FHM
FHM | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
taal | Ingelsk (oarspronklike edysje) | |
sjenre | manljusblêd | |
frekwinsje | 1x yn 'e moanne | |
bestean | 1985 – no | |
plak haadred. | Londen (Ingelân) | |
útjouwer | Bauer Media Group | |
oplaach | 106.370 (2013) | |
ISSN | 0966-0933 | |
offisjele webside | ||
www.fhm.com |
FHM (in ôfkoarting fan For Him Magazine) is in ynternasjonaal tydskrift foar manlju fan tusken de 18 en 30 jier âld. It stiet benammen bekend om syn fraachpetearen mei en sensuële (mar net neaken) fotoreportaazjes fan bekende froulju, lykas aktrises, sjongsters en modellen. Ek trêdet it blêd op 'e foargrûn troch sûnt 1995 op jierlikse basis in list fan 'e hûndert meast seksy froulju fan 'e wrâld gear te stallen. FHM is in moanneblêd, wêrfan't de oarspronklike edysje de Britske is, mar dat no yn 18 ferskillende nasjonale edysjes ferskynt, wêrûnder in Nederlânskenien. Yn 2013 hie de Britske edysje in oplaach fan goed 106.000 eksimplaren.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]FHM begûn yn 1985 yn Grut-Brittanje ûnder de namme For Him as in fearnsjierblêd. It waard yn 1994 omneamd ta FHM, doe't de publikaasje oernommen waard troch de útjouwerij Emap Consumer Media. Lykwols stiet de namme For Him Magazine noch altyd op 'e rêch fan eltse edysje. Neitiid kaam it de Britske merk foar manljusblêden te dominearjen, en troch dat súkses begûn it ek oan in ynternasjonale opmars. Hjoed de dei ferskynt it yn achttjin ûnderskate nasjonale edysjes (mar net yn in Amerikaansken-ien). Yn febrewaris 2008 ferkocht Emap it blêd oan 'e Dútske útjouwerij Bauer Media Group. De Nederlânske edysje wurdt op 'e merk brocht troch de Free Media Group.
Lannen mei in eigen FHM-edysje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
1e plak yn 'e FHM Top 100 Meast Seksy Froulju fan 'e Wrâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1995: Claudia Schiffer
- 1996: Gillian Anderson
- 1997: Teri Hatcher
- 1998: Jenny McCarthy
- 1999: Sarah Michelle Gellar
- 2000: Jennifer Lopez
- 2001: Jennifer Lopez
- 2002: Anna Kournikova
- 2003: Halle Berry
- 2004: Britney Spears
- 2005: Kelly Brook
- 2006: Keira Knightley
- 2007: Jessica Alba
- 2008: Megan Fox
- 2009: Cheryl Cole
- 2010: Cheryl Cole
- 2011: Rosie Huntingdon-Whiteley
- 2012: Tulisa Contostavlos
- 2013: Mila Kunis
- 2014: Jennifer Lawrence
- 2015: Michelle Keegan
- 2016: Margot Robbie
- 2017: Gal Gadot
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Filipynsktalich tydskrift
- Frânsktalich tydskrift
- Yndonezysktalich tydskrift
- Ingelsktalich tydskrift
- Letsktalich tydskrift
- Nederlânsktalich tydskrift
- Noarsktalich tydskrift
- Roemeensktalich tydskrift
- Russysktalich tydskrift
- Sineesktalich tydskrift
- Sloveensktalich tydskrift
- Taisktalich tydskrift
- Turksktalich tydskrift
- Britsk manljusblêd
- Filipynsk manljusblêd
- Frânsk manljusblêd
- Yndiaask manljusblêd
- Yndonezysk manljusblêd
- Ingelsk tydskrift
- Letsk manljusblêd
- Maleizysk manljusblêd
- Nederlânsk manljusblêd
- Noarsk manljusblêd
- Roemeensk manljusblêd
- Russysk manljusblêd
- Sineesk manljusblêd
- Singapoereesk manljusblêd
- Sloveensk manljusblêd
- Súdafrikaansk manljusblêd
- Taisk manljusblêd
- Taiwaneesk manljusblêd
- Turksk manljusblêd
- Krante of tydskrift oprjochte yn 1985