Pazurgo
Pazurgo is in wurdpuzel dy’t ornaris de foarm hat fan in rjochthoekich letterfjild mei wite en kleure of arsearre fjouwerkanten. Pazurgo hat neist eleminten út krúswurdpuzels en wurdsikers ek eigen eleminten. It doel is om elk fan de oanzwizings op te lossen troch it oplossingswurd yn it letterfjild te finen troch in keatling te foarmjen dy ’t de letters fan it wurd oan inoar keppelt. Sadree ’t alle wurdkeatlings fan de oplossing ûntdekt binne, foarmje de oerbliuwende letters de oplossing foar in scrabble-oanwizing, at dy letters yn de goede folchoarder setten wurde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It idee foar Pazurgo kaam yn 2003 fan Jeremy L Graybill doe ’t hy op in dei piano spile. It earste boek ‘’Pazurgo The Amazing New Word Puzzle’’ waard yn 2010 publisearre.[2] In Flash-tapassing foar it oplossen fan Pazurgo-puzels waard makke yn 2009.
Ynstruksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Patroanwerkenning en logyske linichheden dy ’t brûkt wurde yn wurdsikeropdrachten en Sudoku komme fan pas by it oplossen fan Pazurgo-puzels.
- De begjinletters fan elk wurd wurde yn it letterfjild oanjûn.
- De wurdkeatlings begjinne mei ien fan de oanjûne startletters en elke letter fan de wurdkeatling wurdt dêrnei yn horizontale of fertikale rjochting út de foarige letter fûn.
- Der wurdt in line lutsen tusken de beide opinoarfolgjende letters, wêrby ‘t alle puzelletters der tuskenyn trochstreke wurde. Dy trochstreke letters wurde net mear yn in oplossingswurd brûkt.
- Elke letter mei allinnich yn in oplossingswurd brûkt wurde, en alle kleure meie net troch in wurdkeatling weilitten wurde.
- In oplossingswurdkeatling kin himsels kruse of it keatling fan in oare oplossing kruse, mar in keatling mei net oer de kleure fjouwerkanten gean.
- At alle oplossingswurdkeatlingen fûn binne, foarmje de oerbleune letters dy ’t net kleuree of trochstreke binne, de oplossing foar de Scrabble'-oanwizing, as dy letters yn de goede folchoarder setten wurde.
Foarbyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it foarbyld hjirnjonken: Der beide oplossingswurden begjinne mei de letters yn it kleure hokje. It oplossen fan de earste oanwizing jout de oplossing fan fiif letters:"FOPPE" op. Binnen it letterfjild wurdt nei elk fan de begjinletters sjoen om de jildige wurdgroep foar "FOPPE" te ûntdekken. De keatling wurdt fûn troch te begjinnen mei de "F" yn de boppeste rige, de "O" dêrûnder te krusen en dan troch te gean mei de "P", "P" en "E" lykas yn de oplossing oanjûn is.
- It oplossen fan de twadde oanwizing levert de fiifletterige oplossing "NYNKE" op. De jildige wurdkeatling foar "NYNKE" begjint mei de net-brûkte begjinletter "N" yn de twadde rige. De wurdkeatling stekt dan de wurdkeatling oer fan "FOPPE", krúst de "O", en giet fierder mei de "Y", "N" en "K" lykas oanjûn yn de oplossing. De wurdkeatling krúst dêrnei himsels en foeger de lêste letter "E" ta.
- At de twa wurden oplost binne, foarmje de oerbliuwende letters dy’t gjin ûnderdiel binne fan in wurdkeatling en net troch in wurdkeatling trochstreke binne, de oplossing foar de Scrabble-oanwizing, as se yn de goede folchoarder setten binne. De letters "E", "B" en "A" foarmje dan it wurd "ABE".
- Guon Pazurgo-puzels hawwe in "tema", bygelyks Fryske plaknammen.
Jeremy Graybill
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jeremy Lee Graybill wennet yn Littleton, Kolorado. Nei syn stúdzje wiskunde, ynformatika, kompjûtertechnology en natuerkunde wurket er as manager fan biostatistyske analyze en haadstatistikus.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ’’Pazurgo The Amazing New Word Puzzle’’ Tuttle publishing (2010) ISBN 978-0804841306
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Taalpuzels | |
---|---|
anagrampuzel
• drûdel
• filippine
• hertpuzel
• hynstesprong
• kryptogram
• krúswurdpuzel
• paspuzel
• pazurgo
• pentagrampuzel
• petpuzel
• rebus
• sânglêspuzel
• scrabble
• sitaatpuzel
• slashpuzel
• spiraalpuzel
• Sweedske puzel
• taartpuzel
• trochrinner
• weefpuzel
• wordfeud
• wurdfrissel
• wurdian
• wurdl
• wurdljedder
• wurdriuwen
• wurdsiker
• wurdwjirm
|