Heorot (Beowulf)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
In rekonstruëarre langhûs út 'e tiid fan 'e Wytsingen, fan 28,5 m lang, yn Fyrkat (Denemark).

Heorot of Herot (Aldingelsk foar "hart" of "hartebok") is in fersterke langhûs en wichtich plak fan hanneling yn it Midsiuwske Angelsaksyske epos Beowulf. In lokaasje yn it Aldingelske gedicht Widsith hat deselde namme. Yn Beowulf stiet it gebou yn Denemark en tsjinnet dêr as de sit fan 'e (legindaryske) kening Hroðgar. As it meunster Grendel de bewenners fan Heorot ien foar ien ombringt, komt de Geatyske held Beowulf om it langhûs te ferdigenjen en it meunster te ferslaan. Dêrnei wurde de bewenners fan Heorot oanfallen troch de mem fan Grendel, mar dy wurdt ek troch Beowulf ferslein. Saakkundigen binne fan tinken dat de anonime dichter fan Beowulf Heorot basearre op in histoarysk langhûs dat nei alle gedachten by it Deenske Lejre stien hat.

Omskriuwing en namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it epos wurdt Heorot beskreaun as grut genôch foar acht hynders en in kliber folk. Behalven as keninklike residinsje tsjinnet it langhûs ek as útfalsbasis foar Hroðgar syn krigers. Heorot symbolisearret yn it epos de minsklike kultuer en beskaving en stiet mei syn ljocht, waarmte en willemakkerij yn skerp kontrast mei de dûnkere moerassen dêr't it meunster Grendel wennet. Wat de namme 'Heorot' oangiet (Aldingelsk foar "hart" of "hartebok"), binne in soad saakkundigen fan tinken dat dy fuortkomt út in bân tusken kenings en hartebokken, dy't yn it Germaanske heidendom bestie. Argeologyske fynsten wize dêrop; sa is by Sutton Hoo bygelyks in skepter opgroeven mei de ôfbylding fan in hartebok op 'e útein.

Lokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heorot wurdt oer it algemien beskôge as identyk oan Hleiðargarðr, it langhûs fan kening Hroðulf, dat neamd wurdt yn 'e Aldnoarske Hrólfs Saga Kraka. Om't de lokaasje dêrfan beskreaun wurdt as it Deenske doarp Lejre, deunby Roskilde, beskôgje moderne wittenskippers dat ek as de lokaasje fan Heorot. Dêr hat wier in grut langhûs út 'e Wytsingtiid stien, wêrfan't de restanten súdwestlik fan Lejre tusken 1986 en 1988 bleatlein waarden troch argeolooch Tom Christensen fan it Museum fan Roskilde. Mei koalstofdatearring waard fêststeld dat it hout dat foar de bou fan it langhûs brûkt wie, omtrint 880 kappe wie. Letter die bliken dat it earste langhûs boppe-op de restanten fan in âlder langhûs boud wiene, dat datearre fan omtrint 680. Yn 2004-2005 groef Christensen justjes noardliker de restanten fan in trêde langhûs op, dat boud wie yn 'e midden fan 'e sechsde iuw. Alle trije langhuzen wiene likernôch 50 m lang.

Yn 'e popkultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and Citations, op dizze side.