Springe nei ynhâld

Arktis

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 mrt 2024 om 23.02 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Noardpoalsirkel, in tinkbyldige line op likernôch 66° noarderbreedte, is de grins fan 'e arktis.

De arktis of it Noardpoalgebiet is de poalstreek yn it uterste noarden fan 'e Ierde. It byhearrende eigenskipswurd is arktysk. Skaaimerken fan 'e Arktis binne dat it der tige kâld is, fral winterdeis, en dat der in protte lâniis en see-iis is. De dielen fan it lân dy't net oerdutsen binne mei iis, besteane út oanhâldend mei permafrost oanhelle toendra. De arktis is omreden fan it ûnherberchsume klimaat tige tinbefolke. De measte bewenners binne leden fan beskate lânseigen folken dy't dêr al sûnt minskewitten tahâlde en harren kultuer oan 'e libbensomstannichheden oanpast hawwe. Foar de súdgrins fan 'e arktis wurdt almeast de Noardpoalsirkel oanholden. It gebiet bestiet foar it meastepart út 'e Noardlike Iissee, mar omfettet ek dielen fan 'e Feriene Steaten (Alaska), Kanada, Denemark (Grienlân), Iislân, Noarwegen, Sweden, Finlân en de Russyske Federaasje.

De term 'arktis' komt fan it Grykske wurd ἀρκτικός, arktikos, dat "deunby de Bear" betsjut, fan ἀρκτος, arktos, dat "bear" betsjut. Dat is in ferwizing nei it stjerrebyld Grutte Bear, dat in prominint plak ynnimt oan it noardlike firmamint, of mooglik nei it stjerrebyld Lytse Bear, dat de himelske noardpoal omfettet.

De reade line is de isoterm dy't de súdgrins oanjout fan it gebiet dêr't de temperatuer sels yn july net boppe de 10 °C útkomt.

De arktis is de poalstreek yn it uterste noarden fan 'e Ierde. It is dêrom logyskerwize in gebiet sûnder noardgrins. Foar de súdgrins fan 'e arktis wurdt almeast de Noardpoalsirkel oanholden, in tinkbyldige line op likernôch 66° noarderbreedte. Soms wurdt foar de súdgrins ynstee keazen foar de isoterm dy't it diel fan it noardlik healrûn omfiemet dêr't it yn july, de waarmste moanne fan it jier, ûnder de 10 °C bliuwt. Dat is in folle grutter gebiet, mei't de 10 °C-isoterm fral yn Grienlân, westlik Kanada en de krite fan 'e Beringsee folle fierder nei it suden ta leit as de Noardpoalsirkel.

It grutste part fan 'e arktis wurdt foarme troch de Noardlike Iissee, dat eins in oseaan is. Yn 'e midden dêrfan bestiet it jier rûn in grutte iiskape, foarme út see-iis. By 't simmer krimpt de iiskape yn en by 't winter groeit er wer oan. Troch klimaatferoaring groeit er tsjintwurdich lykwols nea wer folslein oan, sadat er jier nei jier stadichoan fierder belunet. Râneseeën fan 'e Noardlike Iissee dy't ta de arktis hearre, binne (nei it easten ta fanôf de skieding fan Aazje en Noard-Amearika): de Beaufortsee, de Lincolnsee, de Baffinbaai, de Grienlânsee, de Barentssee, de Karasee, de Laptevsee, de Eastsibearyske See en de Tsjûktsjensee. As men de bredere definysje oanhâldt mei as súdgrins de isoterm fan 10 °C yn july, hearre ek de noardlike helte fan 'e Hudsonbaai, de Labradorsee, it noardlike part fan 'e Noarske See en de Beringsee noch ta de arktis. Dat binne eins râneseeën fan 'e Atlantyske Oseaan of (yn it gefal fan 'e Beringsee) fan 'e Stille Oseaan.

It lân yn 'e arktis giet foar in oansjenlik diel beskûl ûnder lâniis yn 'e foarm fan gletsjers, mar ek dy krimpe troch klimaatferoaring yn. De rest fan it lân bestiet út toendra op in ûndergrûn fan permafrost, mar ek de permafrost teit fuort troch de opwaarming fan 'e Ierde, wat liedt ta it frijkommen fan almar mear metaangas. De arktis omfettet fierders dielen fan acht lannen:

Yn 'e seeën fan 'e arktis lizze ek ferskate eilannegroepen. De grutste is de Arktyske Arsjipel fan Kanada, mei as grutste eilannen Baffinlân en Ellesmere, dy't yn grutte yn 'e arktis inkeld ûnderdogge foar Grienlân. Spitsbergen is in eilannegroep dy't by Noarwegen heart, krekt as it ienlike eilân Jan Mayen. Ta Ruslân hearre de folgjende eilannegroepen en eilannen (fan west nei east): Kolgûjev, Frâns Joazeflân, Nova Sembla, Noardlân, de Nijsibearyske Eilannen en Wrangel.

Iisbearen op it see-iis deunby de Noardpoal. (Foto nommen troch de bemanning fan 'e Amerikaanske ûnderseeër de USS Honolulu.)

De arktis wurdt karakterisearre troch ekstreem kâlde winters en koele simmers. De delslach hat meast de foarm fan snie. De totale delslach jiers is yn 'e arktis lykwols leech: yn it grutste part fan it gebiet falt minder as 500 mm. It liket wol dat it dêr faak snijt, mar dêrby giet it almeast om stosnie dy't troch hurde wyn opwaaid wurdt en dêrtroch de yllúzje jout fan sniefal. De trochsneed temperatuer deis kin by 't winter wol sakje oant –40 °C, en de leechste temperatuer dy't yn 'e arktis ea metten is, bedroech likernôch –68 °C. De kustgebieten fan de arktis hawwe in mylder klimaat troch de bedimjende ynfloed fan de oseaan. Dat wol net inkeld sizze dat dêr trochstrings de temperatueren heger lizze, mar ek dat dêr mear snie falt as yn 'e drûgere midden fan it gebiet.

Mei't de isotermen fan de Ierde nei it noarden ta opskowe (likernôch 56 km eltse tsien jier), krimpt de arktis as gehiel op 't heden ek yn.[1] Dit proses is faaks it bêst te fernimmen oan it jierlikse ferlies fan see-iis. Guon modellen foarsizze der tsjin 2035 elts jier yn 'e moanne septimber frijwol hielendal gjin see-iis yn it noardpoalgebiet wêze sil, wylst oare modellen hawwe wolle dat dat pas tsjin 2067 sa wêze sil.

Pangnirtung op it eilân Baffinlân, yn Nûnavût.

Lânseigen folken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De arktis is in tige tinbefolke gebiet. Ek tsjintwurdich noch wurdt it meastepart fan 'e befolking útmakke troch lânseigen etnyske groepen, dy't al iuwenlang yn it gebiet wenje en har kultuer en libbenswize oanpast hawwe oan 'e drege klimatologyske omstannichheden. De bekendste bewenners fan it Noardpoalgebiet binne grif de Eskimo's fan Noard-Amearika, dy't ferdield wurde kinne yn ferskate subgroepen: de Jûpik yn westlik Alaska en de uterste eastpunt fan it Tsjûkotkaskiereilân yn Sibearje; de Injûpiat yn noardlik Alaska; de Inûvialûyt yn 'e noardlike Yukon en it noardwesten fan 'e Noardwestlike Territoaria; de Inûyt yn Nûnavût; en de Grienlanners fan Grienlân.

As foar de arktis de súdgrins fan 10 °C yn july oanholden wurdt, kinne ek de oan 'e Eskimo's besibbe Aleoeten fan 'e Aleoetenarsjipel yn súdwestlik Alaska as in poalfolk oantsjut wurde. De iennichste lânseigen etnyske groep yn 'e Noardamerikaanske arktis dy't net ta de Eskimo's heart of nau mei harren besibbe is, wurdt foarme troch de Kûtsjin (of Gwich'in), in Yndiaansk folk dat yn 'e Yukon en de Noardwestlike Territoaria by de mûning fan 'e rivier de Mackenzie yn 'e Beaufortsee libbet.

Nenets-rindierhoeders yn it Autonoom Gebiet Jamalo-Nenetsje yn noardwestlik Sibearje.

Yn Jeraazje kinne fierders noch as lânseigen poalfolken oantsjut wurde: de Samen (of Lappen) fan noardlik Noarwegen, Sweden en Finlân en fan it Kolaskiereilân yn Ruslân; de Nenets (of Nentsy) fan noardlik Jeropeesk Ruslân en noardwestlik Sibearje; de Enets en Ganty (of Ostjaken) fan noardwestlik Sibearje; de Naganasanen, Dolganen en (de noardlikste) Jakûten fan it noarden fan sintraal Sibearje; en de (noardlikste) Evenen, (de noardlikste) Ewinken (of Toengoezen), Jûkagieren en Tsjûktsjen fan noardeastlik Sibearje.

Floara en fauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven de minsklike befolking binne ek floara en fauna yn 'e arktis oanpast oan 'e drege libbensomstannichheden. Mei't it yn 'e poalstreek te kâld is foar beammegroei, is de floara der fierhinne beheind ta strewelleguod, sigge, moas en koarstmoas. Yn 'e poalseeën tilt it op fan it libben. Sa is der in grut tal ferskate soarten fisk, mei as ien fan 'e grutsten de Grienlânske haai (Somniosus microcephalus), mar der binne ek in protte ferskillende soarten seehûnen en seeliuwen en de walrus (Odobenus rosmarus). Ek komme der walfisken foar lykas de Grienlânske walfisk (Balaena mysticetus), noardkaper (Eubalaena glacialis), narwal (Monodon monoceros), wite dolfyn (Delphinapterus leucas) en orka (Orcinus orca). Foarbylden fan fûgels dy't yn 'e arktis foarkomme, binne de snieûle (Bubo scandiacus), de Alpensniehin (Lagopus muta) en in protte seefûgels lykas miuwen.

In muskusokse.

Op it lân komme sûchdieren foar as de iisbear (Ursus maritimus), grize wolf (Canis lupus), eland (Alces alces), it dallskiep (Ovis dalli), de muskusokse (Ovibos moschatus), poalfoks (Vulpes lagopus), poalhazze (Lepus arcticus), warch (Gulo gulo), harmeling (Mustela erminea), it poalgrûniikhoarntsje (Urocitellus parryii) en ferskate soarten lemmings (Lemmus). It rindier (Rangifer tarandus) komt net inkeld yn it wyld foar, mar ek yn domestisearre foarm. De Samen fan Skandinaavje en de lânseigen folken fan noardlik Sibearje hawwe harren hiele (nomadyske) kultuer staljûn om it hoedzjen fan keppels rindieren hinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hansen, Jim: The Planet in Peril – Part I; Yale Center for the Study of Globalization; 19 oktober 2006

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.