Springe nei ynhâld

Oerlis:Katedraal fan Doarnik

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@RomkeHoekstra: Doornik wie op in stuit ek ien fan 'e Nederlannen: "Doornik en het Doornikse". Om't it dêrmei ek de namme foar in regio wie, is it miskien better om yn dit gefal de plaknamme te ferfryskje ta 'Doarnik' (mei oa). Wat fine jo? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 mrt 2019, 21.59 (CET)[beäntwurdzje]

Ik kaam okkerlêsten Garkum ynstee fan Gorkum tsjin en doe tocht ik al efkes: hoe komme se dêr no op? Mar yn it gefal fan Doarnik kin ik my dêr poerbêst yn fine (ik hie it sels ek al yn my omgean litten). Moat ik it feroarje of pakke jo it op?--RomkeHoekstra (oerlis) 16 mrt 2019, 08.42 (CET)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Ja, 'Garkum' wie foar my earlik sein ek in grut fraachteken. Doornik, oan 'e oare kant (betocht ik letter), is ek al net de eigentlike namme fan dat plak: dat is Tournai. En it hat ek net in soad sin om Nederlânske nammen foar bûtenlânske plakken ûnferoare yn it Frysk oer te nimmen. Mar goed, jo wiene al akkoart mei Doarnik. Ik pas dizze side wol even oan, dat giet simpel genôch. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 mrt 2019, 18.31 (CET)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Even om jo op 'e hichte te hâlden: Drewes en ik hawwe yn oerlis besletten om 'Garkum' om te neamen ta 'Gorkum'. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 mrt 2019, 22.18 (CET)[beäntwurdzje]