Skiednis fan De Tynje (wiidweidich)
Dizze side jout op gronologyske folchoarder in oersicht fan 'e skiednis fan De Tynje.
De Tynjester skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lânskip en de grûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan âlds krinkelet der in rivier troch it gebiet dat hjoed-de-dei Opsterlân neamd wurdt. Op him sels is dat in nijsgjirrige namme. Yn 1395 hjit de biskop fan Utert dizze kontreien Vpsteraland, wat neffens S.J. van der Molen yn syn djipgravende stúdzje 'Opsterlân' út 1958 stiet foar 'op lân sittend'. 'Stera' of 'stra' is eins 'sitera', siz mar situearre. De namme fan de gritenij Opsterlân wiist dan op de mienskippen dy't harren ta wenjen set hienen boppe op de hege sângrûnen oan wjerskanten fan de Haadstream, wat yn it Latyn Haudmare wie. Dy hegere streken krigen gauris in namme mei 'wâld' deryn, de doarpen dêre lyksa. Dan moat der net tocht wurde oan bosken mei heech beamguod, mar oan toendra-eftige flakten mei leech opgeand hout op de heger lizzende, drûge parten. Sels op de westlike legerein fan Opsterlân dêr't De Tynje no leit, wienen en binne der noch lange útrinners fan sânhichten ûnder it feanige boppeflak. It seit himsels dat de minsken der belang by hienen en kies dêr de paden foar de geande en de kommende man.
Sa wie der de Lytse Wâldwei, dy't begûn by de Sânpôle oan de Terwispelder Krûmewâl (de ferbining tusken de Alddyk en de Brêgeleane) en dy't op it Moedjip oan rûn. Letter waard dy wâldwei Nije Reed neamd en -nei in knik by it Moedjip- as Skoalpaad trochset oant de Rôlbrêgedyk ta. Dy hjitte eartiids ek oars: Riper Wâldwei. It is bekind dat dêr, wêr't dy twa wâldwegen gear kamen, de hiemen en de hûzen heech en drûch leinen. De tsjintwurdige persielen 21 en 23 hienen earder wol in sleat oan de dykskant, mar wetter stie der nea yn. Wol by de buorlju fan 19 en 25, mar dêr wienen de sleatten mei harren steile talúds tige djip útslat.
As dêre it fean it pear spit djip romme waard, sieten jo sa op it wite sân en al rillegau op de donkerbrune hurde felslaach. In pear hûndert meter fierderop lei in sodde, dêr't om 1950 hinne noch in Amearikaanske wynmûne by stie om it slimste wiet der wei te hâlden. Op in âlde kaart is te sjen dat wer in eintsje fierder in 'set' yn de wei lei. Dêr moat dus in wetter dwers op 'e dyk rûn ha, faaks útrinnend yn it Moedjip troch in rûge stripe mei in soad rusken.
Oant 1950 ta lei der noch in stûfe en rejale bulte op it stee, dêr't de nei-oarlochske nijbou kaam is. Dêr wenne de famylje Weiland mei grutte houten skuorren op it hiem, dy't mooglik tsjinne hienen as turfskuorren, saneamde hoopsteeën. Op guon plakken sieten grutte liembulten ûnder in tinne klynlaach. Dy soenen yn 'e rin fan de tiid as sedaasje efterbleaun wêze as it wetter fan de Middelsee troch fûleindige seestoarmen it lân ynjage waard.
Iuwen foardat der op De Tynje ek noch mar in hûs stie, hat der yn 'e buert fan it hjoeddeiske doarp in kapel stien, oan de Klokmêd. Op dat lân waarden dúdlike spoaren fûn fan dy kapel, doe't men om 1980 hinne in sleat groef dêr't Midsiuwske âldfriezen yn nei boppe kamen. It gebiet waard sporadysk neamd op âlde kaarten as Ryp, wat wize kin op in doarpsnamme.
Yn 1315 komt de kapel foar op in list fan alle 29 dy't ûnder de memmetsjerke fan Aldeboarn hearden. Lykas de kapel fan Wispolia, Terwispel. Dy wie yn 1336 in tsjerke mei in pastoar. Mar fan it Rypster kapeltsje hat nea mear praat west. Likemin as fan Rypster folk. Mar op in pear kilometer fan it kapeltsje, rjochting Aldeboarn, wie al in tsjerkhôf. Troch de feanterij binne hjir lykwols gjin spoaren fan oerbleaun. Van der Molen: 'Spitich, dat der al wit hoe ier sa bot yn 'e klynlannen bewesten Terwispel omdold is, dat wy wol nea oan 'e weet komme sille hoe't it lan der krekt hinnelein hat'.
De wetterlopen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Haudmare ûntstiet by It Foarwurk, tusken Sigerswâld en Bakkefean. Dêr hat er as namme It Alddjip. By De Sweach omhinne wurdt er wolris Keningsdjip neamd. Mar fierderop, oant Raard ta hjit er De Boarn. Yn de midsiuwen hjitte it dekanaat Borndego. En twa doarpen bûten Opsterlân ûntliene harren namme oan it rivierke: Aldeboarn en Boarnburgum. It lêste falt te begripen as men foar it ferstân hâldt dat yn wide omkriten de boeren maitiids en yn de ûngetiid gêrs en hea by de Boarn weihellen.
Hjerstmis en winters strûpten oan beide kanten de mieddens finaal ûnder. Dat wie sels yn 1945 noch sa. Dan lei by de Rôlbrêge de hiele flakte tusken de polderdyk en de Beetster Janssenstifting ûnder it iis. Maitiids foel it sompige lân drûch en dan waard it in wiidwreidich paradys mei in oerfloed oan wetterfûgels en wetterblommen, tusken en boppe it blaugêrs.
De boeren moasten der al wat foar oer hawwe. Dy fan Lúkswâld rieden oer de Lúksterheawei, de Breewei, de Riper Wâldwei, dêr in set oer en dan de Moehimsterheawei del nei de Mouwe en de Dilft of Dulf ta om harren gerak te krijen. Dat sil grif net sûnder oerlis en ôfspraken tagien wêze. De Terwispelders moasten harren part ek hawwe, mar dy koenen tichterby ek telâne, yn de mieddens, de warren, de mersken fan it Moedjip, de Wide Wispel en de Ald Ie. Se hienen mear as ien heawei ta harren foldwaan, mar de Moewei wie it koartste paad op de Boarn ta. Moedjip, Moewei en Moehimsterheawei tankje harren namme oan De Mouwe, it gebiet dêr't se alle trije op útrûnen (Moer, d.i. klyn).
De gerjochtichheid fan de Terwispelders wie ûnbidich grut. Der wie dus ek in soad te heljen. Fral oan de noardwest kant, dêr't de Boarn in mânske bocht makket, leinen de healannen foar it útsykjen. Mar dan moasten se der al earst komme mei harren weinen en ark. Troch de Brêgeleane, dêr't al ier in flapbrêge oer it Moedjip yn lei, de Breewei of Breedyk del, dan oer de Wynjewei en de Warrewei op de Ulesprong ta. Of noch fierder fuort: de Koarte en de Lange Ripen bylâns sawat oant Warniahuzen ta.
By it bestudearjen fan de kaarten dy't der sûnt de sechstiende iuw makke binne, docht bliken dat yn de Wâlden, de Ripen en de Warren suver neat feroaret oant 1800 ta. Mar op de grinsgebieten mei Langsweagen, Lúkswâld en Gersleat begjint nei 1600 in ûntjouwing dy't der net om lycht. Ynienen ferskynt op de kaart in tige lange wetterloop dy't begjint by de oergong tusken de Wispel en it Moedjip, dêr't no it swimbad leit. Dy krúsket in eintsje fierder de Lúksterheawei en de Breewei heaks, en makket fierderop in bocht nei it Noarden op de Wynjewei ta. As er dêr trochhinne is -wêr't no de âld-molkfabryk stiet- , giet er fuort de kant fan de Ulesprong op en set dêr mei in lêste knik op de Boarn by Easterboarn ta.
Sa't it niis beskreaun is, hat it der faaks fan dat it doe al in steal streekrjochte stikken feart wienen, dy't efterinoar in nije feart foarmen. Mar op de earste kaarten liket it dêr perfoarst net op. Benammen op 'e úteinen sjocht it der slim krinkelich út.
Nei alle gedachten hawwe dêr altyd al sydstreamkes fan de Boarnster Boarn en de Terwispelder Wispel west. Fral it lêste hoecht net te fernuverjen, want sels op de saneamde TMK fan 1853-'56 rint der sa'n streamke fan Lúkswâld ôf De Hege Dyk bylâns, oer de Lúksterhoarne nei de Aldeweister Feart op en dan mei in wide bôge werom it Easten yn, troch de Lytse See en dan op de Wispel ta. It falt net te bewizen, mar dat wetter hat grif de 'tinie', 'tienje' of 'tynje' west. Nijsgjirrich is dat oan de oare kant fan Anjewier, tusken Lúnbert en Kostverloren, in wetter kringele dat de Krûme Tynje hiet. It sabeare hollânske 'tijnje' mei in lange ij (lykas yn Beneden- en Bovenknijpe!) sil wol betocht wêze troch wiispraters mei mear poeha as ferstân. De tynje wie foar de Lúkswâlders de natuerlike ôfbeakening, dêr't se oan de ein fan de Heawei by in furde trochhinne wâldzje moasten. Dat wie doe -en no yn bercheftige streken noch- hiel gewoan, alteast bûten de hjerst- en de wintertiid. De 'hoofdige' Achterhoekse dwersbongel-fan-in-boer út it gedicht fan Staring hat der in ûnferjitlike namme oan oerholden. Dat op dat stee, by dy furde yn de tynje al lang mear lein hat as in grauwe groppe, wurdt ek ferklearre trochdat krekt dêre de heawei al wit hoe ier fan namme feroare yn Breewei.
Feanterij by Terwispel en Koartsweagen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de east- en de súdkant fan de Wispel, dy natuerlike wide plasse, wie om 1600 hinne ek fan alles te rêden. De lju fan Terwispel hienen harren wengegiet rûnom mei diken omsletten. Fan de Ald Ie by Trimbeets ôf wie dat oan de east- en noardkant de Alddyk. Westlik leinen yn ien rige de Krûmewâl en de Westerleane, oant de Klidze ta. Oan de súdside wie bylâns de Ald Ie, dy't dêr De Krûmten hjit, de Leidyk of Leits dellein.
Sa wie der in polder makke, dy't drûch holden wurde koe mei wynmûnen. Dêr stienen in stikmannich fan by de trijesprong mei de Brêgeleane. Dy sloegen it wetter oer yn de Wispelplasse. Sa koe it dat binnen de diken, lykas dat op de hege feanen barde, turf út de klyn stutsen waard. Mar wichtiger wie dat binnen en bûten de polder de aldfryske metoade fan baggeljen tapast wurde koe. Dat soks bêste baalders opsmiet, docht bliken as de Wurdumer tsjerke der yn 1634 grou jild foar oer hat.
Oant 1650 ta waard yn de omkriten dy't no Koart- en Langsweagen hjitte, eins allinne mar feane besuden de Hegedyk. De earsten dy't der ferlet fan hienen en besykje it oan de Terwispelder kant, wienen de jonkers Van Dekema. No is turfmeitsjen neat, mar it guod ek by de klanten krije is in ding. Dêr wienen wiken en gruttere farwetters foar. De earste fan dy adelike mannen, Juw alias Julius à Dekema, ien mei kwizekwânsjes, krige it klear en slat de Jonkersfeart dwers troch de Hegedyk hinne. Dy lei der al yn 1580, mei in fallaat tusken de dyk en de Ald Ie. Folle letter is fierderop it Jonkersrek of Jonkersgat útdold as ferbining mei it Klidzerjocht. Dat it lykwols net goed slagje woe mei de nije ûndernimming, sil grif ek in sintekwesty west hawwe. Want de Skoatterlanners lieten harren goed betelje foar eltse skûte mei turf dy't harren gebiet yn foer. Mar der hie altyd, eins oan ien tried wei, in soad spul west om it trochgraven fan de Hegedyk. It wie ommers net samar in dyk, dêr't der wol mear fan binne.
De Hegedyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hegedyk moast fan twa kanten it wetter keare of heine. Net allinnich by heech wetter fan de Boarn of mei foele stoarm út it Westen, ek om foar te kommen dat yn Skoatterlân (De Knipe bygelyks) de feanen simmers te drûch rekken. Gritenijen dy't streekrjocht mei de dyk te krijen hienen, lykas Haskerlân, Anjewier(Aengwirden) en Opsterlân, mar ek Utingeradiel, Wymbritseradiel en Doanjewerstal wienen geregeld belutsen by skeel om it trochstekken fan de dyk. Undernimmende jonkers, hearen en kompanjons moasten gauris belies jaan.
Der spile ek in oare saak fan belang. Dat die benammen bliken yn en sûnt 1672. Yn dat rampjier hjitte it lân 'reddeloos', it regear 'radeloos' en it folk 'redeloos' te wêzen. Doe koe Bjentsje fan Galen, mear kend as Bommen Bearend, mei syn Munsterske troepen oant Sumar, De Wylgen en Langsweagen ta hûshâlde. De ferdigingsline mei skânsen de Hegedyk bylâns, oant yn Drinte ta, wie min ûnderholden. Dat waard sûnt ferholpen: de Terbantsterskâns waard opknapt en fersterke, op De Gordyk kaam der in mânske nije by. De Gordykster feart, doe noch de Koartsweagemer Goarresleat, lei dêr oars yn 1641 al, kompleet mei flapbrêge en fallaat. En mei oansluting op de kanalisearre Krûmten, it Klidzerjocht en de Wispel.
Jonkers en kompanjons, tynjes en setten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Safier wie it doe op De Tynje noch net hielendal. Allinnich yn de Brêgeleane lei in flapbrêge oer it Moedjip, eins mear oer de koarte, smelle ferbining tusken twa streamplassen yn: de tige wide Wispel en it minder wide Moedjip. Fierder gjin brêge te bekennen. Wol in feart, of wat in feart wurde soe. De jonkers Van Dekema hienen wol it iene en it oare op 'e hispel set, mar se koenen mar min út 'e rie komme. De iene kear soe it heve mei de feart nei Aldeboarn ta. Dan wienen se wer fan doel en dol in skipfeart oant Drinte ta. Se hierden wurkfolk, nei't sein wurdt Weinterper boeren, dat net folle mear ta stân brocht as in kringeljende brede sleat tusken de Wispel en de Easterboarn. Dwers troch de Breewei en de Wynjewei hinne. Op dy krusings fan wetter en wei kamen gjin brêgen, lykas 25 jier letter op De Gordyk, mar setten: de Tynjeset en de Wynjeset.
In 'tynje' is soks as in begrinzing of freding. Tink mar oan it Nederlânske 'De tuin der Nederlanden', it Dútske wurd 'Zaune' of it Ingelske 'town'. In set wie in konstruksje dêr't jo mei it wetter oerset wurde koenen, bygelyks mei hynder en heawein. Oan wjerskanten it wetter in timmere houten lânhaad en dêr losse balken oer hinne lein.
Om foar te kommen dat turfskûten te rûch op de setten tasile soenen, kaam der letter yn de 18de iuw in reglemint. Sa mochten skippers yn de ûngetiid (fan fiif wiken nei 12 maaie oant de earste woansdei fan septimber) allinne troch de setten farre mei it seil en de fok del. Om dêr op ta te sjen en ek om it weiferkear besteklik oer de set te krijen, waard in 'tinjeman' oansteld. Benammen dy by de Grutte Tynje fertsjinne der in stoer-of-wat by mei syn sûphûske, dêr't skippers en boeren oanstekke koenen. De earste tynjeman en Tynster skynt Roel Jehannessoan west te hawwen.
De slatterij fan de Dekema's barde, neffens de saneamde Proklamaasjeboeken fan Koartsweagen en Terwispel, om 1615 hinne. Mar dy lju lieten it der al gau by sitte, ek de Jonkerssleat en it Jonkersrak lieten se suver omkomme. Op it lêst dienen se de boel oer oan fjouwer lju mei mear ambysje: de Koartsweagemer of Opsterlânske kompanjons, ek wol de 'Opsterhearen'. Dat partuer bestie út twa grytmannen, Crack fan Anjewier en Fockens fan Opsterlân, de kolonel Oenema fan it Fryske rezjimint en Teijens, de siktaris fan Opsterlân. Dy pommeranten rjochtten op 25 febrewaris 1645 in nije feankompanjy op en setten fuort út de sokken.
Der soe net allinnich in 'sloot' fan 28 foet wiid komme, oant Bakkefean ta. Dy moast tsien jier letter Lippenhuzen foarby wêze. Boppedat namen se it beslút om, elts foar in fjirde part, "t'samen de vaart te maeken tot de Ee ofte nieuwe Diept, door de Tinieset (skeane tekst fan my, HGdeJong alias Fyntyn/85.147.156.111) beneden het hoogeveen, ofte andersints daer t'best gelegen komt". Dit wiist derop dat it tritich jier âlde 'nije djip' fan de Dekema's net in soad om 'e hakken hie. Nei alle gedachten hat it it wurk fan de kompanjons west en lit de rejale, djippe skipfeart útdolle, sa't dy der op de Schotanus-kaart fan 1718 by leit, en dy't begryplik gauris it Hearredjip neamd wurdt. De suterige, by stikjes en bytsjes útskuorde groppe is dan in farwetter mei trije rjochte rakken. Fan de Wispel ôf binne dat: it Tynjerak, it Skitersrak en it Langerak.
Alles efternei oersjend, liket it der in soad op dat it Tynjerak en it Langerak de rin fan twa natuerlike wetterlossings folgje, en dat it Skitersrak der as in ferbining dwers op groeven is.
De Gitersken komme opsetten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al foar 1200 wie Gythoarn in feankoloanje. Iuwen lang is dêr yn de wide omkriten it leechfean omset yn branje. Der wie oeral ferlet fan turf en benammen fan baalders dy't lang trochsmoegden. Dat guod waard goed betelle; turfmakkers en skippers koenen der in beleine brogge mei fertsjinje. Ek Fryske jongkeardels út Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel en Smellingerlân wisten al om 1600 hinne it paad nei it Giterske te finen. En de Giterskes fansels. Dat in soad bleauen dêr wenjen.
Op 'en duer rekke it gebiet besaaid mei ûnbidige wetterplassen (Wieden), dêr't sels mei stoarmwaar in hiel doarp, Beulake, yn weirekkee is. No wie de feanterij net allinnich in wichtige en yntensive yndustry, dêr't rike lju mei sin en doel harren jild yn stutsen. It wie ek in beweechlike yndustry: it folk gie dêr't it wurk wie. Dat party Gitersken setten om 1770 hinne harren húsrie op in bok of pream en ferfearen nei de Fryske feanen.
Se belannen geande- en farrendewei op De Haske en Sintjansgea. Wa't it barre mocht, bleau dêr as húsman, boer of feanbaas. De oare krôpen as in klobbe krobben fierder nei Aldskoat en De Knipe of nei Terbant en Lúnbert. En wer in generaasje letter nei Tsjalbert en Langsweagen.
Wy skriuwe al 1820, as de Opsterhearen en de Hearen fan it Fean, kompanjons of net, deroan ta binne en ûntslút op grutte skaal it mânske Tynster leechfeangebiet foar de yntensive turfmakkerij. Mar doe gie it der fuort ek slim rûch omwei. Der waard gjin kante meter sparre. En hoe djipper as't der dold waard, hoe better. Foaral doe't de swarte brand op 'e merke kaam en turf net in soad mear opsmiet.
- It tal ynwenners fan De Tynje, offisjeel Terwispel, waard benammen nei 1820 by it jier grutter. As derfan útgean wurde mei dat de oanwaaks fan Terwispel hielendal op De Tynje belâne, en de befolkingssifers tsjinje ta basis, dan docht (yn trochsnee) bliken:
- tusken 1749 en 1815 (66 jier) - 266 derby: 4 jiers
- tusken 1815 en 1855 (40 jier) - 568 derby: 14 jiers
- tusken 1855 en 1880 (25 jier) - 993 derby: 40 jiers
Krekt doe't it foar al dat nije folk op De Tynje (en letter by Beets) ek heve soe, rekke de feanterij as yndustry ekonomysk slim yn de nederklits. Dat kaam raar foar de Hearen, mar mear noch foar de lytse man. Dy krige de ierappelsykte der ek nochris oerhinne.
Ien bare see
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eartiids koe in betûfte spitter mei gaadlik ark de klyn in pear spit djip boppe wetter helje. Mar de Giterske lju hienen op De Haske wat nijs tapast en ûntjûn: baggelje mei de bûgel. Dan koenen se in stik djipper komme en de klyn mei in net omheech helje. It Hasker Wide is der oan oerholden. Dy metoade waard op De Tynje en omkriten ek brûkt. Dêr kaam noch by dat se de stripen en hagen, dêr't de turf it jier tefoaren op lein hie te drûgjen, net mear stean lieten. Dy klyn koe net yn de bak smiten en betrape wurde mar wol yn de bok. It gefolch wie dat mei stoarmwaar de golven net brieken. It wetter koe fûl opstowe en de walskanten, ek besiden de dyk of de wei, ferniele. Mei min waar wie der op de ûnferhurde wegen net te wêzen. Om it hetsje ferdronken bern. En de tredde-deis-koarts (malaria, mar dêr hie men gjin aan fan) easke maitiids gauris jonge minskelibbens. Wie dêr op De Tynje, dat doe noch Terwispel hjitte, eins noch te wenjen?
Op 'en duer wie der fan De Tynje net folle mear oer as wat heawegen en oan wjerskanten ien en al wetter fan in goeie meter djip. De minsken wennen, oars as op oare plakken, net by de feart lâns. Wol rûnom de setten: de Grutte en de Lytse Tynje. Ek by de Brêgeleanster brêge en oan de Breewei. Op in wier prachtich skilderij út dy tiid, om 1850 hinne, sjocht it der ydillysk út. Doe hat it grif al simmer west.
S.J. van der Molen beskriuwt de tastân sa: 'Dat (...) lit de Eekhoffkaart út 1848 sjen, dy't tusken de Hegedyk by Langsweagen en de Brêgeloane en oan wearskanten fan de Brédyk ien bare sé oanjowt, dêr't de mennich hûskes fan de nije delsetting de Tynje suver yn fersûpe'.
De omslach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ear't it sa slim beteare koe, hie kening Willem I der mei syn Raad van State al tige wichtich wurk fan makke. Perfoarst ûnder ynfloed fan wat de stoarmfloed fan 1825 oanrjochte hie. Doe wie der sels in stik fan de Hegedyk, tegearre mei in part fan in boerepleats glêd ferrinnewearre.
It hie al folle earder dúdlik west dat it fean sa net langer ferdold, ferropt en ferskuord wurde koe. Mar it duorre oant 1822 ta dat der in Keninklik Beslút kaam, dat de eigners fan de feanterijen ferplichings oplei. Se moasten neffens plan polders en diken oanlizze. Dêr hienen se gjin nocht oan, dat doe stjoerde de kening der in jonker op ôf, E. de la Coste. Dy skreau yn 1832 in rapport dat der net om liigde. Mar pas yn 1849 stelden de Provinsiale Steaten it 'Reglement op de lage verveningen in de provincie Friesland' fêst, dat se ek nochris feroaren yn 1852. Mar doe wie it klear, hoe't troch bepoldering út wetter wer lân makke wurde soe.
In drûge polder
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der waarden feandistrikten ynsteld. Terwispel, en De Tynje derby ynsletten fansels, foarmen it sânde distrikt, Lúkswâld en Langsweagen tegearre it sechste. De beide distrikten byinoar waarden as ien mânske polder fan 3096 bunder beskôge. Dêr moast dus earst in polderdyk mei in ringfeart omhinne. Mei dy put waard fuort út 'e ein set. Yn 1848 lei it earste stik feart der al yn, fan it Waarme Hoekje ôf en by Spaltenbrêge del oant de trochstek fan de Alddyk ta. Yn 1852 wie de put derút. Op de nettekeningen foar de Topografysk Militère Kaart(TMK) fan Fryslân, dy't makke binne tusken 1853 en 1856 is goed te sjen hoe't de Nije Feart mei grutte bôgen oant de Haskerdiken ta rint.
Underweis binne der op it Tynster mêd nijsgjirrige nije wurken te sjen: de draai- of Rôlbrêge yn de Moehimster heawei nei Beets, de slûs by de Ulesprong (eins trije: ien yn it leger lizzende Langerak en twa oan wjerskanten yn de noch leger groeven binnebarm oan de dyksfoet) en by de Warrebetten gjin brêge, mar in set yn de wei nei Aldeboarn. Oan de súdside fan de polder wie gjin ferlet fan in nije dyk, want dêr lei de Hegedyk al oant de Terbantsterskâns ta.
Koöperatyf buorkje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjir en dêr op de polderdyk is in mole tekene. Letter wienen der mear, want fan it drûchmeitsjen woe eltsenien sa gau as it koe, wurk meitsje. De wiidweidige wâlden en healannen om De Tynje hinne wienen al te domdryst yn koarte tiid ferdold ta plassen en puollen. No wie it saak en meitsje der wer nij lân fan, dat wat opsmiet.
Tusken 1865 en 1895 rekke de grûn hast oeral, op de lêste feanterij yn de Warren nei, sa ree dat der mei fee op buorke wurde koe. Bytiden barde dat mei help van rike lju dy't boarch stean woenen. De filantroop P.W. Janssen út Amsterdam bea op ferskate plakken mei syn stifting oan lytsboeren en húsmannen de gelegenheid in bedriuwke op te setten. Al rillegau (yn ...) rjochten de boeren nei Deensk model in koöperative boerelienbank op. En it duorre net iens sa lang dat se ferlet krigen fan in eigen köoperative molkfabryk op De Tynje. Dêr kaam it net earder as yn 1916 fan: De Volharding II (dy fan Terwispel, by de Spaltenbrêge hie deselde namme, mar sûnder II). Doe wie De Tynje al seis jier in selsstannich doarp, net mear ûnder de wjukken fan memmedoarp Terwispel.
Sosjaal-kulturele ûntjouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side It fine folk fan De Tynje.
Yntiids hie him in ryk sosjaal libben ûntjûn yn it jonge doarp. De iepenbiere gemeenteskoalle wie der in elts gefal yn 1832 al. De grifformearden, de saneamde finen koenen in 1866 harren earste tsjerkje bouwe. Toanielferiening Rjucht en Sljucht waard yn 1872 oprjochte, Pleatslik Belang yn 1896, De Bazuin yn 1905 en de gymnastykferiening yn 1910, tagelyk mei De Tynje sels, is it sizzen. De finen setten yn 1912 mei de 'School met den Bijbel' út ein. It Tynjester Petearsintrum fan nei de Twadde Wrâldkriich wie in bysûnder moetsjen fan alle streamings en oertsjûgings dy't De Tynje doe ryk wie.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat lang slim 'read' west, foaral ûnder ynfloed fan de ferneamde sosjaal-demokraat Ferdinand Domela Nieuwenhuis ('Us Ferlosser'), letter ek fan de kommunist Gerrit Roorda. De sosjalen waarden ûnder Piter Jelles Troelstra SDAP-ers en nei de oarloch meast PvdA-ers. Party komunnisten wienen eins pasifisten en belânen nei de ynfallen fan de Russen yn Hongarije (1956) en Tsjechoslowakije (1962) by de PSP, dy't letter opgien is yn Grien Links. Hjoed-de-dei is miskien noch in inkelde kommunist oer.
Liberalen en turfgraversfolk ferdroegen inoar eins net. Letter, doe't de slimste striid om rjochten foar it arbeidersfolk striden wie, stimden wolris Tynjesters op de VVD. Bygelyks J. van der Leij dy't it om 1950 hinne ta wethâlder fan Opsterlân brocht.
In tige aktive minderheid fan grifformearde anti-revolusjonêren - de 'kleine luyden' van Abraham Kuyper - hat gâns stal jûn oan de petearen en oan it karakter fan De Tynje. Der wennen ek in stikmannich ortodoks-herfoarmen, dy't meast fan de lytsere CHU wienen. De ARP en de CHU binne yn de jierren 1970, tegearre mei de KVP, fierder gien as it CDA.
Nijsgjirrich is it dat Domela Nieuwenhuis yn de Twadde Keamer komme koe troch in unike gearwurking fan syn SDB mei de Anty-Revolúsjonêre Partij yn it kardistrikt Skoatterlan, dêr't ek Terwispel mei De Tynje ûnder foel. Yn 1888 stimden de ARP-ers, en dus ek 'It fine folk fan De Tynje', allegearre op de reade Domela. Sa koe er it winne fan de liberale kandidaat yn syn distrikt Skoatterlân.
Ien inkelde aparte kleur wie al nea oan it folk fan De Tynje ta te skriuwen, mar de twa of trije fan doe binne njonkelytsen feroare yn in brede reinbôge.
1910 - 1945
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tige wichtich foar de ekonomy fan De Tynje wie de bou fan in eigen koöperative suvelfabryk, dy't wol molkfabryk of bûterfabryk neamd waard. Yn 1916 gie dat fabryk, de Volharding II fan ‘e mient. Dat wichtige barren kin wol beskôge wurde as de finale ôfsluting fan de feanterij dêre. Ek fan de earmoede dy’t dêrmei anneks west hie. It doarp wie wier útriist út 'e puollen!
Yn de krisis fan de tritiger jierren kaam in soad earmoede werom. Gâns lju rekken sûnder wurk en wa’t yn de wurkferskaffing belâne, fertsjinne net drekt genôch, nettsjinsteande 48 oeren wurk yn ‘e wike. De oarloch makke dêr min of mear in ein oan.
In de Twadde Wrâldkriich wie De Tynje in fersetshurd. Yn De Deelen binne hiel wat wapens 'dropt' en yn turfbulten bedobbe. Ferskate ûnderdûkte kopstikken fan it Fryske ferset, wêrûnder de Tynjester skoalmaster Douwe Symen Algra kamen geregeld op de Tynje en omkriten gear foar yllegaal oerlis oer harren ‘terroristyske’ plannen en aksjes. Dêrom hie De Tynje mear as in soad oare doarpen út en troch te lijen fan in oerfal of in 'razzia'. Dy fan 29 desimber 1944 wie de slimste. Master Algra koenen se net te pakken krije mar twa ûnskuldigen, Wolter Húsman en Ealtsje de Vries, waarden om neat skriklik deasketten. Itselde hienen se earder dien mei Hylke Watzema. [1]
Yn maaie 1940 wienen twa jonge Tynjesters sneuvele op de Grebbeberg: Klaas Idzerda en Jean Jeaninga. Op de alderlêste oarlochsdei waard de Hearrenfeanster fersetsman Sieger van der Laan op De Tynje, by de Warrebetten deasketten, wylst er ‘bewapene’ wie mei in wite flagge. Yn 1948 sneuvele in jonge âld-Tynjester, Jan Dam yn de saneamde polysjonele aksje yn Ynje (no Yndoneezje).
Foar Klaas en Jean stie rillegau in monumint op it tsjerkhôf, ûntwurpen troch doarpsgenoat J. van der Leij. Yn de nei-oarlochske nijbou binne allinne strjitten ferneamd nei de fermoarde Hylke Watzema en nei 'Van der Velde', de skûlnamme fan master Algra as fersetslieder.
1945 - 1955
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 15 april 1945 rieden de Kanadezen binnen en wie De Tynje befrije fan de Dútsers. Fuortendaliks waard war dien en pak de âlde trie wer op, mar al op in nije manier. In foarbyld dêrfan wie it Petearsintrum, in unike praatgroep dêr't alle Tynjesters oan meidwaan koenen. It 'Amsterdams Volkstoneel' kaam in kear nei de seal by kafee De Vries mei in stik oer de oarloch yn de Pacific. In wike letter gie it petear oer oarloch en frede, antimilitêrisme en rassediskriminaasje. Doe al. De kranten skreauwen geregeld oer dit aparte barren op De Tynje, dêr't alle denominaasjes meiinoar yn it kafee om 'e tafel sieten.
Yn 1946, doe't it suvelfabryk 30 jier âld wie, is der oer de skiednis fan De Tynje om 1890 hinne in revu skreaun, mei teksten fan Fedde Schurer. Dy is doe trije dagen lang yn in grutte tinte opfierd troch 'Rjucht en Sljucht'. De tige passende titel 'In doarp riist út 'e puollen' is noch te finen op it monumintsje dat letter foar it bûterfabryk delset is.
Dat it folk fan De Tynje doe ek al grutsk op it eigen doarp wie, is goed te sjen op de saneamde Tynjefilm, dy't it kristlike muzykkorps De Bazuin yn 1952 meitsje liet. Dêr binne net allinnich de skoalbern op te sjen (de Ulesprong hie doe noch in eigen skoalle), mar ek populêre doarpstipen, lykas Ynze Overwyk, Jehannes 'Post' Akkerman en 'Swarte' Harm (van der Vliet), de fiskerman fan de Warren.
1955 en letter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In jier as tsien nei de oarloch kaam der jild frij om it doarp te ‘modernisearjen’. It Tynjerak en it Skitersrak waarden yn 1955 tichtsmiten, want dêr moast de omwei as ûnderdiel fan de provinsjale wei fan De Gordyk nei Aldeboarn oer hinne. Sels de iuwenâlde Wispel en in grut part fan it like âlde Moedjip moasten it belije. De measte, faak skildereftige brêgen en slûzen waarden ferneatige. Doe is De Tynje in soad fan syn karakter en skiednis kwyt rekke. Yn 'e jierren 1950 waarden oan ruilferkaveling en wurkferskaffing mear belang takend as it kultuer-historyske belang. In pear jier letter is ek de A7 tusken It Hearrenfean en Drachten oanlein, sadat de berikberens fan De Tynje in stik better waard.
It jiertal 1910 wurdt as it stiftingsjier fan it doarp beskôge. Op 13 jannewaris 1910 waard de namme foar it earst neamd as selsstannich kiesdistrikt yn it befolkingsregister. Dêrfoar waard it altyd oantsjutten as De Tynje ûnder Terwispel dêr't ek de buorskippen De Warren, De Ulesprong en De Rôlbrêge ta hearden. It iuwfeest waard yn 2010 fierd ûnder it biedwurd De Tynje 100-jong en brûzjend.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|