Springe nei ynhâld

Côtes-d'Armor

Ut Wikipedy
Côtes-d'Armor
flagge wapen
polityk
soarte gebiet departemint
lân Frankryk
regio Bretanje (regio)
haadplak Saint-Brieuc
grutste plak Saint-Brieuc
departemintsnûmer 22
hist. namme Côtes-du-Nord
sifers
ynwennertal 598.953 (2016)
oerflak 6.878 km²
befolkingstichtens 87,1 / km²
oar
stifting 1790
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 48°20′ N 02°50′ W
webside cotesdarmor.fr

Côtes-d'Armor (Frânske útspr.: [kot daʀˈmɔʀ], likernôch: "koot-dach-moch"; Bretonsk: Aodoù-an-Arvor, útspr.: [ˈoːdu ãn ˈarvor], likernôch: "oo-dû-ân ar-vór") is in departemint fan Frankryk dat yn it westen fan it lân leit, oan 'e noardlike kust fan it skiereilân Bretanje. De namme betsjut "Kusten fan de See" (ar mor betsjut "de see" yn it Bretonsk) of "Kusten fan Armoarika" (Armoarika wie yn 'e Aldheid de oantsjutting foar Bretanje). Oant 1990 hiet de departemint Côtes-du-Nord ("De Noardkusten"). Côtes-d'Armor makket diel út fan 'e bestjoerlike regio Bretanje en hat it departemintsnûmer 22. De haadstêd en teffens grutste stêd is Saint-Brieuc. Côtes-d'Armor hie yn 2016 in befolking fan krapoan 599.000 minsken.

Côtes-d'Armor leit oan 'e noardlike kust fan it skiereilân Bretanje, dat fan it fêstelân fan Noardwest-Jeropa útstiket yn 'e Atlantyske Oseaan. It beslacht in oerflak fan 6.878 km² en wurdt begrinzge troch it departemint Ille-et-Vilaine yn it easten, it departemint Morbihan yn it suden, it departemint Finistère yn it westen en It Kanaal yn it noarden. De see benoarden it eastlike diel fan it departemint heart ta de Golf fan Saint-Malo, in diel fan It Kanaal dat ynklamme leit tusken de kusten fan Bretanje, Normanje en de Kanaaleilannen. De kust fan Côtes-d'Armor is tige wyld, mei in protte kliffen en kapen. Foar dy kust lizze noch in grut tal eilantsjes, wêrfan't guon net folle mear binne as boppe de weagen útstykjende rotsen dêr't wetterfûgels briede. It grutste eilân is Bréhat. It binnenlân fan Côtes-d'Armor is heuveleftich, mei't it in diel fan it Armorikaansk Massyf omfettet, dat in tige âld, tige ôfsliten berchtme is.

De haven fan Paimpol.

Côtes-du-Nord wie ien fan 'e oarspronklike 83 departeminten fan Frankryk, dy't op 4 maart 1790 oprjochte waarden nei't by de Frânske Revolúsje fan 1789 alle doetiidske Frânske provinsjes (wêrûnder Bretanje) opheft wiene. It nije departemint besloech it hiele âlde Lân fan Saint-Brieuc, it meastepart fan 'e histoaryske Trégor, de eastlike helte fan Cornouaille en it noardwestlike part fan it Lân fan Saint-Malo. De yndustrialisaasje en urbanisaasje fan 'e njoggentjinde iuw gie fierhinne foarby oan Côtes-du-Nord, dat in plattelânsgebiet bleau. Wol krige de krite, krekt as de rest fan Bretanje, te lijen fan 'e slimme ûnderdrukking fan 'e lânseigen Bretonske taal troch de Frânske oerheid, en naam it diel oan 'e oplibbing fan 'e Bretonske kultuer yn 'e twadde helte fan 'e iuw.

Yn 'e tweintichste iuw gie de aktive striid yn 'e Earste Wrâldoarloch fierhinne oan Côtes-du-Nord foarby, mar tsientûzenen jonge manlju út it departemint kamen om yn 'e rinfuorgen fan it Westfront. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard Côtes-du-Nord ûnder de Slach om Frankryk yn 'e maityd fan 1940, beset troch nazy-Dútslân. Nei de lânings fan 'e Alliëarden yn Normanje, op D-Day, waard it departemint mei it grutste diel fan 'e rest fan Bretanje yn augustus 1944 befrijd. Fan alle dielen fan Bretanje kaam Côtes-du-Nord relatyf it minst skeind út 'e oarloch. Yn 1990 waard de namme fan it departemint feroare yn Côtes-d'Armor.

It gebou fan 'e prefektuer yn Saint-Brieuc.

De ekonomy fan Côtes-d'Armor moat it noch altyd foar in grut part hawwe fan 'e lânbou en de fiskerij, mei't der amper yndustry is. Oan wynbou wurdt der likemin dien. Njonken de fiskerij bestiet de agraryske sektor yn Côtes-d'Armor benammen út feehâlderij en de bou fan û.m. nôt, dat fierhinne bedoeld is as feefoer. Wat de tsjinstesektor oangiet, is it toerisme fan groeiend belang.

Côtes-d'Armor is in departemint fan Frankryk dat bestjoerd wurdt troch in departemintale ried, wêrfan't de leden by mei geregelde tuskenskoften holden ferkiezings troch de ynwenners keazen wurde. Oan it haad fan it departemintaal bestjoer, dat syn sit hat yn 'e departemintale haadstêd Saint-Brieuc, stiet in prefekt. It departemint is ferdield yn 4 arrondisseminten, dy't opdield binne yn 27 kantonnen, dy't wer opdield binne yn 348 gemeenten. Côtes-d'Armor bestiet fierders út 5 kiesdistrikten foar de Nasjonale Assimblee. It departemint hat in lange tradysje fan anty-klerikalisme, benammen yn it binnenlân, yn 'e krite om 'e eardere kommunistyske enklave Guingamp hinne. Dêrtroch wurdt Côtes-d'Armor faak sjoen as in links bolwurk yn in fan âlds polityk rjochts Bretanje.

It âlde kastiel Fort-la-Latte.

Neffens offisjele sifers út 2016 hie Côtes-d'Armor doe 598.953 ynwenners. De befolkingstichtens kaam dêrmei út op 87,1 minsken de km². De grutste stêd yn it departemint is it haadplak Saint-Brieuc, mei yn 2011 46.000 ynwenners. Oare gruttere plakken binne Tréguier, Lannion, Guingamp en Lamballe. Mûr-de-Bretagne, djip yn it binnenlân, is bekend as in geregeld einplak fan etappes fan 'e Tour de France.

It grutste part fan 'e befolking fan Côtes-d'Armor bestiet út etnyske Bretonnen, wylst de rest fierhinne opmakke is út Frânsen. It departemint leit op 'e grins fan Neder-Bretanje, it diel fan it histoaryske Bretanje dat Bretonsktalich is, en Opper-Bretanje, it diel dêr't fan âlds Gallo sprutsen wurdt. De grins tusken dy beide gebieten rint fan Plouha, oan 'e kust, nei Mûr-de-Bretagne. As gefolch fan 'e yntinsive kulturele assimilaasjepolityk dy't it nasjonale regear sûnt de iere njoggentjinde iuw fierd hat, is it Frânsk lykwols tsjintwurdich foar de oergrutte mearderheid fan 'e befolking de memmetaal. It Bretonsk, in Keltyske taal, wurdt noch sprutsen troch in minderheid, wylst it Gallo, in Romaanske taal dy't faak sjoen wurdt as in Frânsk dialekt, noch minder sprekkers hat. Beide talen wurde op 'e skoallen yn it departemint (ôfhinklik fan 'e regio) ûnderwiisd.

Op religieus mêd wie Côtes-d'Armor, dêr't yn 2006 mar sa'n 50% fan 'e ynwenners út oanhingers fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke bestie, doe al ien fan 'e minst religieuze departeminten fan Frankryk. De rest fan 'e befolking bestiet foar it meastepart út ateïsten en agnosten.

Histoaryske befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier 1801 1821 1841 1861 1881 1901 1921 1946 1962 1982 1999 2016
ynwenners 504.303 552.424 607.572 628.676 627.585 609.349 557.824 526.955 501.923 538.860 542.398 598.953

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Departeminten fan Frankryk Flagge fan Frankryk

01 Ain • 02 Aisne • 03 Allier • 04 Alpes-de-Haute-Provence • 05 Hautes-Alpes • 06 Alpes-Maritimes • 07 Ardèche • 08 Ardennes • 09 Ariège • 10 Aube • 11 Aude • 12 Aveyron • 13 Bouches-du-Rhône • 14 Calvados • 15 Cantal • 16 Charente • 17 Charente-Maritime • 18 Cher • 19 Corrèze • 2A Súd-Korsika • 2B Opper-Korsika • 21 Côte-d'Or • 22 Côtes-d'Armor • 23 Creuse • 24 Dordonje • 25 Doubs • 26 Drôme • 27 Eure • 28 Eure-et-Loir • 29 Finistère • 30 Gard • 31 Haute-Garonne • 32 Gers • 33 Gironde • 34 Hérault • 35 Ille-et-Vilaine • 36 Indre • 37 Indre-et-Loire • 38 Isère • 39 Jura • 40 Landes • 41 Loir-et-Cher • 42 Loire • 43 Haute-Loire • 44 Loire-Atlantique • 45 Loiret • 46 Lot • 47 Lot-et-Garonne • 48 Lozère • 49 Maine-et-Loire • 50 Manche • 51 Marne • 52 Haute-Marne • 53 Mayenne • 54 Merthe-et-Moselle • 55 Meuse • 56 Morbihan • 57 Moselle • 58 Nièvre • 59 Nord • 60 Oise • 61 Orne • 62 Pas-de-Calais • 63 Puy-de-Dôme • 64 Pyrénées-Atlantiques • 65 Hautes-Pyrénées • 66 Pyrénées-Orientales • 67 Bas-Rhin • 68 Haut-Rhin • 69 Rhône • 70 Haute-Saône • 71 Saône-et-Loire • 72 Sarthe • 73 Savoaye • 74 Opper-Savoaye • 75 Parys • 76 Seine-Maritime • 77 Seine-et-Marne • 78 Yvelines • 79 Deux-Sèvres • 80 Somme • 81 Tarn • 82 Tarn-et-Garonne • 83 Var • 84 Vaucluse • 85 Vendée • 86 Vienne • 87 Haute-Vienne • 88 Fogezen • 89 Yonne • 90 Territoire-de-Belfort • 91 Esonne • 92 Hauts-de-Seine • 93 Seine-Saint-Denis • 94 Val-de-Marne • 95 Val-d'Oise

Oerseeske departeminten

971 Gûadelûp • 972 Martinyk • 973 Frânsk-Guyana • 974 Reünion • 975 Majot

· · Berjocht bewurkje