Springe nei ynhâld

Jack Ryan (franchise)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 okt 2022 om 21.37 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Jack Ryan
betinker Tom Clancy
eigner Paramount Pictures (films)
Amazon Prime Video (tillefyzje)
lân Feriene Steaten
begjinjier 1990
films
langspylfilms The Hunt for Red October
Patriot Games
Clear and Present Danger
The Sum of All Fears
Jack Ryan: Shadow Recruit
tillefyzje
searjes Jack Ryan
spultsjes
fideospultsjes ferskaat (sjoch hjirre)

Jack Ryan is in Amerikaanske mediafranchise dy't bestiet út in filmsearje, in tillefyzjesearje en ferskate fideospultsjes oer it personaazje Jack Ryan út 'e romansearje mei deselde namme fan 'e Amerikaanske bestsellerskriuwer Tom Clancy. De filmsearje bestiet anno 2022 út fiif dielen, wêrby't de haadrol yn eltse film, op ien nei, fertolke is troch in oare akteur. De filmrjochten fan 'e franchise binne yn 'e hannen fan filmstudio Paramount Pictures, wylst de de tillefyzjesearje makke is troch streamingtsjinst Amazon Prime Video.

The Hunt for Red October

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side The Hunt for Red October (film).

Yn The Hunt for Red October kriget Jack Ryan (Alec Baldwin), dy't as analist foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA wurket, opdracht om 'e Reade Oktober op te spoaren, in technologysk superieure dûkboat fan 'e marine fan 'e Sovjet-Uny, dy't ûnder lieding fan 'e skynber lossleine kaptein-op-see Marko Ramius (Sean Connery) ûnderweis is nei de eastkust fan 'e Feriene Steaten. Hy moat de Amerikaanske autoriteiten fan syn teory sjen te oertsjûgjen dat Ramius fan doel is oer te rinnen en net om 'e Feriene Steaten oan te fallen.

The Hunt for Red October waard regissearre troch John McTiernan nei in senario fan Larry Ferguson en Donald E. Stewart. De film gie op 2 maart 1990 yn premiêre, en brocht $200,5 miljoen op tsjin in budget fan $30 miljoen. The Hunt for Red October waard nominearre foar trije Oscars en wûn de priis foar bêste lûdsmontaazje.

De Wikipedy hat ek in side Patriot Games (film).

Yn Patriot Games wurket Jack Ryan (Harrison Ford) as dosint oan 'e Amerikaanske Marine-akademy nei't er ferwûne rekke is doe't er it libben fan 'e Britske minister foar Noard-Ierlân rêde by in terroristyske oanslach troch roomske Noardierske revolúsjonêren. Dêrby hat Ryan ien fan 'e dieders deasketten. Dy syn broer, Sean Miller (Sean Bean), swart dat er Ryan deadzje en syn broer wreekje sil ek al is dat it lêste dat er docht. Net allinnich Ryan, mar ek syn frou Cathy (Anne Archer) en harren bern komme sadwaande faai te stean.

Patriot Games waard regissearre troch Philip Noyce nei in senario fan W. Peter Iliff en Donald E. Stewart. De film gie op 5 juny 1992 yn premiêre, en brocht $178,1 miljoen op tsjin in budget fan $45 miljoen.

Clear and Present Danger

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Clear and Present Danger (film).

Yn Clear and Present Danger wurdt Jack Ryan (Harrison Ford) oansteld as plakferfangend adjunkt-direkteur fan 'e CIA, mei't dejinge dy't dy post foar him beklaaide, fise-admiraal James Greer (James Earl Jones), terminaal siik is mei kanker. As in gesin mei bannen mei de presidint fan 'e Feriene Steaten fermoarde wurdt troch dieders dy't leden fan it drugskartel fan Ernesto Escobedo (Miguel Sandoval) lykje te wêzen, stjoert nasjonaal feilichheidsadviseur James Cutter (Harris Yulin) bûten Ryan syn witten om in team û.l.f. John Clark (Willem Dafoe) nei Kolombia ta om 'e drugsbaron út te skeakeljen. Ryan wurdt ek nei Kolombia ta stjoerd om mei it Kolombiaanske regear te ûnderhanneljen oer de oanpak fan Escobedo. Dêrby komt hy troch Cutter syn dwaan yn 'e benearing. As Cutter in oerienkomst mei it kartel slút dy't de útskeakeling fan Escobedo útruilet tsjin 'e útskeakeling fan it team fan Clark, begjint foar Ryan in race tsjin 'e klok om Clark-en-dy te rêden en de korrupsje fan Cutter oan it ljocht te bringen.

Alec Baldwin yn 1990 as Jack Ryan yn 'e film The Hunt for Red October.

Clear and Present Danger wie de twadde Jack Ryan-film dy't regissearre waard troch Phillip Noyce. Dyselde wurke op basis fan in senario fan John Milius, Steven Zaillian en Donald E. Stewart. De film gie op 3 augustus 1994 yn premiêre, en brocht $215,9 miljoen op tsjin in budget fan $62 miljoen. Clear and Present Danger waard nominearre foar twa Oscars, foar bêste lûdsmontaazje en bêste lûdsmixing.

The Sum of All Fears

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side The Sum of All Fears (film).

The Sum of All Fears wie in reboot fan 'e Jack Ryan-filmsearje, mei Ben Affleck as in jongere Jack Ryan. Yn 'e film komt Ryan, dy't as analist by de CIA wurket, in geheim ynternasjonaal gearwurkingsferbân fan neo-nazys op it spoar dat ûnder lieding stiet fan 'e Eastenrykske miljardêr Richard Dreßler (Alan Bates). Dyselde en syn trewanten binne fan doel om in oanslach mei in atoombom yn 'e Feriene Steaten te begean, om dêr de nije Russyske presidint Aleksander Nemerov (Ciarán Hinds) de skuld foar op 'e lea te skowen. Se hoopje sa in kearnoarloch tusken Ruslân en de Feriene Steaten út te lokjen, wêrby't dy beide lannen inoar ferneatigje. Dêrnei wolle se yn Jeropa in faksistyske supersteat oprjochtsje dy't de wrâld oerhearsket. Ryan moat alles op alles sette om dy opset te dwerseidzjen en Nemerov en de Amerikaanske presidint Fowler (James Cromwell) fan it begjinnen fan in kearnoarloch ôf te bringen.

The Sum of All Fears waard regissearre troch Phil Alden Robinson nei in senario fan Paul Attanasio en Daniel Pyne. De film gie op 29 maaie 2002 yn premiêre, en brocht $193,9 miljoen op tsjin in budget fan $68 miljoen.

Jack Ryan: Shadow Recruit

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Jack Ryan: Shadow Recruit.

Jack Ryan: Shadow Recruit wie in twadde reboot fan 'e filmsearje, diskear mei Chris Pine as in jonge Jack Ryan. Yn 'e film nimt Ryan, oant dan ta in studint ekonomy, nei de oanslaggen fan 9/11 tsjinst by it Amerikaansk Marinierskorps. Yn 'e Oarloch yn Afganistan rekket er slim ferwûne as syn helikopter delsketten wurdt. Tsien jier letter wurket er as tafersjochhâlder by in effektehannelsûndernimming op Wall Street, mar eins is dat mar in dekmantel foar syn echte wurk. Ryan is nammentlik troch CIA-agint Thomas Harper (Kevin Costner) rekrutearre om 'e jildstreamen op Wall Street yn 'e rekken te hâlden op 'e siik nei finansjele transaksjes dy't op terroristyske aktiviteiten wize. Sa komt er de gearspanning fan 'e Russyske oligarch Viktor Tsjerevin op it spoar, dy't fan doel is om 'e koers fan 'e Amerikaanske dollar ynstoarte te litten.

Jack Ryan: Shadow Recruit waard regissearre troch Kenneth Branagh nei in senario fan Adam Cozad en David Koepp. De film gie op 17 jannewaris 2014 yn premiêre, en brocht $135,5 miljoen op tsjin in budget fan $60 miljoen.

Jack Ryan (tillefyzjesearje)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jack Ryan is in politike aksjeskrillersearje mei John Krasinski yn 'e titelrol, basearre op 'e personaazjes út 'e Jack Ryan-romansearje fan Tom Clancy. De searje waard kreëarre troch Carlton Cuse en Graham Roland foar de Amazon Studios en is sûnt septimber 2018 te sjen op Amazon Prime Video. Anno 2022 binne der fan 'e searje fjouwer seizoenen makke of yn produksje. Yn maaie 2022 waard oankundige dat der gjin fyfde seizoen komme soe. Wol is der in spin-offsearje yn preproduksje oer it personaazje fan Ding Chavez, mei Michael Peña yn 'e haadrol.

De folgjende fideospultsjes binne yn it ramt fan 'e Jack Ryan-franchise útkommen:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Jack Ryan (filmsearje)
The Hunt for Red October (1990) • Patriot Games (1992) • Clear and Present Danger (1994) • The Sum of All Fears (2002) • Jack Ryan: Shadow Recruit (2014)