Springe nei ynhâld

Sappemeer

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 apr 2023 om 03.41 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (posysjekaart tafoege)
Sappemeer
Sint-Willebrordustsjerke
Sint-Willebrordustsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Midden-Grinslân
Sifers
Ynwennertal 8.085 (1 jannewaris 2021) [1]
Oar
Postkoade 9611
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 10' NB, 6° 47' EL
Kaart
Sappemeer (Grinslân)
Sappemeer

Sappemeer (Grinslânsk: Sapmeer), eartiids ek Sapmeer neamd, is in plak en tagelyk in eardere mar yn de Nederlânske provinsje Grinslân. It is boppedat de namme fan de eardere gemeente dy’t yn 1949 opgien is yn de gemeente Hegesân-Sappemeer. Sûnt 1 jannewaris 2018 heart Sappemeer ta de gemeente Midden-Grinslân.

De Sappemar

It doarp Sappemeer is neamd nei it Sappemeer, Sapmeer of Duivelsmeer, in earder feanmarke mei 2 tot 4 meter djipte, dat útwettere yn it rivierke de Sijpe. Mooglik is de Sapmar nei de Sijpe neamd. It Sap meer stiet ôfbylde op de provinsjekaart fan Barthold Wichering út 1616. Neffens de Grinzer stedsrekken út 1617 wie it "een vreesselijk en vermaard meer, bij veel ouden gemeenlijk Sappemeer, ook om het groote geraas van het water het Duivelsmeer genaamd, hebbende op vele plaatsen doorgaans 16, 14, 12 en tenminste 7 voet water".[2] In resinte sêge stelt dêrfoaroer lykwols dat it marke neamd is nei de duvel Sappe.[3]

De Sappemar lei oarspronklik op it grûngebiet fan it kerspel Zuidbroek en wie mooglik identyk oan de Broeckster meer, dat yn 1503 foar it earst neamd wurdt.[4] De mar besloech de omjouwing fan it Achterdiep fanôf Winkelhoek oant en mei de Jagerswyk en de omjouwing fan de Noarderstrjitte oan de noardkant fan de Middenwei (eartiids Swartewei neamd). Besuden dêrfan lei de buorskip Kleinemeer of Kleine Sapmeer oan beide siden fan it Kleinemeersterdiep (no: Vosholen). Beide marren waarden drûchlein neidat it Winschoterdiep of Schuitendiep yn de jierren 1614 oant 1617 oant dat Sapmeer trochlutsen wie. De wetterspegel fan de mar lei inkele meters heger as it hjoeddeiske meanfjild; ek de sânhichten by Spitsbergen (2 m +NAP) stiene kenlik in ein ûnder wetter.

Skiednis

It byld “Feangravers" fan Hans Mes ferwiist nei de feanarbeiders yn Sappemeer

De stêd Grins waard yn 1613 eigener fan in noch net ûntgûn feangebiet oan de eastside fan de stêd, dat de provinsje acht jier dêrfoar oan in Utertske of Rheenske Kompanjy ferpachte hie. Om it gebiet yn kultuer te bringen waard fan 1618 ôf it Wynskoaterdjip grûven. It doarp is yn 1621 ûntstien, doe’t inkelde ferfeanters har der fêstigen. Yn 1631 sluet it stedsbestjoer fan Grins in kontrakt mei de Fryske ferfeanter Feijthije Ottens, dy’t begûn mei it oanmeitsjen fan it Sappemeer en it Kleinemeer. Sappemeer waard it earste sintrum yn de Grinzer Feankoloanjes.

Sappemeer wie oarspronklik as doarp (net as gemeente) dan ek grutter as it oanbuorjende Hegesân. De gemeente Sappemeer hie by de oprjochting yn 1795 2.077 ynwenners (foar 4.044 foar Hegesân), dat yn 1859 trochgroeid wie nei 3.475, yn 1899 nei 6.117 en yn 1947 nei 7.224. Doe’t der yn Hegesân yn de 19e iuw yndustry kaam, groeide it oant Sappemeer. Yn 1949 waarden beide doarpen gearfoege ta ien gemeente, wêrby’t Hegesân wylst it dominante plak wurden wie.

Geografy en geology

Hoogholtje Achterdiep

Yndieling

Yn it kerspel Sappemeer leine oarspronklik de buorskippen en útbuorren Achterdiep, Heerenlaan, Jagerswijk, Kleinemeer, Winkelhoek, Borgercompagnie (foar in part), Tripscompagnie (foar in part) en Spitsbergen (foar in part). It doarp Sappemeer bestiet yn de 21e iuw út de wiken en buerten Margrietpark, Sappemeer-East, Boswijck-West en -East, Compagniesterpark, De Vosholen-West en -East (mei Kleinemeer), Nieuw Woelwijck, Polder de Nijverheid en Sappemeer-Noard (mei it Achterdiep en Jagerswijk). Allinnich de lêste wyk hat syn eigen plaknammeboerden.

Op it grûngebiet fan Sappemeer leine de eardere wetterskippen Kleinemeer (1775), Overwater (1793), Jagerswijk, Spitsbergen en Kostverloren (1793), Borgercompagnie-Westkant (1835), Molepolder De Nijverheid of Oostkant Kleinemeer (1857), De Winkelhoeken (foar 1934) en De Waker (1962).

Sappemeer leit fuort neist it ierdgasfjild fan Slochteren, dêr’t ierdgas wûn wurdt. Nei 2010 wiene der in soad ierdskoddings yn dit polderrike gebiet[5] Dizze ierdskoddings soargen foar in soad skeameldingen oan gebouwen.

Kultuer

It besjen wurdich

Ferkear en ferfier

Yn Sappemeer leit it treinstasjon Sappemeer East, oan de spoarferbining fan Bad Nijeskâns en Feandam nei Grins. Op it stasjon stoppet troch de wike fjouwer kear yn it oere in trein rjochting Grins en 2 kear yn it oere in trein nei sawol Bad Nijeskâns as Feandam. Yn maaie 2007 is op it stasjon in nije glêzen wachtromte boud.

Fierders hat spitsbus 174 (Grins P+R Zernike - Veendam) in oantal stophaltes yn Sappemeer. Ek spitsbus 76 (Grins CS - Feandam) rydt sûnt begjin 2011 troch Sappemeer en troch Hegesân fia Kielwindeweer nei Feandam. Servicebus 276 fan Sappemeer nei Hegesân fia de rûte: Gorecht - Stasjon Martenshoek - De Hooge Meeren - Kerkstraat - Sappemeer - Stasjon Hegesân-Sappemeer.

Sport

  • fuotbalferiening HSC.

Berne yn Sappemeer

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sintraal Buro foar de Statistyk
  2. Steven Blaupot ten Cate, Voorlezing over de opkomst van de veenkoloniën Hoogezand en Sappemeer: met eenige aanteekeningen, Hoogezand en Sappemeer 1854, s. 21
  3. E.J. Huizenga-Onnekes, Heksen- en duivelsverhalen in Groningerland, Groningen 1970, p. 31.
  4. Neffens Ligtendag, De Wolden en het water, s. 224, lei de mar op de hichte fan it Sloechter holt by Froombosch.
  5. KNMI (2016) Aardbevingscatalogus - Besjoen op https://www.knmi.nl/kennis-en-datacentrum/dataset/aardbevingscatalogus op 2016-01-15

Midden-Grinslân
Doarpen:
Borgercompagnie (foar in part)FoxholFroomboschHarkstedeHegesânHellumKiel-WindeweerKolhamKropswoldeLuddeweerMeedenMuntendamNoardbroekOverschildSappemeerScharmerSchildwoldeSiddebuorrenSlochterenSteendamSúdbroekTripscompagnie (foar in part)TjuchemWaterhuizenWesterbroekWoudbloem
Utbuorrens & buorskippen:
AchterdiepBeneden VeenslootBlokumBorgweg (foar in part)BokhörnBoven Veensloot (foar in part)BovenstreekDenemarkenDuurkenakkerEelshuisFoxhamFoxholsterboschGaarlandGaarveenDe HammenHeidenschapJagerswijkKalkwijkKlein Harkstede (foar in part)KleinemeerKorengarstKostverlorenLagelandLangewijkLulaMartenshoekMedumertolNieuwe CompagnieNoordbroeksterhamrikOostwoldOude VerlaatDe PaauwenRoeksweerRuitenSchaaphokSiddebuursterveenSpitsbergenStootshornTusschenloegenTussenklappenUiterburenHet Veen't VeenWesteindWilderhofWindeweerWolfsbargeZandwerf
· · Berjocht bewurkje