Springe nei ynhâld

Warner Bros. Studios, Burbank

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 des 2023 om 21.37 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (fuorthelle plaatsje ferfongen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Warner Bros. Studios, Burbank
Utsjoch oer it studiokompleks.
Utsjoch oer it studiokompleks.
algemien
hist. namme ferskaat, sjoch ynlieding
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Burbank (Kalifornje)
oprjochte 1926
mem Warner Bros. Studios
offisjele webside
studiooperations.warnerbros.com
kaart
Warner Bros. Studios, Burbank (Hollywood)
Warner Bros. Studios, Burbank
Lokaasje op in plattegrûn fan Hollywood en omkriten.

De Warner Bros. Studios, Burbank binne in studiokompleks yn Burbank, in foarstêd fan Los Angeles, dat eigendom is fan filmstudio Warner Bros. It waard yn 1926 boud troch filmstudio First National Pictures. Oarspronklik stie dit kompleks bekend as de First National Studio (1926-1929) en letter as de Warner Bros. Studios (1929-1967 en 1970-1972), de Warner Bros.-Seven Arts Studios (1967-1970) en The Burbank Studios (1972-1990). Yn 'e Warner Bros. Studios, Burbank binne in grut tal films en tillefyzjesearjes makke, wêrûnder Blade Runner, La La Land en The Big Bang Theory.

Wat no de Warner Bros. Studios, Burbank binne, waard yn 1926 boud troch de doetiidske filmstudio First National Pictures, doe't dy syn wurkmêd útwreide fan filmdistribúsje nei filmproduksje. It kompleks hiet doedestiden sadwaande de First National Studio en bestie yn 't earstoan út fjouwer soundstages. Troch it kommersjele súkses fan films as The Jazz Singer (1927) en The Singing Fool (1928) wie Warner Bros. yn septimber 1928 by steat en keapje in mearderheidsbelang yn First National Pictures oan. Neitiid waard de First National Studio it offisjele haadkertier fan Warner Bros., en dêrom waard it yn 1929 omneamd ta de Warner Bros. Studios. Njonken dit kompleks behold de filmstudio ek syn oarspronklike Alde Warner Bros. Studio oan Sunset Boulevard yn Los Angeles. Dat wie mar goed ek, want yn desimber 1934 waard 6,1 ha fan it First National Studio-kompleks en -backlot troch brân ferwoastge, sadat Warner Bros. útwike moast nei de âlde studio's.

De útwreiding fan it kompleks gie nei de yngebrûkname yn 1926 noch jierren troch. Ek yn 'e earste helte fan 'e 1930-er jierren hold de nijbou fan bykommende soundstages oan. Nei Studio 22, dy't yn 1937 reekaam, waard lykwols pas sechstich jier letter wer in nije studio oan it kompleks tafoege. Tsjin 1937 hie Warner Bros. syn âlde studio yn Los Angeles ôftanke en wiene de Warner Bros. Studios yn Burbank definityf it haadkertier fan it bedriuw wurden, dat se ek hjoed oan 'e dei noch altyd binne. Yn 1955 waard de difyzje Warner Bros. Television oprjochte, wêrnei't ek tillefyzjeproduksjes yn it studiokompleks filme waarden.

Yn 1972 gie Warner Bros. by wize fan besunigingsmaatregel in joint venture oan mei konkurrint Columbia Pictures, om gebrûk te meitsjen fan inoars opnamefasiliteiten. De Warner Bros. Studios waarden doe omneamd ta The Burbank Studios en de Columbia Ranch, oardel kilometer noardliker, waard de The Burbank Studios Ranch (ornaris ôfkoarte ta TBS Ranch). Yn dyselde snuorje fêstige de ûnôfhinklike filmstudio Lorimar Productions syn haadkertier yn 'e The Burbank Studios. De joint venture tusken Warner Bros. en Columbia duorre oant 1990, doe't Columbia en syn susterbedriuw TriStar Pictures it eardere studiokompleks fan Metro-Goldwyn-Mayer yn Culver City oernamen (no de Sony Pictures Studios). The Burbank Studios waarden doe de Warner Bros. Studios, Burbank en de TBS Ranch waard oerdien oan Warner Bros. en waard de Warner Bros. Ranch.

Anno 2023 besteane de Warner Bros. Studios, Burbank út 33 ûnderskate soundstages, dy't yn oerflak útinoar rinne fan 982  oant 2.985 m². Fan bysûnder belang is Studio 7, dy't yn 1937 mei 9 m ferhege waard sadat der in wettertank fan 7.580.000 liter yn paste, doedestiden de grutste fan 'e wrâld. Dy is letter brûkt foar de opnamen fan bekende films as The Goonies (1985), The Perfect Storm (2000) en Dunkirk (2017).

It backlot fan it kompleks hat in oerflak fan 25 ha, dêr't tydlike filmsets boud wurde kinne, mar dêr't ek ferskate fêste sets binne, dy't mei lytse oanpassings brûkt wurde kinne foar in ferskaat oan filmproduksjes. Sa is der New York Street, boud yn 1930, dat in strjitte yn New York neibeart. Hennessy Street, dat oarspronklik Tenement Street hiet, is in oare strjitteset, boud yn 1937. Midwest Street, boud yn 1939, stelt in strjitte foar yn in lytser plak yn it Amerikaanske Midwesten. Laramie Street, út 1957, wie in strjitte út in stedsje yn it Wylde Westen, dy't yn 2004 omboud waard ta Warner Village, in strjitte yn in hjoeddeistich doarp.

Fierders beskikke de Warner Bros. Studios, Burbank oer klaaikeamers, romten foar fisazjy en hierstilearring, kantoarromte en fasiliteiten foar preproduksje en postproduksje.

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Warner Bros. Studios, Burbank opnommen binne:


In seleksje fan tillefyzjesearjes en -programma's dy't alteast foar in diel yn 'e Warner Bros. Studios, Burbank opnommen binne:


Studiorûnlieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De "Warner Bros. Studio Tour Hollywood" is in rûnlieding troch de Warner Bros. Studios, Burbank dy't it publyk in blik efter de skermen fan it studiokompleks biedt. De rûnlieding begûn yn 1973 en hiet foarhinne de "Warner Bros. Studios V.I.P. Tour". Nei it súkses fan 'e "Warner Bros. Studio Tour London – The Making of Harry Potter" yn 'e Warner Bros. Studios, Leavesden (eins net yn Londen mar yn it Ingelske greefskip Hertfordshire), waard besletten om 'e rûnlieding troch it kompleks yn Burbank dêroan oan te passen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.