Springe nei ynhâld

Worms

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 okt 2023 om 20.31 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Ôfbylden: - kapke op haadletter)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Worms
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
Sifers
Ynwennertal 84.646 (2022)
Oerflak 108,73 km²
Befolkingsticht. 778 ynw./km²
Hichte 100 m
Oar
Postkoade 67547, 67549, 67550, 67551
Koördinaten 49° 37' N 8° 21' E
Offisjele webside
www.worms.de
Kaart
Worms (Rynlân-Palts)
Worms

Worms is in stêd mei likernôch 84.000 ynwenners yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De stêd waard troch de Kelten stifte en iveret mei de stêden Augsburg, Trier en Kempten om de titel fan de âldste stêd yn it lân.

Worms is ferneamd as Nibelungen- en Lutherstêd en om de domtsjerke, dy't mei de domstjerken fan Mainz en Spiers ta de trije romaanske keizerlike domtsjerken heart. Worms (Jiddysk: Wermajze, ווירמייזא) wie boppedat ea in sintrum fan de joadske kultuer yn Dútslân.

De âldste namme fan 'e stêd is fan Keltyske oarsprong. It lettere Worms ûnjoech him as it bestjoerssintrum Civitas Vangionum. Dy namme ferwiist nei de stamme fan 'e Fangionen, dy't him dêr sûnt it begjin fan de jiertelling nei wenjen sette. Oant yn 'e 16e iuw bleaune de ynwenners fan Worms harren sels noch Fangionen neamen. De hjoeddeiske namme Worms is lykwols sûnt de 6e-7e iuw yn gebrûk .

Yn 'e 5e iuw waard de stêd ûnder kening Gundahar de haadstêd fan de Boergonden. De Boergonden wiene in Germaansk folk, dy't harren in skoftke earder fêstige hiene yn it gebiet tusken de Ryn en de Mûzel. Nei't de Boergonden ferskate kearen oanfallen útfierden op Romeinske delsettings, waard de stêd yn 436 troch in gearstalt leger fan Romeinen (laat troch Aëtius) en Hunnen (laat troch Attila) mei de grûn lyk makke. De minsken dy't it oerlibben waarden troch de Romeinen nei it Romeinske distrikt Sapaudia (tsjintwurdich Savoy) deportearre. It barren, wêrby't kening Gundahar om it libben kaam, joech letter de ynspiraasje foar it skriuwen fan it Nibelungenliet.

De stêd wurdt yn de Frankyske tiid de sit fan biskoppen. Biskop Berchtulf is de earste mei wissens bekende biskop fan it bisdom Worms. Oare iere biskoppen wiene Amandus fan Worms († 7e iuw) en Rupert fan Salzburg († 718), dy't beide letter troch de katolike tsjerke hillich ferklearre binne. Amandus waard de patroanhillige fan sawol it bisdom as de stêd.

Worms yn 1572

Yn 'e 9e iuw keas keizer Karel de Grutte Worms ta syn winterferbliuw. Ûnder de Salyske keningen gong de stêd in perioade fan grutte bloei yn 'e mjitte en krige de stêd fiergeande privileezjes. Ek it Staufyske foarstenhûs ûnderhold hechte bânen mei Worms. Yn 1184 joech keizer Freark Barbarossa de stêd in grut tal nije frijheden, itjinge as de stifting fan de frije ryksstêd yn it Hillige Roomske Ryk sjoen wurde kin. Dêrmei hie de stêd allinnich noch ferantwurding ôf te lizzen oan 'e keizer sels. It betsjutte it begjin fan in lange striid tusken de biskop en de stedsried oer de fraach wa't it foar it sizzen hie yn de stêd. In striid dy't oan 'e 16e iuw duorje soe.

De stêd wie al oer it hichtepunt fan de wittenskiplike bloei hinne, doe't yn 1495 in nije ryksdei organisearre waard foar it trochfieren fan in fjouwertal wichtige ryksherfoarmings. In opstân yn 1512 en in skeel mei Franz von Sickingen yn 1515-1519 makke de finânsjele sitewaasje fan de stêd der net better op. Worms mocht dan wol in frije ryksstêd wêze, mar de macht fan de biskop en de geastliken wie net fuort te tinken en hja wisten in protte privileezjes te besetten, dy't de romte fan de rie lytser makke. Dêrnjonken kaam yn 'e rin fan de 15e iuw de tanimmende ynfloed fan de paltsgreven. Lykas yn in soad oare plakken fûn it nije tinken fan de reformaasje ek yn Worms in fruchtbere grûn. Faaks wie dêr yn 1521 wol de meast wichtige ryksdei yn 'e skiednis, dy't letter bekend waard ûnder de namme Ryksdei fan Worms. Maarten Luther moast doe foar de keizer syn 95 stellings ferdigenje. De ryksdei einige mei it Edikt fan Worms, wêryn't Luther ta ketter en fûgelfaai ferklearre waard. Nettsjinsteande dat ûntjoech de stêd him as in sintrum fan de reformaasje. Worms waard in protestânske stêd en oant 1792 mochten katoliken net mear yn 'e stedsrie sitte. De biskop en de geastlikheid holden lykwols harren privileezjes en ek de domtsjerke bleau katolyk.

Worms yn de 17e iuw

Troepen fan kening Loadewyk XIV fan Frankryk plonderden yn 1689 tidens de Njoggenjierrige Oarloch de stêd.

Worms yn de Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Worms yn 1900

Twa grutte bombardeminten yn it lêste jier fan de Twadde Wrâldkriich hawwe it âlde Worms hast folslein ferneatige. De Britten bombardearren de stêd yn 'e jûn fan 21 febrewaris 1945 om sawat 20:00 oere hinne. It smiten fan 100.000 brânbommen en 1.100 oare bommen koste 239 minsken it libben. Op 18 maart 1945 folge der in Amerikaansk bombardemint. Hjirby ferlearen nochris 141 boargers harren libben. Twatredde fan de âlde binnenstêd lei doe yn pún. In protte histoaryske monuminten gongen ferlern. Dêr foel ek de Dreifaltigkeitskirche (Trijefâldichheidstsjerke) ûnder, dy't oant op de fûneminten alhiel ôfbaarnde. 60,34 % fan 'e befolking rekke troch de loftoanfallen dakleas. De binnenstêd waard nei de kriich foar in grut part yn in moderne styl wer opboud.

Skiednis fan de joaden yn Worms

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Plattegrûn fan Worms yn 1630; it getto is yn de brune kleur oanjûn

De joaden fan Worms wiene yn 'e midsiuwen ien fan de belangrykste joadske mienskippen yn it ryk. De joaden, dy't benammen yn de hannel om fierrens warber wiene, wurken gear mei de gemeenten fan Mainz en Speyer en krigen yn de 11e iuw keizerlike privileezjes en frijheid om te hanneljen yn it hiele ryk. Worms krige in ferneamde Talmoedskoalle, dy't ek troch de ferneamde Frânske rabbyn Raschi besocht waard. Yn it jier 1034 krigen de joaden fan Worms in synagoge en in pear jier letter waard der in hôf oanlein foar it beïerdigjen fan harren deaden, it âldste Joadske tsjerkhôf fan Jeropa.

Yn 1096 die it leger fan de earste krústocht Worms oan. De joaden krigen de kar: bekeare of stjerre. Nei't de beskerming fan de keizer hersteld wie, mochten de joaden dy't it oerlibben werom gean nei it âlde leauwen. Doe't yn 1349 de Swarte Dea Worms berikte, brieken nije ferfolgings út. In protte joaden flechten doe nei Heidelberg.[1] Hjirmei kaam in ein oan it grutte belang fan de joadske mienskip yn Worms. De joaden mochten wol werom komme nei Worms, mar hja mochten tenei gjin grûn mear besitte. Oantrúne troch de gilden moasten de joaden yn 1615 op 'e nij de stêd ferlitte. Hja mochten in jier letter werom komme.[2]

De nije synagoge yn 1946

De 19e iuw brocht de joaden lykberjochtiging oan de oare ynwenners fan Worms en yn 1849 krige Worms as earste stêd fan Dútslân in joad as boargemaster[3].

Nei de machtsoername yn 1933 troch de nazy's naam it tal joaden yn Worms troch emigraasje ôf. Fan de ûngefear 1000 leden fan de mienskip bleaune der 300 efter, dy't foar it grutste part letter deportearre waarden en nea werom kamen. Yn novimber 1938 waard de âlde synagoge foar in grut part fernield. De nije synagoge, dy't flak by de âlde synagoge stie, bleau stean, mar waard letter yn 1945 troch alliearde bombardeminten dochs noch fernield en yn 1947 ôfbrutsen. It joadske tsjerkhôf Heiliger Sand bleau foar it neiteam bewarre.

Nei de wrâldkriich bestie der gjin joadsk gemeentelibben mear. De âlde synagoge waard yn de jierren 1958-1961 troch de oerheid wer rekonstruearre en yn it Raschi-Haus waard yn 1982 in joadsk museum iepene. Hjoeddedei hat Worms wer in lytse joadske mienskip, dy't foaral út East-Jeropeeske migranten bestiet en lid binne fan de joadske gemeente yn Mainz.

Yn 2010 fûn der in oanslach plak op de synagoge. Yn de yn breklik Dútsk opstelde ferklearring ferwiisden de dieders nei it Palestynsk-Israelyske konflikt mei de wurden "Sa lang jim de Palestinen gjin frede jouwe, sille wy jimme ek gjin frede jaan".[4]

Mei oare lokaasjes yn Mainz en Speyer hat UNESCO de werboude synagoge fan Worms mei de mikwe en it âldste joadske begraafplak fan Jeropa yn 2021 ûnder de namme "ShUM-lokaasjes fan Speyer, Worms en Mainz" ta wrâlderfgoed ferklearre.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De domtsjerke
  • De oan Petrus wijde katolike domtsjerke is de lytste fan de trije Rynlânske keizerdomtsjerken en waard foar in wichtich part tusken 1130 en 1181 boud.
  • It joadske tsjerkhôf Heiliger Sand is it âldste joadske tsjerkhôf yn Jeropa. It âldste grêf datearret fan 1058. De tagong leit oan de Willy-Brandt-Ring. De synagoge fan Worms, oarspronklik út 1034, mar yn 1096, 1146, 1349, 1615, 1689, 1938 ferwoastge en yn de jierren 1958-1961 op 'e nij boud. Fan 'e earste synagoge út 1034 bleau in stien mei dat jiertal bewarre. De mikwe waard yn de jierren 1185-1186 oanlein. Yn it saneamde Raschi-Haus oan de Hintere Judengasse is in museum ynrjochte oer de skiednis fan de joaden yn Worms. It joadske erfgoed fan Worms foarmet mei dat fan Mainz en Spiers it UNESCO-wrâlderfgoed ShUM-lokaasjes fan Speyer, Worms en Mainz.
  • It Lutherdenkmal oan de Lutherring is ien fan de grutste monuminten yn syn soarte fan Jeropa en waard yn 1868 ûntbleate.
  • De katolike Liebfrauenkirche leit midden tusken de wyngerds en waard fan 1276 oant 1465 boud as in goatyske kleastertsjerke.
  • De Pauluskirche en it Dominikaner kleaster (Paulusplatz) is as sticht fan it jier 1002 ôf boud op ynisjatyf fan biskop Burchard. Mei de sekularisaasje rekke it sticht de religieuze funksje kwyt, mar sûnt 1929 bewenje dominikanen it kleaster en waard de tsjerke op 'e nij ynwijd.
  • De romaanske Martinskirche oan it Ludwigsplatz is tsjintwurdich in katolike parochytsjerke, mar wie foarhinne in kleastertsjerke. Fan 'e kleastergebouwen bleau neat oer.
  • De út de Karolingyske tiid stammende Magnuskirche waard nei 1945 wer opboud.
  • It Museum fan de stêd Worms (Weckerlingplatz 7) is húsfeste yn it eardere Andreaskleaster.
  • De Dreifaltigkeitskirche is de grutste protestânske tsjerke fan Worms. It barokke bouwurk baarnde tidens de bombardeminten op Worms folslein út. It Steinmeyer-oargel yn de tsjerke heart mei 56 registers ta de grutste oargels fan Ryn-Hessen.
  • De Lutherkirche oan de Friedrich-Ebert-Straße is in ûntwerp yn 'e Jugendstil fan Friedrich Pützer en waard yn 1910-1912 yn it ramt fan de westlike útwreiding fan de stêd boud.
  • Fan de stedsommuorring binne noch grutte dielen fan de muorren en inkelde poarten bewarre bleaun.
  • De Nibelungenbrêge mei de Nibelungentoer waard yn 1900 boud as earste fêste ferbining oer de Ryn en droech oant 1945 de namme Ernst-Ludwig-Brücke.[5]
Rynlân-Palts Flagge fan Rynlân-Palts
Regierungsbezirke

Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts

Landkreise

Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis

Kreisfreie Städte

Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken

· · Berjocht bewurkje

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]