Bandidas
Bandidas | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Joachim Rønning Espen Sandberg | |
produsint | Luc Besson Robert Mark Kamen | |
senario | Luc Besson | |
kamerarezjy | Thierry Arbogast | |
muzyk | Éric Serra | |
filmstudio | EuropaCorp Groupe TF1 AJOZ Films | |
distribúsje | Groupe Canal+ (Frankryk) Walt Disney Studios Motion Pictures (ynternasjonaal) 20th Century Fox (Feriene Steaten) | |
spilers | ||
haadrollen | Penélope Cruz Salma Hayek | |
byrollen | Dwight Yoakam Steve Zahn José María Negri Sam Shepard | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Frankryk Meksiko Feriene Steaten | |
premiêre | 3 febrewaris 2006 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | westernkomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 93 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $32 miljoen | |
opbringst | $18,4 miljoen |
Bandidas is in Ingelsktalige Frânsk-Meksikaansk-Amerikaanske westernkomeedzje út 2006 fan 'e Noarske regisseurs Joachim Rønning en Espen Sandberg, mei yn 'e haadrollen de Spaanske aktrise Penélope Cruz en har Meksikaanske kollega Salma Hayek. De titel is Spaansk foar "froulike banditen". It ferhaal, dat yn it Meksiko fan 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw spilet, folget de earme boeredochter María Álvarez (Cruz) en Sara Sandoval (Hayek), de dochter fan in rike bankier, dy't allebeide it slachtoffer wurde fan in binde Amerikaanske kriminelen. De froulju beslute harren taflecht te nimmen ta it berôvjen fan banken. Bandidas krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1848 is María Álvarez de tsjeppe dochter fan in earme Meksikaanske gernier, dy't djip yn 'e skuld stiet by de pleatslike bankier, don Diego Sandoval. Dyselde hat ek finansjele swierrichheden, feroarsake troch de problematyske oanlis fan in spoarline fan it Amerikaanske Súdwesten nei Meksiko-Stêd, dêr't er hast al syn jild yn ynvestearre hat. Hy giet dêrom saaklik yn see mei in Amerikaanske bank út New York, dy't eigendom is fan 'e Amerikaanske bankier Ashe. Om derfoar te soargjen dat de oanlis fan 'e spoarline trochgiet en hy syn jild net oer de balke smiten hat, stjoert Ashe syn meiwurker Tyler Jackson nei Meksiko ta, oan wa't er al earder it opknappen fan skimige putsjes tabetroud hat. Jackson syn oplossing foar it trage ûnteigeningsproses fan 'e lânbougrûn dy't nedich is foar de oanlis fan 'e spoarline, is om 'e earme boeren dy't yn 'e skuld steane by de bank fan Sandoval ien Meksikaanske peso foar harren lân te bieden. As se dat wegerje, sjit hy harren dea.
Pedro Álvarez, de heit fan María, kriget by de pleatslike bank te hearren dat er gjin útstel fan betelling fan syn skulden mear ferwachtsje kin. María is dêr sa lulk oer, dat se nei don Diego ta giet om ferhaal te heljen. Se wurdt by de poarte fan syn hacienda heind, mar mei help fan har ûnwierskynlik yntelliginte hynst wit se it gebou yn te kringen. Dêr moetet se foar it earst Sara Sandoval, de tsjeppe dochter fan don Diego, dy't hast har hiele libben op kostskoallen yn Jeropa trochbrocht hat en noch mar krekt yn Meksiko weromkeard is. De moeting ferrint net goed en liedt ta de ûntdekking fan María, dy't neitiid oan 'e pleatslike alcalde oerdroegen wurdt en in nacht yn 'e sel trochbringt foar hûsfredebrek.
Dat rêdt lykwols har libben, want sadwaande is sy net thús as Jackson en syn trewanten by har heit del komme om syn lân foar ien peso te keapjen. Álvarez wegeret en wurdt delsketten, wêrnei't syn boerespultsje yn 'e brân stutsen wurdt. Nei't María de oare deis frijlitten is, komt se thús by in rikjende púnheap. Se fynt har heit op it plak dêr't Jackson him delsketten hat, mar de âldman blykt de oanslach oerlibbe te hawwe. María bringt him nei de pleatslike roomske tsjerke, dêr't padre Pablo har sjen lit dat it dêr fol leit mei de, meast deade, slachtoffers fan Jackson-en-dy. Underwilens treft Sara Sandoval har heit dea oan oan op 'e flier fan syn studearkeamer, yn oanwêzigens fan Jackson. De oars altyd sa sûne Don Diego hat it skom op it kin stean, en Sara is der wis fan dat Jackson wat mei syn dea te krijen hat. Dyselde hâldt lykwols út dat de bankier beswykt is oan in hertoanfal. Hy fertelt Sara dat neffens it kontrakt dat har heit tekene hat no al syn besittings ferfallen binne oan syn Amerikaanske sakepartner, dêr't hysels de fertsjintwurdiger fan is. Ek lit er seksuele belangstelling foar Sara blike, mar hja wit te ûntsnappen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Sara hat neat oars by har as har hynder en de klean dy't se oan hat, en nei in kâlde nacht allinne yn 'e wyldernis beslút se om twa miggen mei yn klap te slaan. Troch de bank fan har heit te berôvjen kin se tagelyk oan jild komme om fan te libjen en wraak nimme op Jackson. As se de bank binnenfalt, docht lykwols bliken dat der al in bankoerfal geande is, dy't útfierd wurdt troch María. De beide froulju reitsje suver slaande deilis, oant Jackson en syn mannen in besyk oan 'e bank bringe en se gearwurkje moatte om ûngemurken fuort te kommen. As se neitiid beskûl sykje yn in kamp dat troch padre Pablo opset is foar de earme húshâldings dy't troch Jackson-en-dy fan harren lân ferdreaun binne, jouwe se de opbringst wei foar it ûnderhâld fan 'e flechtlingen. María en Sara beslute de lapen gear te smiten en tegearre alle alve oare banken te berôvjen dy't no ûnder tafersjoch fan Jackson steane. María wol fuort mar los, mar Sara wiist derop dat se diskear inkeld troch lok witten hawwe te ûntkommen en ferlet hawwe fan training. De padre bringt harren dêrop yn kontakt mei Bill Buck, in ferneamde bankrôver út Teksas dy't no fan syn bút yn Meksiko rinteniert.
Buck hat der earst gjin belang by om 'e beide froulju te helpen, mar as bliken docht dat er net by harren wei ride kin om't syn merje net by María har hynst wei wol, jout er úteinlik belies. Hy leart Sara en María de trije wetten fan it bankberôvjen: 1) wês der altyd wis fan datst fuortkomme kinst; 2) nim nea mear mei as datst mei ien hân drage kinst; 3) wet nûmer 1 is it wichtichtst. De lichaamlike oefenings dy't er Sara en María dwaan lit, hawwe net folle mei bankberôvjen te krijen; ynstee binne se derop rjochte om 'e beide froulju te learen om inoar te fertrouwen. As María, dy't net swimme kin, yn in rivier falt en Sara har efternei springt om har te rêden, hat Buck syn doel berikt. Nei't se wer op it drûge binne, beslute de beide froulju dat se gjin freondinnen hoege te wêzen om partners te wurden. María blykt in wiere skerpskutter te wêzen mei lykfol hokker soarte fjoerwapen, mar Sara bakt der neat fan om't fjoerwapens har sa senuweftich meitsje dat se der de hik fan kriget. Messen smite kin se lykwols as de bêste.
As de beide froulju úteinsette mei harren kampanje fan bankberôvings, reitsje se al rillegau bekend as de Bandidas. Om út te finen hoe't se it him hieltyd lappe, lit Jackson Quentin Cooke, de oansteande skoansoan fan syn baas Ashe, út New York oerkomme, dy't in pionier op it mêd fan 'e kriminology is. Dêrmei hellet er him lykwols mear swierrichheden op 'e hals as him leaf is, want Cooke is in wat naïve, mar trochearlike man, dy't net inkeld ûndersyk docht nei de bankoerfallen, mar op eigen manneboet ek it hommels ferstjerren fan don Diego Sandoval begjint te ûndersykjen. Hy ûntdekt dat de bankier net stoarn is oan in hertoanfal, mar dat er fergiftige is. As Sara en María lucht krije fan Cooke syn aktiviteiten, kringe se ferklaaid as dûnseressen út in teätershow syn hotelkeamer binne en nimme him finzen. Om't er net fertelle wol wat er wit, bine se him neaken op bêd fêst en litte dan foto's nimme fan him mei harrensels yn kompromitearjende posysjes, dy't se driigje op te stjoeren nei syn ferloofde Clarissa Ashe. Dan wol Cooke wol omlyk en fertelt er harren alles dat er útfûn hat.
De beide froulju nimme Cooke mei nei de pleatslike bank, dêr't se him yn it kantoar fan 'e bankdirekteur, dat no troch Jackson brûkt wurdt, steapels ûnteigeningsbewizen sjen litte fan grûn dy't foar 1 peso opkocht is. As Cooke yn dat kantoar in fleske oantreft mei itselde soarte gif dat Sara har heit fataal wurden is, beseft er dat er foar in moardner wurket en beslút er de beide froulju te helpen. Wylst se mei Cooke syn help almar ambisjeuzere bankoerfallen dogge, reitsje de froulju allebeide min ofte mear fereale op him en wediverje se om syn oandacht. Underwilens hat Jackson it lumineuze idee opfetten om it goud fan 'e Meksikaanske banken oer te bringen nei Teksas, sadat it Meksikaanske papierjild dat de froulju hieltyd stelle, weardeleas wurdt om't it net mear dutsen wurdt troch goud. Hy bepraat de regionale gûverneur om dêr syn goedkarring foar te jaan, dêr't dyselde mei ynstimd op betingst dat er mei Jackson syn baas Ashe prate kin. Dat Jackson lit Ashe út New York oerkomme. Ashe bringt syn dochter Clarissa mei, dy't om har ferloofde Cooke yn noed sit.
As it Meksikaanske goud per trein nei Teksas ferfierd wurdt, skopt Jackson letterlik de gûverneur fan 'e trein om't er it plan opfet hat om it goud foar himsels te stellen. Sara, María en Cooke oerfalle de trein om ek it goud yn 'e hannen te krijen, en as dan útkomt wat Jackson allegear yn Meksiko útheefd hat, is Ashe skokt. Hy mei dan in ûnmeilydsume sakeman wêze, mar hy is gjin moardner of dief. De konfrontaasje rint út op in sjitpartij tusken Jackson, Cooke en María, wylst Sara it iene mês nei it oare smyt. Jackson wit mei in goudsteaf te ûntkommen op Sara har hynder, mar dat is in dressuerhynder dat se mei werom út Jeropa nommen hat, en op har befel bliuwt it bist ynienen stil stean, mei as gefolch dat Jackson allinne fierder reizget en út it seal fljocht. Hy makket in flinke smak en rekket dan bewusteleas as de goudsteaf him op 'e plasse delkomt. Sara en María beprate wat se no mei him sille: deasjitte of oerdrage oan 'e autoriteiten. De diskusje duorret sa lang, dat Jackson ûnderwilens wer bykomt. As bliken docht dat María har revolver leech is, hellet er in derringer foar it ljocht om 'e froulju dea te sjitten, mar wurdt dan sels deadlik rekke troch in kûgel Sara har revolver, dy't se earder út senuweftigens nea brûke kinnen hie.
Neitiid nimme María en Sara ôfskied fan Cooke, dy't, ta harren argewaasje, lokkich weriene is mei syn ferloofde Clarissa. Wylst se de ûndergeande sinne temjitte ride, beprate de froulju wat se no sille. María freget hoe't it lân der yn Jeropa hinne leit. Sara antwurdet dat de banken dêr grutter binne en foller sitte.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
María Álvarez | Penélope Cruz |
Sara Sandoval | Salma Hayek |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Tyler Jackson | Dwight Yoakam |
Quentin Cooke | Steve Zahn |
padre Pablo | José María Negri |
Bill Buck | Sam Shepard |
don Diego Sandoval | Ismael "East" Carlo |
Pedro Álvarez | Gary Carlos Cervantes |
Ashe | Denis Arndt |
Clarissa Ashe | Audra Blaser |
gûverneur | Humberto Elizondo |
bankmanager | Edgar Vivar |
Bernardo | Lenny Zundel |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bandidas waard regissearre troch de Noarske filmmakkers Joachim Rønning en Espen Sandberg nei in senario fan Luc Besson. Dyselde wie yn 'e mande mei Robert Mark Kamen ek as produsint by it projekt belutsen, foar syn eigen filmstudio EuropaCorp y.g.m. Groupe TF1 en AJOZ Films. De film wie in Frânsk-Meksikaansk-Amerikaanske ko-produksje. Foar Bandidas wie in budget beskikber fan $32 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Thierry Arbogast, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Éric Serra.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar Bandidas fûnen plak yn it plak Sombrerete en it Nasjonaal Park Sierra de Órganos yn 'e Meksikaanske steaten Durango en San Luis Potosí. De binnendoarsênes waarden filme yn 'e Estudios Churubusco yn Meksiko-Stêd. De sêne wêryn't akteur Steve Zahn neaken en fêstbûn op bêd leit en troch Salma Hayek en Penélope Cruz sjantearre wurdt troch it nimmen fan kompromitearjende foto's fan him mei harren beiden, duorre trije dagen om te filmjen om't de trije akteurs oan ien wei troch slop wiene fan it laitsjen. Hoewol't de film hjit te spyljen yn 1848, lit de lânkaart fan don Diego dúdlik de hjoeddeistige grins tusken de Feriene Steaten en Meksiko sjen, dy't pas yn 1854 ûntstie nei de saneamde Oankeap fan Gadsden.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Bandidas waard yn Frankryk fersoarge troch de Groupe Canal+, yn 'e measte oare lannen en territoaria troch Walt Disney Studios Motion Pictures, en yn 'e Feriene Steaten, dêr't de film net yn 'e bioskoop útbrocht waard, troch 20th Century Fox. Bandidas gie op 3 febrewaris 2006 yn 'e Frânske bioskopen yn premiêre.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Bandidas mingde resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in tuskenbeiden goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 16 ûnderskate resinsjes. Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, hat anno 2022 (noch) gjin beoardieling fan Bandidas.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bandidas brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $18,4 miljoen op. De heechste opbringsten waarden binnenswile yn Spanje ($4,4 miljoen), Meksiko ($3,2 miljoen), Frankryk ($2,9 miljoen), Ruslân ($2,3 mijoen), Dútslân ($1,1 miljoen) en Sina ($863.000). Yn Nederlân brocht Bandidas yn 'e bioskopen $136.000 op. Ofset tsjin it budget fan $32 miljoen bliuwt der fan 'e wrâldwide opbringst in ferlies oer dat $13,6 miljoen bedraacht, en dêr't de marketingkosten noch by opteld wurde moatte.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Frânske westernfilm
- Frânske aksjekomeedzje
- Frânske misdiekomeedzje
- Meksikaanske westernfilm
- Meksikaanske aksjekomeedzje
- Meksikaanske misdiekomeedzje
- Amerikaanske westernfilm
- Amerikaanske aksjekomeedzje
- Amerikaanske misdiekomeedzje
- Westernkomeedzje
- Ingelsktalige film
- Film fan EuropaCorp
- Film fan Groupe Canal+
- Film fan Joachim Rønning
- Film fan Espen Sandberg
- Film út 2006
- Film oer bankberôving
- Film oer wraak
- Film oer lândieverij