Springe nei ynhâld

Apesanahkwat

Ut Wikipedy
Apesanahkwat
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMelvin Chevalier[1]
nasjonaliteit Amerikaansk
berne19 jannewaris 1949[2]
berteplakKeshena (Wiskonsin)[3]
etnisiteit Menominy (Menominee)[3]
jierren aktyf1985 – no[3]
offisjele webside
Apesanahkwat yn 'e IMDb

Apesanahkwat (útspr.: [a:pɛ'sa:nəkʷat], likernôch: "aa-peh-saa-neh-kwat";[1] berne as: Melvin Chevalier;[1] Keshena (Wiskonsin),[3] 19 jannewaris 1949)[2] is in Amerikaansk politikus, akteur en tradisjoneel dûnser fan Yndiaansk komôf.[3]

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Apesanahkwat waard yn 1949[2] as Melvin Chevalier[1] berne yn Keshena, yn it Menominy Yndianereservaat yn 'e Amerikaanske steat Wiskonsin.[3] Hy is in etnyske Menominy (Menominee).[3] Under de Fjetnamoarloch wied er as marinier fan it Amerikaanske Marinierskorps by de aktive striid yn Fjetnam belutsen.[3]

Politike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid tsjinne Apesanahkwat acht terminen as stammefoarsitter fan 'e Menominy Naasje, in Yndiaanske stamme-organisaasje mei federale erkenning yn 'e Feriene Steaten.[3][4][5] Dat in foarsitter sân kear werkeazen waard troch de leden fan 'e stamme wie noch nea earder foarkommen.[3] It wie ûnder syn stammefoarsitterskip fan 'e Menominy Naasje, dat Apesanahkwat yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren syn 'blanke' namme Melvin Chevalier ôflei en de Yndiaanske namme Apesanahkwat oannaam.[1]

As stammefoarsitter toande Apesanahkwat himsels sawol in beskermer fan 'e oerâlde tradysjes fan syn folk, as in progressyf aktivist dy't stried foar de rjochten en it wolwêzen fan 'e Yndianen.[3] Hy is in bejeftige orator, dy't doe en no mei syn taspraken oer de politike en sosjale sitewaasje fan 'e Yndianen besiket de lânseigen talen, kultuer en religyen fan 'e Yndianen te behâlden en, sa nedich, nij libben yn te blazen.[3] As stammefoarsitter wie Apesanahkwat fierders in grut befoarderder fan ûnderwiis, en net wurch te krijen as bestrider fan bindes, smoken, drugs en alkoholisme.[3] Ek wurdt er rûnom beskôge as ien fan 'e driuwende krêften efter de Indian Gaming Regulatory Act (IGRA), dy't gokken yn 'e Yndianereservaten tastie. Sûnt de oanname fan dy wet, yn 1988, hawwe in soad Yndianstammen harren minne ekonomyske tastân witten te ferbetterjen troch de bou fan kasino's.[3]

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Apesanahkwat makke yn 1985 syn debút as akteur, mei in gastroltsje as tolk yn 'e ôflevering Annie Oakley fan 'e tillefyzjesearje Tall Tales & Legends.[3] Yn 1987 wied er foar it earst op it wite doek te sjen, mei de rol fan sheriff Arnie yn 'e film Bagdad Cafe.[3] Yn 'e 1990-er jierren hie Apesanahkwat gastrollen yn ôfleverings fan û.m. de westernsearje Harts of the West, de plysjesearje Walker, Texas Ranger, en de science fictionsearje Babylon 5. Ek wied er fan 1993 oant 1995 te sjen yn 'e weromkearende rol fan Lester Haines yn fiif ôfleverings fan 'e searje Northern Exposure, en fertolke er yn 1997 de rol fan Bloody Knife yn 'e tillefyzjefilm Stolen Women: Captured Hearts.[3]

Fierders hie Apesanahkwat rollen as in senator yn in ôflevering fan North of 60, in kaptein yn 'e tillefyzjefilm Skinwalkers, en in plysjeman yn 'e tillefyzjefilm Helter Skelter. Hy hie gastrollen yn 'e plysjesearje Longmire en de misdiesearje Ray Donovan.[3] Ek spile er yn films as Sioux City (1994), Lady in the Box (2001), The Reawakening (2004), The Rain Makers (2005) en Nightbeasts (2010). By dy lêste film waard er op 'e ôftiteling fernijd as "Apesanahquat".[3] Yn 2017 fertolke Apesanahkwat de rol fan 'e skoanheit fan haadpersoan Cory Lambert (spile troch Jeremy Renner) yn 'e neo-western Wind River.[3]

Oare aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Apesanahkwat is ek in tradisjoneel Yndiaansk dûnser, dy't dielnimt oan powwows yn 'e hiele Feriene Steaten en Kanada.[3] Hy is in kriger fan 'e twadde rang fan 'e Midewiwin, it Grutte Medisyngenoatskip fan 'e Algonkwynske folken yn 'e krite fan 'e Grutte Marren.[3]

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1985Tall Tales & Legendstolkgastrol; ôfl. Annie Oakley
1993Harts of the WestAndrewgastrol; ôfl. Auggie's End
1993–1995Northern ExposureLester Hainesweromkearende rol; 5 ôfl.
1994Gunsmoke: One Man's JusticeSix Eyestillefyzjefilm
1994–1995Walker, Texas RangerRaymond Firewalkerweromkearende rol; 3 ôfl.
1995Babylon 5telepaat #1gastrol; ôfl. A Race through Dark Places
1995Siringo Chinonerotillefyzjefilm
1995CBS Schoolbreak Specialstamâldstegastrol; ôfl. My Indian Summer
1996Goode Behavioropperhaad Steve Davisgastrol; ôfl. Goode Samaritan
1997Stolen Women: Captured Hearts   Bloody Knifetillefyzjefilm
1997North of 60senator Jack Harpergastrol; ôfl. Love Hurts
2002Skinwalkerskaptein Butlertillefyzjefilm
2004Helter Skelterplysje man op wachttillefyzjefilm
2015LongmireSjajinske mangastrol; ôfl. Down by the River
2016Ray DonovanWovokagastrol; 2 ôfl.
films
1987Bagdad Cafesheriff Arnie
1994Sioux CityClifford Rainfeather
2001Lady in the BoxFelix
2004The ReawakeningHenry Johnson / dûnkere geast   
2005The Rain MakersJoe Crying Eagle
2010NightbeastsLouis Freebirdop 'e ôftiteling fermeld as 'Apesanahquat'
2017Wind RiverDan Crowheart

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 4 5 Imrie, Robert, Mystery Shrouds Reservation Suicide, Investigation Continues, op APNews, 23 maart 1990.
  2. 1 2 3 Biografyske gegevens oer Apesanahkwat.
  3. 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 17 18 19 20 21 22 Folsleine filmografy fan Apesanahkwat yn 'e Internet Movie Database (IMDb).
  4. ——, Apesnahkwat re-elected Menoninee chairman, yn: The Shawano Leader, 12 febrewaris 2000.
  5. Healy, Jack, From 280 Tribes, a Protest on the Plains, yn: The New York Times, 11 septimber 2016