Springe nei ynhâld

Súdhollânsk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aldsúdhollânsk)
Súdhollânsk
algemien
eigen namme Zuid-Hollands
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 500.000 (2005, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Súdhollânsk
dialekten Amsterdamsk, Delflânsk, Delftsk,
Doardtsk, Foarne-Putstersk, Goudsk,
Haachsk, Haarlimsk, Hoeksk,
Katwyksk, Krimpenerwaardsk, Leisk,
Noardwyksk, Rynlânsk, Rotterdamsk,
Skeveningsk, Skylânsk, Westiselmûnsk,
Westlânsk e.o.

It Súdhollânsk (Súdhollânsk: Zuid-Hollands) is it Hollânske haaddialekt dat fan âlds sprutsen wurdt yn hast de hiele provinsje Súd-Hollân, mei noch in súdlike stripe fan Noard-Hollân en in stikje fan Utert deropta. Dit dialekt falt útinoar yn in grut tal subdialekten, dêr't it Amsterdamsk, it Rotterdamsk en it Haachsk nei alle gedachten de bekendsten fan binne. It Súdhollânsk ûnderskiedt him fan 'e (measte) Noardhollânske dialekten trochdat it net in (dúdlik) Frysk substraat hat. Fan alle Nederlânske dialekten hat it Súdhollânsk fierwei de grutste bydrage levere oan 'e Nederlânske standerttaal.

It dialektgebiet fan it Súdhollânsk omfiemet it grutste part fan 'e provinsje Súd-Hollân, útsein it uterste easten en suden. Eastlik fan in tinkbyldige line fan Sânhoven nei Gouda, en fierders yn 'e Fiifhearelannen, de Alblasserwaard en it eastlike part fan 'e Krimpenerwaard wurde nammentlik Utertsk-Alblasserwaardske dialekten sprutsen. Yn it uterste suden fan 'e provinsje hearre fierders it eardere eilân Goeree-Oerflakkee en it doarp Eastfoarne en omkriten op westlik Foarne-Putten ta it Siuwske taalgebiet. Yn Noard-Hollân heart de hiele stripe besuden it IJ ta it Súdhollânske dialektgebiet, de stêden Amsterdam en Haarlim ynbegrepen, mar útsein it Goai, dêr't Utertsk-Alblasserwaardsk sprutsen wurdt. Fierders heart dan ek noch it uterste noardwestlike puntsje fan 'e provinsje Utert ta it Súdhollânske dialektgebiet, rûchwei it plak Mijdrecht en omkriten.

De lokaasje fan it Súdhollânsk yn it gruttere Hollânske taalgebiet.

It Súdhollânsk liket sterk op it Utertsk-Alblasserwaardsk, en giet yn it easten stadichoan oer yn dat Nederlânske haaddialekt, krekt sa't it yn it suden ek stadichoan oergiet yn it Siuwsk. Op Foarne-Putten en yn 'e Hoekske Waard is de ynfloed fan it Siuwsk dan ek frij grut. Besuden it Hollânsk Djip wurdt yn Noard-Brabân in oar Hollânsk dialekt sprutsen, it saneamde Westhoeksk, dat de oergong foarmet fan it Súdhollânsk nei it Brabânsk. Yn Noard-Hollân foarmje trije lytse streektalen, it Kennemerlânsk, it Saansk en it Wetterlânsk, de oergong nei de Westfryske dialekten. Fan dy trije hat it Kennemerlânsk noch it measte gemien mei it Súdhollânsk.

Oarspronklik waard der yn hiele Hollân Frysk sprutsen. It is net alhiel dúdlik hoe't de súdlike en sintrale parten fan Hollân ûntfryske rekke binne; mooglik waarden de Friezen dêre troch Nederfrankysk sprekkende kolonisten hieltyd fierder weromkrongen. Oanhingers fan dy "ferkringingsteory" ferwize gauris nei de saneamde Grutte Untginning yn 'e Hollânsk-Utertske Leechflakte, yn 'e perioade fan 'e alfde oant de trettjinde iuw, dy't in protte folk út oare kontreien oanlutsen hawwe soe. It kin lykwols ek wêze dat de Fryske bewenners fan Hollân stadichoan Nederfrankyske foarmen oernommen en sa it Frysk ferlern hawwe. Yn elts gefal hat him yn 'e Midsiuwen út dat Nederfrankysk wei it Hollânsk, en dêrmei ek it Súdhollânsk, ûntjûn.

Mei't yn 'e Midsiuwen de súdlike Nederlânske gewesten, lykas Flaanderen en Brabân, de grutste ekonomyske en sadwaande ek politike macht hiene, oefenen it Flaamsk en it Brabânsk doedestiden grutte ynfloed út op it Súdhollânsk, dat troch syn geografyske posysje hieltyd ien fan 'e earste Hollânske dialekten wie dy't de taalkundige fernijings út it suden oernaam. Men kin dêrby sels sprekke fan in beskate ferbrabânsing, mei't bygelyks twalûden lykas de lange ij en de ui oarspronklik net yn it Hollânsk foarkamen, mar út it Brabânsk oernommen waarden. It krappe materiaal dat út dy tiid oerlevere is wiist derop dat Doardt by dy ûntwikkeling it foartou naam, wat, de lizzing fan dy stêd yn acht nommen, fansels ek gjin grutte ferrassing is.

Strjitbyld yn Amsterdam mei op 'e eftergrûn de Westertoer.

Hoewol't dy taalferoaring yn 'e Midsiuwen en de Renêssânse oer it generaal nommen tuike-tuike ferrûn wêze sil, kaam der ûnder de Tachtichjierrige Oarloch in skokeffekt, doe't de stêd Antwerpen yn 1585 troch de Spanjerts ynnommen waard en fan gefolgen tsientûzenen Brabanners en Flamingen nei Hollân ta flechten. Om't dy harren frijwol allegear yn 'e stêden fêstigen, ûntstie dêr in sprektaal dy't in ferminging west hawwe moat fan 'e oarspronklike Hollânske stedsdialekten en it Brabânsk en Flaamsk fan 'e nijynkommelingen. Mei't de oarspronklike dialekten mar fragmintarysk oerlevere binne, is no net mear nei te gean hoe grut oft de relative bydrage fan 'e beide groepen oan 'e nije sprektaal west hat. Wol is dúdlik dat dizze flugge taalferoaring him net inkeld yn 'e Súdhollânske stêden foardie, mar ek yn Amsterdam en Haarlim, dêr't foartiid dialekten sprutsen wiene mei in folle sterker Frysk substraat.

Mei it ûntstean fan in Nederlânske standerttaal, yn 'e santjinde iuw, begûn yn it Hollânske suderkertier in proses fan diverginsje, wêrby't de dialekten fan stêd en plattelân almar fierder útinoar rekken. De stedsdialekten groeiden nammentlik hieltyd mear nei de standerttaal ta, oant se har der yn 'e njoggentjinde iuw inkeld noch fan ûnderskaten troch in beskaat aksint en in pear taaie ôfwikings, lykas it bekende kenne ("kinne") foar Ned. kunnen, en legge ("lizze") foar Ned. liggen. Yn it ûnderwiis waarden sokke útspraken oan 'e ein fan 'e tweintichste iuw ta betitele as "taalflaters" dêr't it near op lein wurde moast. Mei't de Hollânske elite tsjin 'e njoggentjinde iuw útslutend noch de standerttaal spriek en it dialekt dus beheind rekke wie ta it sljochtwei folk, rekken de stedsdialekten foar in grut part fan 'e befolking assosjearre mei de ûnderlagen fan 'e maatskippij en mei brekme oan ûnderwiis.

Underwilens kamen der yn dyseldichste tiid op it Súdhollânske plattelân en yn 'e isolearre fiskersdoarpen oan 'e kust dialekten foar dy't sterk fan 'e standerttaal ôfwykten. It is net dúdlik wêr't dy grutte ferskillen weikamen. It soe kinne dat de sitewaasje in gefolch wie fan it ferrinnewearjen fan 'e oarspronklike stedsdialekten troch de ynfloed fan 'e standertskriuwtaal, wat betsjutte soe dat de plattelânsdialekten oerbliuwsels wiene fan it oarspronklike Súdhollânsk. Mar it is likegoed mooglik dat de ynfloed fan 'e skriuwtaal krekt de ûntwikkeling fan 'e stedsdialekten remme hie (trochdat eardere stadia skriftlik fêstlein wiene en men him fan taalferoaring bewust waard en dat proses doe besocht tsjin te kearen), wylst de minder mei de skriuwtaal yn kontakt steande plattelânsdialekten almar fierder begûn wiene ôf te wiken. Yn dat gefal soene de stedsdialekten dus it oarspronklike Súdhollânsk werjaan.

Yn 'e tweintichste iuw, en dan fral sûnt de midden fan 'e iuw, hat der, frjemd genôch, in tsjinstelde ûntwikkeling plakfûn. De plattelânsdialekten kamen sterk ûnder ynfloed fan it Standertnederlânsk te stean en ferlearen gauris har meast ôfwikende foarmen, wylst de stedsdialekten troch opname fan bargoenske, Ingelske en oare útlânske wurden en eigen neologismen krekt wer wat mear ôfstân mei de standerttaal ynbouden.

Troch de swiere Standertnederlânske ynfloed binne sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw in protte Súdhollânske dialekten sterk ûnder druk kommen te stean. Guon wurde allinnich noch mar troch de âlderein sprutsen en balansearje op it rântsje fan it útstjerren. De grutste dialekten, lykas it Amsterdamsk, it Rotterdamsk, it Haachsk en it Leisk, hawwe noch mear as genôch sprekkers, ek ûnder de jongerein, mar dy hawwe wer te krijen mei in grutte ynfluks fan Ingelske lienwurden.

It Akadeemjegebou, it âldste gebou fan 'e Ryksuniversiteit Leien.

It is net bekend hoefolle sprekkers oft it Súdhollânsk krekt hat, mar in skatting op basis fan ynformaasje út 2005 kaam út op in oantal fan sa'n 500.000, wêrfan't de grutte mearderheid dan socht wurde moat yn stêden as Amsterdam, Rotterdam, De Haach, Leien, Delft, ensfh. In oare skatting, út 1999, kaam út op likernôch 1 miljoen sprekkers. Sokke ferskillen kinne allicht ferklearre wurde troch de kritearia dy't men steld by it tellen fan dialektsprekkers, want yn Hollân wurdt in protte "licht dialekt" sprutsen. Dêrby ûnderskiedt it dialekt him inkeld noch fan it Standertnederlânsk troch klankferskillen lykas [ɛ:] (ê fan "bêd") foar de Standertnederlânsk [ɛ.i̭] (de Wâldfryske ei fan "dei") en [ʌ:] (eu fan "freule", Frânske útspraak) foar de Standertnederlânske [ʌi̭] (ui fan "bui"). Hoelang't men yn sokke gefallen noch sprekke kin fan in dialekt en wêr't de grins lutsen wurde moat mei in regionaal kleure Nederlânsk (regiolekt), dêr sille in soad minsken grif ferskillende mienings oer hawwe.

Taaleigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Súdhollânsk ûnderskiedt him fan it Standertnederlânsk troch de ôfwêzichheid fan it út it Heechdútsk ôfkomstige weromwurkjend foarnamwurd zich. Oarspronklik brûkte men ynstee it wurd hem, krekt sa't it Frysk dat ek docht, mar tsjintwurdich is hjirfoar de foarm z'n eige yn gebrûk: hij waste z'n eige ("hy wosk him"; Ned.: hij waste zich). Fierders binne yn it Súdhollânsk de tiidwurden "kinne" en "kenne" ferraand ta kenne (wylst it Nederlânsk de aparte foarmen kunnen en kennen hat), en de tiidwurden "lizze" en "dellizze" ta legge (Ned.: liggen en leggen). No binne dit allegear frij algemiene skaaimerken, dy't yn (hast) it hiele Hollânske taalgebiet foarkomme. Fan 'e oare Hollânske dialekten ûnderskiedt it Súdhollânsk him û.o. troch de ferfoeging fan tiidwurden yn 'e twadde persoan inkeltal mei de útgong -t of mei in nulútgong (je haalt of je haal), wêr't bgl. it Westfrysk je hale ("do hellest") hat. Ek de hoflikheidsfoarm u ("jo") is typysk Súdhollânsk, mei't sa'n foarm yn 'e Noardhollânske dialekten oarspronklik ûntbriek.

It Súdhollânsk falt útinoar yn in grut tal subdialekten fan stêd en plattelân, en in Súdhollânsksprekker sil nei syn dialekt altyd ferwize mei in lokale namme; nea as "it Súdhollânsk". De subdialekten kinne op twa manearen yndield wurde: in noardlike groep foar in súdlike groep oer, of de stêden fersus it plattelân (wêrby't sein wurde moat dat de lytsere stêden dan ta it plattelân rekkene wurde). As men útgiet fan in noard-súdtsjinstelling, dan kin men yn it noarden in Westfryske ynfloed gewaarwurde, wylst der yn it suden in Siuwske ynfloed bestiet. Nei de midden ta nimme dy beide ynfloeden stadichoan ôf en geane se yninoar oer. By de tsjinstelling stêd-plattelân kin men de stedsdialekten oer it algemien werom oan 'e breikjende r en oan it grutte tal wurden fan bargoensk, Ingelsk en oar útlânsk komôf.

It noarden fan it Súdhollânske dialektgebiet wurdt yn sterke mjitte behearske troch it Amsterdamsk en it Haarlimsk, de stedsdialekten fan Amsterdam en Haarlim. Taalkundigen binne fan betinken dat it Amsterdamsk foàr de Tachtichjierrige Oarloch in Wetterlânsk dialekt wie, wylst it Haarlimsk doe wierskynlik ûnder it Kennemerlânsk foel. Dat komôf is noch in bytsje oan 'e útspraak en de wurdskat ôf te hearren, mar dizze dialekten binne no sa fersúdhollânske, dat de folkswiisheid ûntstean koe dat men yn Haarlim it "suverste" Hollânsk praat.

De Erasmusbrêge yn Rotterdam.

By de kust lâns bestiet der in noard-súdbesibskip fan 'e konservative dialekten fan 'e ûnderskate fiskersdoarpen, lykas it Noardwyksk en it Skeveningsk, dy't mei-inoar ûnder de term Strânhollânsk beflapt wurde. Dêrby nimt it frijwat ôfwikende Katwyksk in útsûnderingsposysje yn. Dizze kustdialekten en teffens dy út 'e Bollestreek lykje nochal op it Haarlimsk. Op it plattelân fan sintraal Súd-Hollân hawwe it Rynlânsk en it Skylânsk de grutste fersprieding, mar ek wurde dêr it Delflânsk, it Westlânsk en it Krimpenerwaardsk sprutsen.

Yn dyselde krite sprekt men yn 'e stêden dialekten as it Haachsk, it Delftsk, it Leisk en it Goudsk. It Haachsk, dat sûnt de jierren santich yn 'e stedskultuer sterk popularisearre is, karakterisearret him troch in nochal ôfwikende útspraak. It Leisk hie dêrfoaroer lange tiid ferskate argayske skaaimerken bewarre en teffens in pear foar it Hollânsk folslein unike klankûntwikkelings trochmakke, mar dy ferskillen binne yn 'e tweintichste iuw troch de ynfloed fan it Standertnederlânsk marginalisearre rekke.

Fierder súdlik wurde yn 'e stêden it Rotterdamsk en it Doardtsk sprutsen. Troch de útwaaiende stedsbefolking is it Rotterdamsk him sûnt de jierren tachtich yn 'e omkriten sterk oan it fersprieden. Yn it Doardtsk klinkt fan alle Súdhollânske dialekten it dúdlikst de ynfloed fan it Brabânsk troch. Om Rotterdam hinne, yn 'e regio dy't wol Súd-Hollân-Súd neamd wurdt, wurde dan noch ferskate sterk ôfwikende plattelânsdialekten sprutsen. Dêrby giet it om it Hoeksk (of ek wol Waardsk) út 'e Hoekske Waard, it Foarne-Putstersk op Foarne-Putten en it Westiselmûnsk yn Iselmûne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: