Fermanje fan Sappemeer
Fermanje | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Midden-Grinslân | |
plak | Sappemeer | |
adres | Noorderstraat 53 | |
koördinaten | 53° 09' N 6° 46' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Minnisten | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1846 | |
boustyl | Neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 460740 | |
Webside | ||
Mennistegemeente Sappemeer | ||
Kaart | ||
De Fermanje fan Sappemeer is in tsjerkegebou oan 'e Noorderstraat 53 yn it Grinslânske Sappemeer.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard op 1846 yn gebrûk nommen en boud yn in ienfâldige neoklassisistyske styl. Yn 2020 waard de tsjerke restaurearre en geskikt makke foar multyfunksjoneel gebrûk.[1]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke besit in monumintaal oargel fan Gerhard Willem Lohman út Grins. It waard yn 1855 as twamanualich ynstrumint mei oanhongen pedaal boud. Fjouwer jier letter waarden mooglik troch deselde oargelbouwer in pear registers tafoege. Petrus van Oeckelen feroare de disposysje fan it ynstrumint yn 1866 en wreide it út mei in frij pedaal. Dêrby waard de oargelkas in stik breder makke. Yn 'e jierren 1930 feroare De Koff it oargel. Sûnt 1983 restaurearre Mense Ruiter it oargel fasearre werom nei de sitewaasje fan 1866.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|