Hegesân
Hegesân | ||
Damtsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Midden-Grinslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 21.830 (1 jannewaris 2021) [1] | |
Oerflak | 12,88 km² lân: 12,55 wetter 0,32 km² | |
Befolkingsticht. | 369 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9651 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 9' NB, 6° 45' EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Hegesân en Sappemeer |
Hegesân (Nederlânsk en offisjeel: Hoogezand; Grinslânsk: Hogezaand) is in grut doarp yn de provinsje Grinslân. It is ek de nammejouwer fan de eardere gemeente dy't yn 1949 mei de gemeente Sappemeer opgien is yn de gemeente Hegesân-Sappemeer, dy't yn 2018 wer opgien is yn de gemeente Midden-Grinslân.
Under it doarp falle de buorskippen Kalkwijk, Lula en de eardere buorskip, dochs hjoed-de-dei in wyk, Martenshoek.
Namme
De namme ferwiist nei in hegere sânrêch, dêr't yn 1621 de earste huzen boud waarden foar it oanmeitsjen fan it omlizzende fean. Eardere nammen wiene hooge sant (1613-1618), 't Hooge Sandt (1647), Hogesant (1660), 't Hogesand (1781).
Geografy
Hegesân ûntstie as feankoloanje by, it yn de tweintichste iuw tichtsmiten âlde Wynskoaterdjip, del. Hegesân foarmet mei Sappemeer in doarpekloft dy't noardwest nei súdeast rint. Dy doarpen binne Kalkwijk, Kropswolde. Martenshoek, Foxhol, Foxholsterbosch, Foxham en Kolham.
Hegesân leit súdlik fan it yn de tweintichste iuw omleine Wynskoaterdjip en de Rykswei 7. Ek leit it plak oan it spoar fan Grins nei Bad Nijeskâns. Noardwestlik fan it doarp leit in grut yndustrygebiet.
Skiednis
Yn de fyftjinde iuw waard der turf wûn troch it Kleaster Yesse. Yn 1604 rjochten fiif Utertske keaplju in kompanjy op en set útein mei de feanterij fan it gebiet, dêr't de fergunning fan letter troch de stêd Grins oernommen waard. De stêd pachte grutte lapen grûn fan it goa Stêd en Lân en koe mei syn plannen úteinsette. De stêd liet yn 1618 fan Waterhuizen ôf it Wynskoaterdjip grave nei de Foxholsmar ta dwers troch it Hooge Sandt (oer itjinge hjoed-de-dei de Meint Veningastraat en Hoofdstraat binne) hinne dêr't yn 1621 de earste huzen boud waarden. Nei't tsien jier letter Sappemeer en Súdbroek berikt waarden, waard it kanaal foar de skipfeart iepensteld.
Yn 1664 waard by Hegesân de boarch Vredenburg troch de Grinzer boargemaster boud. Yn 1669 waard mei jild fan de stêd Grins de Damtsjerke boud. Yn 1726 waard de pastorij dêr byboud, yn 1734 waard de tsjerke útwreide en yn 1783 waard in klokketoer boud.
Yn de achttjinde iuw rûn de feanterij yn it neigean en waard it dalgrûn omfoarme ta lânbougrûn, dêr't benammen boekweet goed waakse woe. Ek beannen en ierappels waarden dêr ferboud. Dy waarden oer it Wynskoaterdjip nei Dútsklân ta ferfierd. Bylâns it djip ûntstiene ferskate skipswerven mei dwershellings. Ynearsten waarden der turfskippen boud, dochs dêrnei waarden lytse seeskippen boud yn it ramt fan de saneamde Feankolonjale skipfeart (1814-1914).
Yn de njoggentjinde iuw kaam der yndustry nei it doarp ta. Der fêstigen ferskate wynstokerijen foar it stoken fan jenever, en in ierappelmoalfabryk kaam om 1841 hinne nei it doarp. Troch it kommen fan steammasinen naam de yndustriële produksje rap ta. Hegesân begûn doe fluch te waaksen en woeks doe it gruttere Sappemeer foarby. De twa doarpen woeksen om 1850 hinne oaninoar fêst. Bebouwing wie der oan de beide ouwers fan it Wynskoaterdjip. Dêrnei folge de bebouwing lâns de sydkanalen nei it suden ta. De kearnen Martenshoek en Foxhol woeksen doe stadichoan oan Hegesân fêst. Yn 1868 krige it doarp in spoarferbining mei Grins troch it oanlizzen fan de spoarline fan Harns nei Nijeskâns. Yn dy snuorje kaam de earste striekartonfabryk yn it doarp en waarden der ferskate byldbeskiedende gebouwen byboud, lykas de neogoatyske roomsk-katolike Sint-Martinustsjerke by Foxham en it neogoatyske postkantoar fan Cornelis Peters.
Nei it omskeakeljen fan de skipfeart fan houten ta izeren skippen, dy't ek hieltyd grutter waarden, waarden de skipswerven nei Foxhol, Martenshoek en Westerbroek ferpleatst, dêr't t it wetter wider wie. Yn Hegesân waarden de skipswerven en pleatsen ôfbrutsen en ferfongen troch boargerwenten foar de begoede boargerij, winkels en hoareka en oare tsjinsten lykas it gemeentehûs yn 1860.
Nei de iuwwikseling wie der mear bebouwing tusken it spoar en it Wynskoaterdjip, wêrûnder in wyk mei boargerwenten yn de styl fan de Delftske en Amsterdamske Skoalle. Yn de 1920-er jierren waarden der sosjale hierwenten súdlik fan it spoar en Martenshoek boud. Bebouwing nei it easten ta late yn 1949 ta it gearfoegjen fan de gemeenten Hegesân en Sappemeer ta de gemeente Hegesân-Sappemeer.
Nei de Twadde Wrâldkriich bleau Hegesân trochwaaksen. Der kaam mear yndustry by Foxhol en Martenshoek en eastlik fan Sappemeer. Yn de 1950-er jierren waard it Wynskoaterdjip ferlein en ferbrede noardlik fan it doarp. It âlde Wynskoaterdjip waard yn de 1960-er jierren tichtsmiten en folboud. Súdlik fan it spoar kamen tusken 1965 en 1985 de wiken Gorecht, Zuiderpark en Woldwijck. De oanwêzige yndustry luts in grut tal Turkske gastarbeiders nei it doarp ta en ek Marokkanen en Surninamers setten harren nei wenjen dêre. Yn 1992 hie Hegesân de measte islamityske ynwenners fan Grinslân.[2]
By it Kieldiep waard yn 1969 in nij winkelsintrum boud. Mei it fêstigjen fan in gemeentehûs, teäter, bioskoop en biblioteek njonken it winkelsintrum, ûntstie der suver in nij stedshert. Yn 2019 gie de gemeente Hegesân-Sappemeer oer yn de fúzjegemeente Midden-Grinslân en waard der besletten it besteande gemeentehûs foar in part te slopen en op itselde plak in nij gemeentehûs bouwe te litten.
Befolkingsûntjouwing
1795 | 1849 | 1859 | 1869 | 1879 | 1889 | 1899 | 1909 | 1920 | 1930 | 1947 | 1960 | 1971 | 1995 | 2001 | 2010 | 2015 | 2018 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
1.674 | 1.694 | 2.003 | 1.902 | 1.960 | 1.880 | 1.809 | 3.210 | 4.050 | 4.008 | 5.067 | 8.493 | 17.030 | 20.270 | 19.980 | 20.725 | 21.850 | 21.810 |
It besjen wurdich
- De Damkerk, in sealtsjerke út 1669.
- De klokketoer fan de Damtsjerke út 1783. Dy heart by de tsjerke, mar stiet der eintsje by wei.
- It eardere gemeentehûs fan Hegesân oan de Hoofdstraat, ûnderwilens ferboud ta kantoaren.
- It Nederlânsk Herfoarme begraafplak en begraafplak De Stille Hof.
- It Nasjonaal Bus Museum
Berne yn Hegesân
- Anjenette Joustra-Reinders (1828-1901)
- Nanne Tepper (1962-2012), skriuwer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hegesân fan Wikimedia Commons. |