Springe nei ynhâld

Star Trek: Strange New Worlds

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 jul 2023 om 23.53 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (by de tiid brocht)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Star Trek: Strange New Worlds
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Alex Kurtzman
ûntwikkele troch Akiva Goldsman
Alex Kurtzman
Jenny Lumet
produsint Andrea Raffaghello
útfierend
   produsint
Akiva Goldsman
Alex Kurtzman
Jenny Lumet
Henry Alonso Myers
Heather Kadin
Frank Siracusa
John Weber
Rod Roddenberry
Trevor Roth
Aaron Baiers
basearre op Star Trek: The Original Series
muzyk Nami Melumad (soundtrack)
Jeff Russo (titelmuzyk)
tillefyzjestudio Secret Hideout
Weed Road Pictures
H M R X Productions
Roddenberry Entertainment
CBS Studios
spilers
haadrollen Anson Mount
Rebecca Romijn
Ethan Peck
Babs Olusanmokun
Christina Chong
Celia Rose Gooding
Jess Bush
Melissa Navia
Bruce Horak
skaaimerken
sjenre science fiction
seizoenen 2 (seizoen 3 oankundige)
jierren 20222023
tal ôfl. 20
spyltiid (ôfl.) 45 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
prizen 1 × Saturn Award
webside startrek.com/shows/star-trek-strange-new-worlds
besibbe searjes The Original Series
The Next Generation
Deep Space Nine
Voyager
Enterprise
Discovery
Picard

Star Trek: Strange New Worlds is in Amerikaanske tillefyzjesearje dy't diel útmakket fan 'e Star Trek-franchise en fan 'e Star Trek-revival dy't begûn yn 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren. It is in science fiction-searje dy't ûntstie as spin-off fan Star Trek: Discovery. Yn it twadde seizoen fan dy rige (2019) waarden ntl. de personaazjes yntrodusearre dy't de haadrollen spylje yn Star Trek: Strange New Worlds. Anno 2023 rint de searje twa seizoenen. Yn 2022 wûn Star Trek: Strange New Worlds de Saturn Award foar bêste streamde science fiction-searje. De rige is te sjen fia de streamingtsjinst Paramount+.

Star Trek: Strange New Worlds wie in betinksel fan Alex Kurtzman, dy't al langer by de Star Trek-franchise belutsen wie. Syn idee wurke er fierder út yn 'e mande mei Akiva Goldsman en Jenny Lumet. De searje waard produsearre troch Andrea Raffaghello foar de tillefyzjestudio's Secret Hideout, Weed Road Pictures, H M R X Productions, Roddenberry Entertainment en de CBS Studios. As útfierende produsinten wiene der behalven Kurtzman, Goldsman en Lumet ek Henry Alonso Myers, Heather Kadin, Frank Siracusa, John Weber, Rod Roddenberry, Trevor Roth en Aaron Baiers by belutsen. De titelmuzyk waard komponearre troch Jeff Russo, wylst Nami Melumad ferantwurdlik wie foar de soundtrack.

De produksje fan Star Trek: Strange New Worlds sette yn maart 2020 útein, mar rûn fertraging op troch de beheinings yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy. De opnamen foar it earste seizoen fûnen plak fan febrewaris oant july 2021 yn 'e CBS Stages Canada yn Mississauga, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. In twadde seizoen waard yn 2022 opnommen. Beide seizoenen bestiene út tsien ôfleverings, elts mei in spyldoer fan 45 minuten. De searje waard fan maaie 2022 ôf ferpraat fia Paramount+, de streamingtsjinst fan filmstudio Paramount Pictures, dy't de rjochten op 'e Star Trek-franchise yn 'e hannen hat. In trêde seizoen waard yn maart 2023 oankundige, mar de opnamen dêrfan rûnen fertraging op troch de stakings fan it Writers Guild of America (it fakbûn fan senarioskriuwers) en SAG-AFTRA (it fakbûn fan akteurs).

Plak yn 'e Star Trek-franchise

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e gronology fan Star Trek spilet Strange New Worlds likernôch tsien jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Star Trek: The Original Series (út 'e 1960-er jierren) en nei de foarfallen út 'e slotôflevering fan it twadde seizoen fan Star Trek: Discovery.

Utgongspunt fan 'e plot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Trek: Strange New Worlds is basearre op Star Trek: The Original Series, út 'e 1960-er jierren, en hâldt deselde ferhaalopbou oan. Dat betsjut dat de ôfleverings allegearre op harsels steande ferhalen binne, wylst oare hjoeddeistige Star Trek-searjes, lykas Star Trek: Discovery en Star Trek: Picard, trochrinnende ferhaallinen hawwe, sadat de rige in ferfolchsearje wurdt.

Star Trek: Strange New Worlds folget de aventoeren fan 'e bemanning fan 'e USS Enterprise, in trijeëntweintichste-iuwsk romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, by harren ferkenningsreis troch de Molkewei. De wichtichste personaazjes binne kaptein Christopher Pike (Anson Mount), syn earste ofsier Una Chin-Riley oftewol 'Number One' (Rebecca Romijn) en luitenant Spock (Ethan Peck), in bûtenierdske Vulcaniër.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein Christopher Pike Anson Mount
Una Chin-Riley / 'Number One' Rebecca Romijn
Spock Ethan Peck
Joseph M'Benga Babs Olusanmokun
La'an Noonien-Singh Christina Chong
Nyota Uhura Celia Rose Gooding
Christine Chapel Jess Bush
Erica Ortegas Melissa Navia
Hemmer Bruce Horak
seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 10 5 maaie 2022 7 july 2022 Paramount+
2 10 15 juny 2023 17 augustus 2023

Untfangst en resultaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Trek: Strange New Worlds krige oer it algemien tige loovjende resinsjes fan 'e tillefyzjekritisy. It earste seizoen fan 'e searje hat op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, in goedkarringspersintaazje fan 99%, basearre op 84 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, leit dat sifer op 76% op basis fan 14 resinsjes. It twadde seizoen hat op Rotten Tomatoes in goedkarringspersintaazje fan 98%, basearre op 50 resinsjes, en op Metacritic in goedkarringspersintaazje fan 88% basearre op 11 resinsjes.

De searje wûn yn 2022 de Saturn Award foar bêste streamde science fiction-tillefyzjesearje. Ek waard Star Trek: Strange New Worlds dat jiers nominearre foar noch trije oare Saturn Awards (bêste akteur, bêste byrol fan in akteur en bêste byrol fan in aktrise yn in streamde searje foar Anson Mount, resp. Ethan Peck en Jess Bush) en teffens foar de Emmy Award foar bêste lûdsmontaazje yn in tillefyzjesearje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)