Springe nei ynhâld

Olympyske Winterspullen 1964

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 nov 2022 om 01.46 troch Matsievsky (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
IXe Olympiade
holden yn Innsbruck, Eastenryk
jier 1964
dielnimmende lannen 36
dielnimmende atleten 1.091
eveneminten 36 yn 6 sporten
iepeningsseremoanje 29 jannewaris
slutingsseremoanje 9 febrewaris
edysjes
foarige 1960 Squaw Valley
folgjende 1968 Grenoble
Temaside  Sport

De Olympyske Winterspullen 1964, ek wol de IXe Olympiade neamd, waarden yn 1964 yn Innsbruck, Eastenryk hâlden. Dat wie fan 29 jannewaris oant en mei 9 febrewaris. Krekt foar de start fan de Spullen kamen by treningen op de Olympyske akkommodaasjes de Britske rodelaar Kazimierz Skyszpeski en de Australyske skyer Ross Milne om it libben.[1] De Spullen waarden bedrige troch in te min oan snie. It leger fan Eastenryk waard ynset om blokken iis en snie fan heger yn de bergen nei ûnderen te bringen om de skypistes en de bob- en rodelbaan yn oarder te krijen.

De sporter Sixten Jernberg op de Spullen
Akkommodaasje Sport (en) Kapasiteit
Axamer Lizum Alpineskyen (alles útsein de manlju) Net neamd.
Bergiselschanze Skânsspringen (grutte delgong) Net neamd.
Olympic Sliding Centre Innsbruck Bobslydzjen, Rodeljen Net neamd.
Eisschnellaufbahn Reedriden Net neamd.
Messehalle Iishockey 5,544
Olympiahalle Keunstriden, Iishockey 10.836
Patscherkofel Alpineskyen (foar manlju) Net neamd.
Seefeld Biatlon, Skyrinnen, Noardske kombinaasje, Skânsspringen (gewoane delgong) Net neamd.

Op de Spullen fan 1964 stiene seis sporten op it programma en 34 ûnderdielen ferdield oer 10 dissiplines. It IIstoksjitten wie it demonstraasjesport op de Spullen.


 Plak  Lân NOK Goud Sulver Brûns Totaal
1 Sowjetuny Flagge fan de Sovjet-Uny URS 11 8 6 25
2 Eastenryk Flagge fan Eastenryk AUT 4 5 3 12
3 Noarwegen Flagge fan Noarwegen NOR 3 6 6 15
4 Finlân Flagge fan Finlân FIN 3 4 3 10
5 Frankryk Flagge fan Frankryk FRA 3 4 0 7
6 It Dútske Ienheidsteam Flagge fan It Dútske Ienheidsteam EUA 3 3 3 9
7 Sweden Flagge fan Sweden SWE 3 3 1 7
8 Feriene Steaten Flagge fan de Feriene Steaten USA 1 2 3 6
9 Nederlân Flagge fan Nederlân NED 1 1 0 2
10 Kanada Flagge fan Kanada CAN 1 0 2 3
Medalje Namme Sport
Goud Sjoukje Dijkstra Keunstriden

Dielnimmende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seisentritich lannen diene mei oan de Spullen. Trije lannen debutearren: Yndia, Mongoalje en Noard-Korea. East- en West-Dútslân diene as in feriene ploech mei.


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Twee doden bij de Winterspelen van 1964", Sportgeschiedenis.nl, 12 febrewaris 2010

Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
· · Berjocht bewurkje