Springe nei ynhâld

Laptevsee

Ut Wikipedy
Laptevsee
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken Noardlân, de
   Nijsibearyske Eilannen en
   it fêstelân fan Sibearje
lân Ruslân
koördinaten 76°16'07″NB, 125°38'23″EL
ûnderdiel fan Noardlike Iissee
sifers
maks. lingte 1.275 km
maks. breedte 985 km
oerflak 700.000 km²
djiptegemiddelde 578 m
djipste punt 3.385 m
wetterfolume 403.000 km³
In lânkaart fan de Laptevsee.
In lânkaart fan de Laptevsee.

De Laptevsee (Russysk: мо́ре Лáптевых) is in binnensee fan de Arktyske Oseaan. Dy leit tusken de eastkust fan Sibearje, it Taimyr Skiereilân, Noardlân en de Nijsibearyske Eilannen. De noardlike grins rint fan de Arktyske Kaap oant Kaap Anisi. De Karasee leit yn it westen, de Eastsibearyske See yn it easten. De Laptevsee is likernôch 672.000 kante kilometer grut. Hy is te befarren yn augustus en septimber.

De namme fan de see komt fan de Russyske ûntdekkingsreizgers Dmitry Laptev en Khariton Laptev. Earder hie de Laptevsee de namme Nordenskjoldsee (Russysk: мо́ре Норденшельда), nei de ûntdekkingsreizger Adolf Erik Nordenskiöld.

De grutste rivier dy’t yn de Laptevsee útkomt, is de Lena. Oare wichtige wetterleveransiers binne de Khatanga, de Anabar, de Olenyok, de Omoloy en de Yana.

De grutte baaien fan de see binne de Khatanga Baai, de Olenyok Baai, de Buor-Khaya Baai en de Yana Baai.

Iere ekspedysjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yakov Permyakov en Merkury Vagin ferkenden it eastlike part fan de Laptevsee yn 1712 en se ûntdutsen doe Bolshoy Lyakhovsky Eilân. Spitigernôch waarden Permyakov en Vagin op de weromreis fermoarde troch harren eigen bemanning, dy’t yn opstân kaam.

Yn 1735 sylde de Russyske ûntdekkingsreizger Vasili Pronchishchev fan Jakutsk de Lena bydel yn in sloep mei de namme Yakutsk. Hy ferkende de eastkust fan de Lena-delta en hold yn de winter ta oan de mûning fan de Olenyok. Spitigernôch kaam in grut part fan syn bemanning om it libben nei't se siik waarden, benammen troch skuorbot. Nettsjinsteande dy swierrichheden kaam er yn 1637 oan op de eastkust fan it Taymyr Skiereilân, wêrnei't er fierder by de kust lâns nei it noarden teach. Pronchishchev en syn frou Maria krigen ek skuorbot en kamen op harren wei werom om it libben.

Untdekkingsreizen fan de neven Laptev

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1739 oant 1742 waard de Twadde Kamtsjatka Ekspedysje holden. Ien fan de minsken dy’t mei giene, wie Dmitry Laptev. Hy fear de kust del fan de mûning fan de rivier de Lena, lâns de Buor-Khaya Baai en de Yana Baai, nei de seestrjitte dy’t hjoed-de-dei syn namme draacht, de Dmitry Laptev Strjitte. In neef fan Dmitry Laptev wie ek mei, Khariton Laptev, dy’t de lieding hie oer in ekspedysje dy’t de kust fan it Taimyr Skiereilân ferkende en begûn by de mûning fan de Khatanga.

Yn 1892 oant 1894 en wer fan 1900 oant 1902 ferkende Freiherr von Toll (Baron Eduard Von Toll) de Laptevsee. Toll die geologysk en geografysk ûndersyk foar de Piterboarchske Akademy fan Wittenskippen. Yn syn lêste ekspedysje rekke Toll op frjemde wize wei by de Nij Sibearyske Eilannen.

Yn de tiid fan de Sovjet-Uny ûntstie der ekonomyske foarútgong trochdat iisbrekkers de Noardlike Seerûte frijmakken. It plak Tiksi krige in fleanfjild en Nordvik wie in havenplak dat flink groeie koe.

Nei it stilfallen fan de kommersjele skipfeart yn de Sovjet-Uny waard der kwealik fearn yn de Laptevsee. Allinnich fan Moermansk nei Dudinka yn it westen en fan Vladivostok nei Pevek yn it easten wurdt út en troch fearn.

Namme feroarings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fan de Laptevsee is mear as ien kear feroare. Yn de 16e iuw stie dy bekend as de Tataresee (Russysk: Татарское мо́ре), yn de 17e iuw as Lenasaa (Russysk: Ленское мо́ре), yn de 18e iuw waard de namme Sibearyskesee (Russysk: Сибирское мо́ре) en yn de 19e iuw stie dy bekend as de Iissee (Russysk: Ледовитое мо́ре). Yn 1893 krige er de namme Nordenskjoldsee (Russysk: мо́ре Норденшельда) en yn 1913 de hjoeddeiske namme: Laptevsee.

De lêste omneaming komt foar it neiste fan de Russyske geograaf Yuly Shokalsky.