve-Vrouw van Doornik) is de roomsk-katolike biskopstsjerke fan it bisdom Doarnik yn de Belgyske stêd Doarnik yn de provinsje Henegouwen. Sûnt it jier 2000 is de katedraal, dy't in moai foarbyld fan de Skeldegotyk is, by de list fan it UNESCO-wrâlderfgoed foege.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foargongers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skyn fan Sint-Eleutherius

Oan de hjoeddeiske katedraal gyngen al twa oare katedralen foar ôf en de hjoeddeiske katedraal is op it plak de tredde. De earste katedraal waard yn de 5 iuw ûnder Eleutherius boud, de earste biskop fan it bisdom Doarnik. Yn 532 waard Sint-Menardus, de fjirtjinde biskop fan Noyon, keazen as biskop fan Doarnik en hy ferienige de twa bisdommen Noyon en Doarnik oant paus Eugenius III de beide bisdommen wer fan inoar skiede.

Fan de 9e oant de 11e iuw waard in nije katedraal boud. Dy twadde katedraal baarnde yn 881 en 1066 ôf, mar waard beide kearen wer opboud. Yn 1092 waard de Sint-Martinusabdij fan Doarnik stifte. It wie ek it jier dat der in ein kaam oan in grutte epidemy. Ta oantinken dêrfan waard de tradysje fan de Grutte Prosesje ynsteld, dy't ek hjoeddedei noch alle twadde sneinen fan septimber plak fynt.

Hjoeddeiske katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it begjin fan de 12e iuw liede mei it tanimmen fan de wolstân fan de stêd, de ferearing fan Us-Leaffrou en faaks ek de winsk om de bisdommen Doarnik en Noyon te skieden ta de bou fan de tredde, de hjoeddeiske katedraal. De bou fûn plak fan it westen nei it easten, dus fan it skip nei it koer. It byntwurk datearret út de jierren 1142-1150. De nije romaanske katedraal waard op 9 maaie 1171 ynwijd. Fan dat gebou bleau oan de dei fan hjoed it grutste part bewarre.

Under biskop Walder de Marvis waard yn 1243 in begjin makke oan de weropbou fan it koer. It âlde romaanske koer waard ôfbrutsen om plak te meitsjen foar it tsjintwurdige goatyske koer. Yn 1255 waard it nije, yndrukwekkende koer ynwijd, wêrfan't de bou beynfloede is troch de katedralen fan Amiens en Soissons. Op ynisjatyf fan biskop Stefanus waard fanôf it begjin fan de 13e iuw in begjin makke oan it ynbringen fan gewelven yn it transept. Op dy faze folge de foltôging fan de krusingstoer en de fjouwer oare tuorren.

Oan it begjin fan de 14e iuw waard it westlike portaal tafoege, ek yn goatyske styl.

Ynterieur

Op 23 augustus 1566 waard de katedraal plondere troch byldenstoarmers, dy't in grut part fan de midsiuwske ynrjochting fernielden. Tsjin it ein fan de 18e iuw wiene it de oanhingers fan de Frânske Revolúsje, dy't it hiele ynterieur fan de tsjerke ferneatigen. Yn it ramt fan it konkordaat fan 15 july 1801 waard de tsjerke wer foar de earetsjinst iepene en stadichoan waard it ynterieur wer folle mei keunstwurken. Benammen twa 19e iuwske biskoppen droegen in soad by oan it herstel fan de tsjerke: François-Joseph Hirn slagge der yn om in soad keunstwurken oan te skaffen dy't ôfkomstich wiene út sletten of ôfbrutsen abdijen, lykas de tegels fan it koer en it alter fan de kollegiale tsjerke fan de Sint-Martinusabdij, wylst biskop Gaspard-Joseph Labis mei in restauraasje fan de katedraal útein sette, dy't langer dan fjirtich jier duorje soe.

Ek de Twadde Wrâldkriich besoarge de katedraal in soad skea. It Dútske bombardemint op de stêd yn maaie 1940 lei in part fan de stêd yn pún. Ek de rike goatyske parochykapel fan Us-Leaffrou, dy't lâns it noardlike diel fan it romaanske skip lei, waard ferneatige. In weropbou fan de kapel hat nei de kriich net mear plak fûn.

Op 24 augustus 1999 brocht in tornado skea oan de katedraal. By de beoardieling fan de skea kamen strukture problemen oan it ljocht. Sûnt dy tiid ûndergiet de katedraal reparaasjes.

"De Befrijing fan de Sielen út it Fagefjoer" fan Peter Paul Rubens

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It renêssânse doksaal datearret fan 1574 en is makke troch Cornelis Floris de Vriendt. Ek it neamen wurdich is it skilderij "De Befrijing fan de Sielen út it Fagefjoer" fan Peter Paul Rubens. It skilderij waard yn de Frânske Revolúsje út de tsjerke helle, mar it kaam yn 1815 skansearre werom en it waard yn 1993 restaurearre. In oar doek fan Rubens, "De triomf fan Judas Makkabeüs", waard doe ek út de katedraal stellen en is nea werom kommen en hinget tsjintwurdich yn it Musee des Beaux-Arts yn it Frânske Nantes.[1]

Yn de skatkeamer fan de katedraal is de skryn fan Us-Leaffrou fan Nikolaas fan Verdun te sjen, ien fan 'e "Sân wûnders fan Belgje".

Dieverij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 19 febrewaris 2008 fûn in bewapene oerfal yn de katedraal plak, wêrby't meiïnoar trettjin keunstwurken stellen waarden. De rôvers sloegen it pantserglês fan in fitrine en namen acht kelken en trije krusen mei. Yn ien fan de krusen siet in houtsplinter ferarbeide fan it krús fan Kristus. It krús is belein mei goud, pearels en 48 ealstiennen. It krús wie ôfkomstich fan in ridder, dy't it yn 1204 oan de katedraal jûn hie nei in súksesfolle oanfal op Konstantinopel. Allinne it Byzantynske krús hie allinne al in fersekeringswearde fan 25 miljoen euro.[2][3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Cathédrale Notre-Dame de Tournai