Springe nei ynhâld

Beowulf (personaazje)

Ut Wikipedy
Beowulf
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Geatysk
berop/amt kriger, kening
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Ecgtheow (heit)
Hygelac (omke)
geastlike heit ûnbekend
ûntstean 2e helte 1e milennium

Beowulf (Aldingelsk: Bēoƿulf, útspr.: ['be:o̯wʊlf], likernôch: "beeuw-ûlf") is in legindaryske held yn it ferneamde epysk gedicht mei deselde namme. Dat datearret út 'e twadde helte fan it earste milennium en is ien fan 'e âldste oerlevere literêre wurken yn 'e Ingelske taal. Beowulf wurdt dêryn foarsteld as in kriger fan it folk fan 'e Geaten (nei wa't Götaland neamd is, yn súdlik Sweden), dy't de striid oanbynt mei ferskate meunsters: earst mei Grendel, dan mei de mem fan Grendel en ta einbeslút (tsientallen jierren letter) mei in draak.

Foar de namme Beowulf binne ferskate etymologyen foarsteld. Sa wie taalkundige Henry Sweet fan tinken dat Bēoƿulf yn it Aldingelsk letterlike "bijewolf" of "bijejager" betsjutte, en dat it in kenning (in dichterlike omskriuwing yn âlde Germaanske talen) wie foar "bear" (mei't bearen sljocht nei hunich binne). In oare teory, oppenearre troch Andy Orchard, is dat Bēoƿulf op deselde wize gearstald is as de tige gongbere Aldnoarske namme Þórólfr, dy't "wolf fan [de god] Thor" betsjut. Sa soe Bēoƿulf "wolf fan Beowa" betsjutte kinne (Beowa is in minder wichtige en dêrtroch minder bekende Westgermaanske god). De redakteuren fan Joseph Bosworth syn postúm ferskynde en tige livige Anglo-Saxon Dictionary, ta einbeslút, binne fan miening dat Bēoƿulf in ferbastering wie fan Beadoƿulf, wat "oarlochswolf" betsjut. Beowulf soe dêrmei deselde betsjutting hawwe as de Iislânske namme Bodulfr.

Beowulf foar Beowulf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn letterkundige fermiddens bestiet al lange tiid ûnienichheid oer de oarsprong fan Beowulf as personaazje. Guon miene dat er al fier foar de tastânkomming fan it epos Beowulf bestie, wylst oaren fan tinken binne dat de anonime dichter fan it epos de betinker fan it personaazje wie. Leonard Neidorf, bygelyks, wie derfan oertsjûge dat Beowulf fuortkaam út in âldere tradysje fan mooglik ferskate sykly fan leginden, dy't neitiid ferlern gien binne.

Beowulf yn Beowulf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens it ferhaal fan it epos Beowulf wie de held Beowulf de soan fan Ecgtheow, in kriger út 'e Sweedske clan fan 'e Wægmundingen. Dyselde deade Heaðolaf, út 'e Geatyske clan fan 'e Wulfingen. (Neffens Skandinavyske boarnen wie dat de hearskjende dynasty fan it Geatyske keninkryk Eastergeatlân.) Om't Heaðolaf in telch út sa'n foaroansteand slachte wie, waard it wearjild heger fêststeld as dat Ecgtheow opbringe koe. Hy waard dêrom ferballe en socht hinnekommen mank de Denen. De Deenske kening Hroðgar wie him lykwols goedgeunstich en betelle it wearjild foar him. Yn ruil dêrfoar moast Ecgtheow in eed fan trou oan him swarre.

Neitiid kaam Ecgtheow, dy't troch de betelling fan it wearjild út ballingskip weromkeare koe, yn 'e tsjinst fan 'e Geatyske kening Hreðel, mei waans dochter hy troude. De prinsesse rekke swier en skonk it libben oan Beowulf, dy't neitiid grutbrocht waard as in Geat. Yn syn jonkheid wied er goed befreone mei in Breca de Bronding. Fan 'e Brondingen wurdt ornearre dat se de bewenners fan it eilân Brännö wiene, dat foar de kust fan Westergeatlân yn it Kattegat leit. Dat liket in reälistyske lokaasje, en yn it epos Beowulf wurdt gewach makke fan in swimwedstryd tusken Beowulf en syn maat.

As Beowulf jierren letter heart dat kening Hroðgar, syn oarehelte Wealhþeow en syn hiele hofhâlding terrorisearre wurde troch it meunster Grendel, set er mei fjirtjin krigers ôf nei it Deenske eilân Seelân om regaad te meitsjen en syn heite skuld oan Hroðgar yn te lossen. Oankommen yn Heorot, it langhûs dat de sit fan Hroðgar is, wurde Beowulf-en-dy nachts oanfallen troch Grendel, dy't ien fan 'e Geaten deadet foar't er oer Beowulf sels gear sil. Om't gjin inkeld troch minskehannen makke wapen it meunster skansearje kin, fjochtet dyselde mei de bleate hannen werom en skuort Grendel in earm út 'e hûd. Grendel flechtet werom nei it moeras dêr't wei komt om dea te blieden. De oare deis wurdt de earm fan it meunster oan 'e wand fan Heorot spikere as oarlochstrofee, wylst Beowulf troch de Denen tajubele wurdt en in skald him yn syn wurk besjongt.

Dy nachts arrivearret lykwols de mem fan Grendel yn Heorot om 'e dea fan har soan te wreitsjen. Mei't Beowulf yn in oar gebou de nacht trochbringt, kin er dat net tsjinkeare. Hy beslút om him yn it moeras te bejaan en har te deadzjen. Dêr fjochtsje se njonken it lyk fan Grendel in striid út dy't Beowulf úteinlik wint mei de help fan in betsjoend swurd fan in reus, dat er opnimt út 'e skat dy't Grendel troch de jierren hinne opgarre hat.

Nei syn oerwinning keart Beowulf werom nei Geatlân. Hy nimt diel oan in oerfal op 'e Franken mei kening Hygelac. Dyselde komt dêrby om, en Beowulf swimt dan yn syn folsleine (metalene) wapenris nei hûs. Werom yn Geatlân biedt Hygelac syn widdo, keninginne Hygd, him de troan oan, mar dat oanbod slacht er ôf. Hygelac en Hygd hawwe nammentlik in jonge soan, Heardred, en Beowulf fynt dat dy it keningskip takomt. Net folle letter biedt kening Heardred beskûl oan 'e Sweedske prinsen Eadgils en Eanmund, dy't út harren eigen lân de wyk nimme moatten hawwe om't harren omke Onela as usurpator de troan grypt hat. Dat liedt ta in Sweedske ynvaazje fan Geatlân, en Heardred komt om yn 'e striid. Beowulf folget him dan op as kening fan 'e Geaten. Hy ferslacht de Sweden en nimt wraak op Onela foar de dea fan Heardred troch Eadgils op 'e Sweedske troan te helpen.

Neitiid hearsket Beowulf fyftich jier oer de Geaten, oant syn ryk terrorisearre wurdt troch in fjoerspijende draak, dy't wraak nimme wol nei't in Geatyske dief in gouden kop út syn drakeskat stellen hat. As in oanfal op 'e draak oan it haad fan al syn krigers mislearre is, folget Beowulf it meunster nei syn nêst yn Earnanæs, mei inkeld syn jonge Sweedske famyljelid Wiglaf by him. As de âlde held de striid mei de draak oangiet, brekt syn swurd, mar mei syn dagge bringt er it bist in deadlike wûne ta. Sels is er lykwols ek deadlik ferwûne rekke troch de giftige byt fan it meunster. Hy wurdt út 'e hoale droegen troch Wiglaf, en mei syn lêste siken beneamt er dyselde ta syn rjochtmjittige erfgenamt. Syn lichem wurdt tebaarnd op in grutte kremaasjesteapel, en syn jiske wurdt dêrnei begroeven yn in grêfheuvel oan see.

Der besteane gjin oanwizings dat it personaazje Beowulf basearre wie op in histoaryske persoan. It personaazje Hygelac wie wol in histoaryske persoan, dy't oan it begjin fan 'e sechsde iuw libbe. Ek de oerfal op 'e Franken, dêr't Hygelac by omkaam, is histoarysk. De slach wêryn't de Sweedske kening Onela ferslein en deade wurdt, wie nei alle gedachten ek in histoarysk barren, want al wurdt it yn Beowulf mar yn it foarbygean neamd, dochs is it bekend út ferskate Skandinavyske boarnen (lykas it wurk fan 'e dichter en kronykskriuwer Snorri Sturluson), dy't it de namme Slach op it Iis fan 'e Vänernmar jouwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.