Edikt fan Worms
Appearance
It Edikt fan Worms waard útfeardige troch keizer Karel V op de Ryksdei fan Worms op 26 maaie 1521.
Maarten Luther waard der yn de Ryksban dien. Hy waard fûgelfrij ferklearre en de ferbaarning fan syn boeken waard der hjitten. Hy waard lykwols beskerme troch de karfoarst fan Saksen, sadat de Ryksban net effektyf útfierd wurde koe. Dêrom lieten jin him earst mar gewurde.
It Edikt fan Worms waard 1530 fernijd op de Ryksdei fan Augsboarch. Dat wurdt sa de "Godstsjinstfrede fan Augsburg" yn 1555.
Neist dit suver religieus beslút waard op de Ryksdei fan Worms ek de oarloch ferklearre oan it Frânske ryk fan Frans I en teffens it oerlitten fan de Habsburchske erflannen fan Karel V oan syn broer Ferdinand fan Habsburch regele.