Anne Tjerk Popkema
Anne Tjerk Popkema | ||
skriuwer | ||
Anne Tjerk Popkema mei syn oersetting fan De Hobbit. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anne Tjerk Popkema | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1 novimber 1975 | |
berteplak | Burgum (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk, Nederlânsk, Dútsk | |
sjenre | non-fiksje (taalkunde), oersettings | |
bekendste wurk(en) |
De Hobbit (fert.) Mearkes fan Grimm (fert.) | |
útjouwer | Utjouwerij Bornmeer Utjouwerij Elikser Utjouwerij Regaad | |
prizen | dr. Obe Postmapriis 2012 | |
jierren aktyf | 2002 – no | |
offisjele webside | ||
www.taalburopopkema.nl |
Anne Tjerk Popkema (Burgum, 1 novimber 1975),[1] is in skriuwer, oersetter en Frysk taalûndersiker. Hy hat in Frysk taalburo yn Grins: Taalburo Popkema.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Popkema is hikke en tein yn Burgum en gie nei it kristlik gymnasium (no Beyers Naudé) yn Ljouwert. Ferhuze yn 1994 nei Grins en studearre dêr Frysk. Siet by de Fryske studinteferiening FFJ Bernlef. Nei in jier oan de learare-oplieding Frysk en Nederlânsk oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert begûn er yn 1998 oan in stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins. Studearre dêr yn 2002 ôf yn de rjochting Midsiuwsk Frysk en Taalskiednis. Krige de skripsjepriis fan de Fryske Akademy foar syn skripsje oer hoe't yn it Aldfrysk it begryp wei oantsjut waard.
Wurke tusken 2002-2004 foar de Fryske Akademy, oan it earste boek dat yn it Frysk printe is, de Alde Druk, út 1484-1486. Yn 2004-2008 foltôge er by it Fach friesische Philologie (de Nordfriesische Wörterbuchstelle) fan de Christian-Albrechts-Universität yn it Dútske Kiel it Altfriesisches Handwörterbuch (2008). Hofmann, de oarspronklike bewurker, ferstoar yn 1998 doe't it boek oant de letter S klear lei. Popkema makke it wurk fierder dien. Skreau wittenskiplike artikels oer it Aldfrysk, leksikografy en de skiednis fan it Frysk. Yn 2009 begûn Popkema mei in Frysk taalburo yn syn wenplak Grins: Taalburo Popkema, dat him spesjalisearret op oersetten fan en ûndersyk nei it Frysk.
Anne Popkema hat altiten al niget hân oan it oersetten nei it Frysk ta. Under syn wittenskiplike wurksumheden sette er al ûnderskate stikken oer, lykas Ik pak myn bibleteek út fan de Joadsk-Dútske kultuerfilosoof Walter Benjamin. Earder al is er begûn mei it oersetten fan it boek The Hobbit fan J.R.R. Tolkien, dat yn 2009 ferskynde. Yn 2011 ferskynde der fan dy oersetting ek in audioboek, dat ynsprutsen is troch Popkema sels. Yn 2012 krige Popkema foar dy oersetting de Obe Postmapriis, de trijejierlikse provinsjale priis foar literêre oersettings. Ein 2012 ferskynde Mearkes fan Grimm, in yllustrearre oersetting fan 50 Grimm-ferhalen.
Neist oersetter en taalûndersiker is Popkema adviseur foar it Frysk foar it Oxford English Dictionary (sûnt 2006) en it Deutsches Rechtswörterbuch (sûnt 2009). Krige yn 2007 de Laurence Urdang Euralex Award. Waard yn 2009 beneamd ta lid fan de Fryske Akademy. Popkema wurke fan 2010-2012 as dosint taalfeardigens by de oplieding Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins. Fierder foarsitter fan de Stifting Eigen Honk Bernlef, bestjoerslid fan it Skriuwersboun en fan it Nammekundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy. Ek is hy lid van de Oarkonderûnte fan de Fryske Akademy.
Popkema skriuwt geregeldwei taalwedstriden út: ein 2011 foar Fryske 'gévismen', en earder dat jier foar it moaiste Fryske palindroom. Hy joech yn juny 2010 in kursus Frysk oan Ron Jans, doe't dy krekt trainer fan SK It Hearrenfean wurden wie. Popkema makke ek de oersetting fan de earste Frysktalige Donald Duck, dy't yn april 2012 útkaam by de Afûk yn Ljouwert. Dat is mei 50.000 eksimplaren ien fan de bêst ferkochte Frysktalige publikaasje ea wurden.
Yn 2013 hat Popkema mei twa kollega's de Fryske Utjouwerij Regaad oprjochte, dy't fêstige is yn Grins. Dêr kaam yn maart 2014 as earste publikaasje Popkema syn oersetting De Skacht en de Slinger fan Edgar Allen Poe út. Yn 2015 ferskynde in oare oersetting fan Popkema by Regaad, De Skipsjonges fan Bontekoe, fan Johan Fabricius.
Oersettings (seleksje)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2004: Ik Pak Myn Bibleteek Ut (nei Walter Benjamin)
- 2007: De Harksizzer: Fyftjin Karaktersketsen (nei Elias Canetti)
- 2008: De Kanon fan Fryslân yn 11 en 30 Finsters (mei Goffe Jensma e.o., Afûk, Ljouwert; Fryske parallelútjefte fan: De Canon van Friesland yn 11 en 30 Vensters)
- 2009: De Hobbit (nei J.R.R. Tolkien; bekroane mei de Obe Postmapriis 2012; twadde edysje septimber 2012
- 2010: That´s Alright Momma (Iepenloftspul Dronryp)
- 2012: Frysktalige Donald Duck (Afûk y.g.m. Sanoma)
- 2012: Mearkes fan Grimm (nei de Bruorren Grimm)
- 2013: De Fries: Op Syk nei de Fryske Identiteit (nei Erik Betten, útjouwerij Wijdemeer)
- 2013: Djipte, De Skiednis fan in Gat (mei Atte Jongstra; kadoboek Moanne fan it Fryske boek, Tresoar 2013)
- 2014: De Skacht en de Slinger (nei Edgar Allan Poe)
- 2015: De Skipsjonges fan Bontekoe (nei Johan Fabricius)
- 2017: Teltsjes fan Tellegen (nei Toon Tellegen)
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wittenskiplike publikaasjes [seleksje]
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (2002) 'Aldfryske wei-oantsjuttings. In ûndersyk nei it âldfryske wurdfjild 'ferkearsferbinings oer lân. Yn: Us Wurk 51, s. 87-12.
- (2003) 'Aspekten fan it Freeska Landriucht - Oer de edysjeferdieling fan Galama'. Yn: Philologia Frisica anno 2002. Lêzingen fan it Sechtjinde Frysk Filologekongres 11, 12 en 13 desimber 2002. Ljouwert. side 171-182.
- (2005) 'Het Freeska Landriucht of (Oude) Druk / It Freeska Landriucht of (Alde) Druk'. (Sjoch: http://schatkamer.tresoar.nl/landriucht/index.html).
- (2007) 'Het Oudfries: rechtstaal in beginsel'. Yn: Us Wurk 56, side 38-62.
- (2007) 'Die altfriesischen Eidesbezeichnungen'. Yn: Bremmer jr., Rolf H./Laker, Stephen/Vries, Oebele (red.). Advances in Old Frisian Philology (Amsterdamer Beiträge zur älteren Germanistik 64/Estrikken 80). Amsterdam/New York, s. 325-356/
- (2008, mei Dietrich Hofmann) Altfriesisches Handwörterbuch. Heidelberg.
- (2010, besoarger) Fon Jelde. Opstellen van D.J. Henstra over middeleeuws Frisia. Grins.
- (2009) ‘Die Bedeutung des Altfriesischen für die Erforschung des germanischen Rechtswortschatzes und vice versa’, in: Deutsch, Andreas (Hg.), Das Deutsche Rechtswörterbuch: Perspektiven. Heidelberg, 2009 (siden 73-90).
- (2010) ‘State of the Art of the Lexicography of European Lesser Used or Non-State Languages’, in: Dykstra, Anne & Schoonheim, Tanneke (eds.), Proceedings of the XIV Euralex International Congress. Ljouwert 2010, s. 65-98.
- (2012) ‘Eine Perspektive der altfriesischen Lexicographie? Zu einem Online-Belegwörterbuch des Altfriesischen’, in: Philologia Frisica anno 2008. Lêzingen fan it Achttjinde Frysk Filologekongres 10, 11 en 12 desimber 2008. Ljouwert.
- (2013) On the Origin of All Evil: The Old Frisian Collocation grimme herne and its Modern Use', in: Jarich Hoekstra (Hg.), Twenty-Nine Smiles for Alastair. Freundesgabe für Dr. Alastair G.H. Walker ). Kiel 2013, pp. 195-207.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|