Springe nei ynhâld

Sweedske puzel

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 jan 2020 om 07.37 troch 185.225.208.100 (oerlis)
Sweedske puzel

In Sweedske puzel wurket itselde as in krúswurdpuzel, mar de omskriuwings fan de yn te foljen wurden stean yn it diagram (op it plak dêr't ornaris de swarte hokjes steane), mei in pylkje dat de rjochting oanjout wêryn it wurd ynfold wurde moat. Ek bestiet (troch de beheinde romte) de omskriuwing fan elk wurd meastentiids mar út ien of twa wurden wat dan in synonym betreft fan it te rieden wurd. By in gewoane krúswurdpuzel is dit net sa en steane der as omskriuwings bytiden hiele sinnen, útdrukkings of sprekwurden.

Fergelike mei in klassike krúswurdpuzel hat in Sweedske puzel folle gruttere hokjes, om de tekst yn de hokjes lêsber te hâlden; en in Sweedske puzel is eins nea symmetrysk opboud.

Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgopentagrampuzelpetpuzelrebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelslashpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltaartpuzeltrochrinnerweefpuzelwordfeudwurdfrisselwurdianwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsikerwurdwjirm