Gearfetting fan de Tynjester skiednis
Dizze side jout in gronologyske gearfetting fan de skiednis fan De Tynje.
Gearfetting fan de Tynjester skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De iere tiid oant 1600[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It gânsgare gebiet yn it uterste noardwesten fan Opsterlân dat no De Tynje hjit, wie oant 1910 ta in part fan it noch ûnbidigere Terwispel. Yn de midsiuwen waard dat wol Wispolia neamd, mei in eigen (roomske) tsjerke en in pastoor. Tusken de tsjerken fan Aldeboarn en Terwispel hat nei alle gedachten in kapeltsje yn de Ripen stien. Ut it finen fan in stichmannich âldfriezen op it Klokmêd oan it begjin fan de Warrewei soe opmakke wurde kinne dat dêr ea minsken feeweide en faaks sels wenne hawwe. Mar neat wiist derop dat dêr soks as in doarp west hat. Dat yn De Deelen wetterputten ûntdutsen binne, seit oant no ta like folle of like min.
De hjoeddeiske Tynje wie al dy iuwen lang ‘ûnlân’ fan mieddens, warren, ripen en stripen, mei hjir en dêr op de hegerein saneamde wâlden fan skânsrys. Op dy fjilden koe of woe doe gjin minske wenje, benammen net hjerstmis en winterdeis. Dan strûpte de boel ûnder omdat de Boarn, de haadstream of haudmare fan Opsterlân, it wetter net kwyt koe. En geregeld jagen foele stoarmen it wetter fan de Middelsee noch fierder de Boarn yn. Mei in westerstoarm fleach it oer of soms dwers troch de Hegedyk hinne. Dan wie doetiids ‘op De Tynje’ gewoanwei net te wêzen.
Maitiids as it wetter sakke wie, kamen de boeren fan Terwispel en Lúkswâld oer harren heawegen op de mieddens ta om it gêrs en it hea. Benammen de healannen besuden de Boarn leinen blykber yn ‘e graasje, want fan beide kanten run dêr in heawei op ta. Tusken dy twa wegen yn streamde in sydrivier dy’t it wetter fan de Âld Ie en de Wispel nei de Boarn fierde. Lykas de beide heawegen kaam dy ek út by de Mouwe (útsprekke mei de o fan bok). Sa hiet it grutte, lang en ovaal útfallen komfoarmich stik leechlân, noard en east fan dêr’t no de brêge oer de Nije Feart leit. Fan Terwispel út hiet de heawei dan ek Mouwewei, en de rivier Mouwedjip. Letter waarden se wol Moewei en Moedjip neamd (mei de Fryske twaklank oe). [1]
De Lúkster boeren moasten mear war dwaan om by de Mouwe te kommen. Dy rieden harren heawei ôf oant sy by in wetter kamen dat sy beskôgen as harren tynje, de Lúkster tynje. In 'tynje' is soks as in begrinzing, ôfbeakening, freding of hage. [2] De Lúkster tynje wie in lange sydrivier fan de Wispel en it Mouwedjip, dy’t al yn Lúkswâld by de Hegedyk begûn en nei in rejale bôge de Âldewei bylâns, tasette op it stee dêr’t no it swimbad leit. Dy lange tynje krúske de Lúkster heawei en de Breewei. De boeren smieten maitiids in steal takkebosken in dat wetter. Sa ûntstie in 'tichtset’ yn de tynje, dy’t it wetter wol trochliet. Mei ferstân en oerlis waarden dêr beamstammen of balken oerhinne smiten en sa koene sy harsels mei hynder en wein oersette, oer harren eigen ‘tynjeset’. Nei de Breewei belanne it boerefolk fan Lúkswâld op de Riperwâldwei (no de Rôlbrêgedyk). It lêste legere ein waard wol de Mouwehimster heawei neamd. Al mei al fjouwer nammen foar likefolle einen heawei om fan Lúkswâld de Mouwe te berikken. Tegearre mei de mieddens dêromhinne wienen it de Mouwehimmen.
Der wienen noch mear heawegen: de Riper- en de Warrewei: fan de Breewei ôf mear it westen yn. De wei nei de warren (in oar wurd foar mieddens of mersken) kaam net fierder as de Deelen. De (lange) Riperwei gie hiendal oant de Boarn ta, lyksa as de like lange sydrivier fan de Boarn dy’t tusken de Warrewei en de Riperheawei yn rûn. Om dêr ek komme te kinnen leinen de Terwispelders op de sânige súdrâne fan de wâlden in rydwei oan: de Brêgeleane. Dêr bouden sy healwei, oer it smelste eintsje Mouwedjip, sels in nijmoaderige flapbrêge.
Fan 1600 oant 1800[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1620 soenen de jonkers Van Dekema, fanwegen it ferfier fan harren turf in feart dolle fan de Wispel of oant Easterboarn ta. Dat woe net rjocht klearkommee en doe namen de fjouwer Hearen Kompanjons, Crack, Fockens, Oenema en Teijens it yn 1645 oer. Earst slatten dy it leste ein fan de Lúkstertynje ut, dwers troch de tynjeset hinne. Dat waard in rjochtlutsen farwetter, in rek of rak fan sa’n 800 meter: it Tynjerak Op de ein fan de Lúkster heawei kaam in nije set yn de tynje. It rak krige dêr in smelte, mei in houten lânhaad oan beide kanten. De turfskippers koenen der tuskentroch en as in boer oerset wurde moast, koenen der losse balken oerhinne. De nije tynjeset yn it Tynjerak wie eins in balkebrêge.
Ek de lange stream sûnder namme dy’t tusken de Riper- en de Warrewei op Easterboarn tarûn, koe rjocht slatten wurde ta in rak: it Langerak. Doe waard noch in ferbiningsrak dold, dwersoer fan it Tynjerak nei it Langerak. Dy gie al troch de Warrewei hinne, dat dêr moast ek in sa’n moderne set yn. Dy krige de namme Wynjeset want alles dêre wie fan de famylje Wynje (ek wol Winia) fan Wynjeterp. It nije tuskenrak waard wolris Wynjetynje neamd of Wynjerek, mar de skippers seinen al gau Skitersrak.
De Hearen Kompanjons setten in man fan Lúkswâld, Roelof Johannes (Roel fan Jehannes) as ‘tynjeman’ by de Tynjeset te wenjen. Hy hat grif de alderearste ynwenner west fan wat no De Tynje is. Hy moast der as in soarte plysje op tasjen dat de skippers en de boeren harren holden oan it reglemint dat de Hearen útfeardige hienen. Hy mocht sels boetes jaan, mar hy hie ek ferlof krigen fan de bazen en slyt foar it kommede en geande folk in slokje in syn sûphûske. Dat wie yn de lêste helte fan de 17de iuw. Fierder wie der by de setten en op de rakken oant 1800 ta suver neat oars te rêden as it krewearjen fan boeren en skippers. Fan feanterij kaam it doe al dy tiid eins noch net.
Fan 1800 oant 1910[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op de lange doer kaam om 1800 hinne feantersfolk, meast Tsjalberters, ‘op De Tynje’ ta te wenjen. Net de feart en rakken bylâns, lykas op oare plakken, mar om de beide setten hinne. Dy buorskipkes by de (Lúkster)tynjeset en de (Wynje)tynjeset, hjitten nei ferrin fan tiid de Grutte Tynje en de Lytse Tynje. Dat wie yn 1950 noch sa. Sûnt binne dy beide Tynjes troch de nijbou oaninoar groeid. Dat no is der mar ien Tynje mear, mar wol mei útbuorren as de Ulesprong, de Warren en de Rôlbrêge. Fanâlds wie ‘de tynje’ fan de Lúksterhoeksters in wetter op de skieding tusken Opsterlân en Aanjewier, en ek op de grins fan Lúkswâld en Terwispel. No is De Tynje de namme fan it doarp dat foar it grutste part oan de oare kant fan dy grins leit.
Om 1820 hinne kamen de ‘Gitersken’ opsetten mei harren metoade fan turfgraven. It gefolch wie dat it grûngebiet fan de hjoeddeiske Tynje yn de koartste kearen ferskuord, ferdold, ferropt en ferrinnewearre wie ta ien ûnbidige wetterplasse. Dêr kaam in soad sykte, lijen en ellinde fan, Der stoaren in soad minsken oan malaria, om it hetsje ferdonk in bern en mei stoarmwaar waarden stikken út de pear diken ropt dy’t der noch oerwienen. Sels de kening stjoerde in riedsman nei Fryslân omdat it sa net langer koe. De lju dy’t it measte fertsjinst hienen fan de feanterij, wrakselen noch in skoft tsjin. Mar doe moasten sy meibetelje oan earmjild foar de arbeiders sûnder ynkommen en oan slikjild om de wettersee wer drûch te meallen.
Doe’t dat berêd wie, en der polderbestjoeren oan de slach koene, wie de saak gau beslikke. De Nije Feart -fan De Gerdyk, dwêrs troch it spjalten Terwispel hinne, mei in wide bôge om de Tynjester gerjochtichheid nei de Ulesprong en fierder op Hakerdiken ta- lei der yn 1852 al yn. Hjir en dêr in moune op de polderdyk en in modern stoomgemaal, it Tripgemaal fol yn it wurk en de wettersee rekke stadichoan drûch en ree as greide foar de feehâlderij. Dat hie ek yn dat de befolking en de beroppen op De Tynje feroaren. Wa’t koe en woe, begûn te buorkjen, fakentiden as húsman mei wurk by de boer mar ek in stikmannich kei thús. In P.W. Jansen, dy’t him ryk fertsjinne hie yn Ynje, sette in stifting op mei it doel dat sokke lytse komelkers mei liend jild in bedriuw begjinne koenen. Út Denemarken kaam de gedachte oer en pak de saken koöperatyf oan. Dat liede ek op De Tynje ta in tal koöperative ferienings fan boeren, lykas de Oankeapferiening, de Lienbank, en it Suvelfabryk. Letter sluten ek winkellju har gauris by in koöperaasje oan, sa as De Spar, Enkabé, VéGé en Vivo.
Sûnt 1850 kamen der njonkelytsen ek sosjale en kulturele ferienings, tsjerken en skoallen. Fier foar 1910, it jier dat De Tynje offisjeel selsstannich waard, wienen de Tynjesters al tige yn de weer mei harren doarp. 'De Bazuin' bestiet sûnt 1905, de earste sechstich jier sels as harmonykorps, mei klarinetten en al. 'Pleatslik Belang' waard yn 1896 al oprjochte. Toanielferiening 'Rjocht en Sljocht' is fan 1872. It earste grifformearde tsjerkje is boud yn 1866. De iepenbiere skoalle oan it Tynjerak wie der yn 1861 of earder al. De gymnastiekferiening is like âld as it doarp. De grifformearden krigen yn datselde jier in dûmny foar harren sels. Dy setten yn 1912 ek in kristlike skoalle del oan de Riperwei (no de klokmakkerij).
Fan 1910 oant 1955[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tige wichtich foar de ekonomy fan De Tynje wie de bou fan in eigen koöperative suvelfabryk, dy't wol molkfabryk of bûterfabryk neamd waard. Yn 1916 gie dat fabryk, de Volharding II fan ‘e mient. Dat wichtige barren kin wol beskôge wurde as de finale ôfsluting fan de feanterij dêre. Ek fan de earmoede dy’t dêrmei anneks west hie. It doarp wie wier útriist út 'e puollen!
Yn de krisis fan de tritiger jierren kaam in soad earmoede werom. Gâns lju rekken sûnder wurk en wa’t yn de wurkferskaffing belâne, fertsjinne net drekt genôch, nettsjinsteande 48 oeren wurk yn ‘e wike. De oarloch makke dêr min of mear in ein oan. Mar doe kaam der folle slimmere noed foar yn it plak.
In de Twadde Wrâldkriich wie De Tynje in fersetshurd. Yn De Deelen binne hiel wat wapens 'dropt' en yn turfbulten bedobbe. Ferskate ûnderdûkte kopstikken fan it Fryske ferset, wêrûnder de Tynjester skoalmaster Douwe Symen Algra kamen geregeld op de Tynje en omkriten gear foar yllegaal oerlis oer harren ‘terroristyske’ plannen en aksjes. Dêrom hie De Tynje mear as in soad oare doarpen út en troch te lijen fan in oerfal of in 'razzia'. Dy fan 29 desimber 1944 wie de slimste. Master Algra koenen se net pakke mar twa ûnskuldigen, Wolter Húsman en Ealtsje de Vries, waarden om neat skriklik deasketten. Itselde hienen se earder dien mei Hylke Watzema. (Lêz: http://www.tynje.nl/historie/oorlog/december.htm )
Yn maaie 1940 wienen twa jonge Tynjesters sneuvele op de Grebbeberg: Klaas Idzerda en Jean Jeaninga. Op de alderlêste oarlochsdei waard de Hearrenfeanster fersetsman Sieger van der Laan op De Tynje, by de Warrebetten deasketten, wylst er ‘bewapene’ wie mei in wite flagge. Yn 1948 sneuvele in jonge âld-Tynjester, Jan Dam yn de saneamde polysjonele aksje yn ‘ús’ Ynje (no Yndonesië). Foar Klaas en Jean stie rillegau in monumint op it tsjerkhôf, ûntwurpen troch ir. Van der Leij. Yn de nei-oarlochske nijbou binne strjitten ferneamd nei de fermoarde Hylke Watzema en nei 'Van der Velde', de skûlnamme fan master Algra as fersetslieder.
Yn 1946, doe't it suvelfabryk 30 jier âld wie, is der oer de skiednis fan De Tynje om 1890 hinne in revu skreaun, mei teksten fan Fedde Schurer. Dy is doe trije dagen lang yn in grutte tinte opfierd troch 'Rjucht en Sljucht'. De tige passende titel 'In doarp riist út 'e puollen' is noch te finen op it monumintsje dat letter foar it bûterfabryk delset is.
Dat it folk fan De Tynje doe ek al grutsk op it eigen doarp wie, is goed te sjen op de saneamde ’Tynjefilm', dy't it kristlike muzykkorps 'De Bazuin' yn 1952 meitsje liet. Dêr binne net allinnich de skoalbern op te sjen (de Ulesprong hie doe noch in eigen skoalle), mar ek populêre doarpstipen, lykas Ynze Overwyk, Jehannes 'Post' Akkerman en 'Swarte' Harm (van der Vliet), de fiskerman fan de Warren.
1955 en letter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In jier as tsien nei de oarloch kaam der jild frij om it doarp te ‘modernisearjen’. It Tynjerak en it Skitersrak waarden tichtsmiten, want dêr moast de provinsjale wei fan De Gordyk nei Aldeboarn as nije rûnwei perfoarst oerhinne. Sels de iuwenâlde Wispel en in grut part fan it like âlde Moedjip moasten it belije. De measte, faak skildereftige brêgen en slûzen waarden ferneatige. Doe hat De Tynje in soad fan syn karakter en skiednis ferspile. Yn de fyftiger jierren waarden oan ruilferkaveling en wurkferskaffing mear belang takend as oan it behâld fan ekonomysk minder wichtige prioriteiten. It kultuer-technyske krewei waard heger achte as it kultuer-historyske belang. In pear jier letter is ek de A7 tusken It Hearrenfean en Drachten klearmakke. Dat hie foar dat sûnt De Tynje in stik better te berikken wurden is.
Al jierren herwaarts binne der om de fiif jier lustrumfeesten. Dan wurde hûzen feestlik optúgd en ride fersierde weinen efter it muzyk fan De Bazuin oan troch it doarp en de wide omkriten. Op De Tynje wurdt 1910 sjoen as bertejier fan it doarp. Dit earste iuwfeest is en wurdt fierd ûnder it swingende motto De Tynje 100-jong en brûzjend.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|