Kening Jan (toanielstik)
Kening Jan | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | King John | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 1590-er jierren | |
1e publikaasje | 1623, Londen | |
bondel | First Folio | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Kening Jan | |
publikaasje | 1965, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
Kening Jan, yn it oarspronklike Ingelsk: King John (folút eins: The Life and Death of King John, "Libben en Dea fan Kening Jan"), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradisjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt. Sa't de titel al oanjout, is dit stik basearre op it libben fan kening Jan fan Ingelân, dy't regearre fan 1199 oant 1216, al hat it toanielstik net bot wei fan 'e histoaryske foarfallen. Kening Jan moat earne yn 'e 1590-er jierren skreaun wêze, mar it waard pas foar it earst útjûn as ûnderdiel fan 'e First Folio, yn 1623. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1965.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jan fan Ingelân, byneamd Jan sûnder Lân of Jan Sêftswurd, leit yn 'e Ingelske skiednis bepaald net op in goede namme. Yn syn The History of England, Volume I: Foundation skriuwt de foaroansteande Britske histoarikus Peter Ackroyd dêroer: "Hy stekt Richard III nei de kroan oangeande wa't beskôge wurdt as de 'kwea-aardichste' fan 's lâns keningen. Mar feitliks wiene Jan en Richard neat gemiener of wreedslûger as withoefolle oare, mear bewûndere soevereinen; se troffen it lykwols miskien wat ûngelokkich mei de kronykskriuwers dy't it op har namen om harren dieden op te tekenjen." Ien sa'n kronykskriuwer skreau by Jan syn dea: "De hel fielde himsels besmoarge troch him [Jan] ta te litten." Net wat wy hjoed de dei ûnpartijige skiedskriuwing neame soene. Neitiid waard it byld fan Jan dat troch sokke lju jûn wie, befêstige troch Shakespeare syn stik.
Yn wurklikheid wie it regear fan Jan ien fan 'e kearpunten yn 'e Ingelske skiednis. Jan ferlear de measte Ingelske oerseeske besittings (Normandje, Anzjû en Maine) oan Frankryk, sadat de grins wer, lykas foàr de Slach by Hastings, yn 1066, yn it Kanaal kaam te lizzen, wat de him ûntjaande Ingelske nasjonaliteit allinne mar te'n goede kaam. Jan bemuoide him ek persoanlik mei it bestjoer en de rjochtspraak, saken dy't syn soargeleaze âldere broer Richard Liuwehert altiten oan syn ministers oerlitten hie wylst er sels it belestingjild ferkwânsele oan sinleaze oarloggen. Ut Jan syn ferfrjemding mei de eallju kaam úteinlik de ferneamde Magna Charta fuort, dy't tsjintwurdich beskôge wurdt as in foar dy tiid unike ferklearring fan rjochten fan 'e minske foar de steat oer. En ta einbeslút wie Jan de earste Ingelske kening sûnt 1066 dy't sawol yn Ingelân berne waard as der stoar.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stik iepenet as kening Jan in Frânske gesant ûntfangt, dy't in ultimatum fan 'e Frânske kening Filips II oerbringt: Jan moat op slach en stel syn troan ôfstean oan syn omkesizzer Artur, de wiere erfgenamt fan Richard Liuwehert, of oars sil it oarloch wurde tusken Ingelân en Frankryk. Jan leit dy eask fansels njonken him del, dat de oarloch brekt út. Kening Filips belegeret it stedsje Angiers, in ûnderdiel fan 'e Ingelske besittings yn Frankryk, en bedriget de ynwenners mei in bestoarming as se Artur net as harren hear erkenne. Dan arrivearret it Ingelske leger, dat de boargers fan Angiers mei in bestoarming bedriget as hja Jan net as harren hear erkenne. De stedsbewenners, dy't tusken de wâl en it skip driigje te kommen, sizze dat se de rjochtlike kening erkenne, wa't dat dan ek mar wêze mei.
Dêr hat fansels net ien wat oan, en guon eallju wolle dat Frankryk en Ingelân in ferbûn slute om mienriedich de rebelske stêd te straffen. De boargers fan Angiers stelle dan út dat Filips syn soan, de dauphin Loadewyk, mei Jan syn omkesizzer Blanche trouwe sil; troch dat houlik soe Jan syn gryp op 'e Ingelske troan fuortsterke wurde, wylst Filips fia de breidsskat it Frânske grûngebiet útwreidzje kinne soe. Hoewol't Artur en syn furieuze mem Konstânse Filips derfan betichtsje harren yn 'e steek te litten, stimt de Frânske kening mei it foarstel yn, en fynt it houlik plak.
Dan arrivearret kardinaal Pandolf út Rome mei in formele beskuldiging dat kening Jan de paus oerhearrich west hat troch op eigen manneboet in aartsbiskop te beneamen. Jan wegeret it spul werom te draaien, en wurdt fan gefolgen ekskommunisearre. Pandolf wit dêrop de twifelige Filips te bepraten om in nije oarloch tsjin Ingelân te begjinnen. Mar it slagget de Ingelsen en feroverje Angiers, dêr't Artur yn harren hannen falt. Jan oarderet Hubert, in boarger fan Angiers, om Artur temûk út 'e ljochten te helpen, mar de rjochtskepene man kin himsels der net ta bringe. Jan syn eallju wolle dat er Artur frijlit, en Jan stimt dêr úteinlik yn ta, mar dan wurdt him de foet dwers set troch Hubert, dy't ferkundiget dat Artur dea is. De eallju, dy't miene dat Jan efter de dea fan syn omkesizzer sit, rinne oer nei Loadewyk, dy't ûnderwilens op oantrún fan Pandolf oan in ynfaazje fan Ingelân begûn is. Neitiid docht by in lulke konfrontaasje tusken de kening en Hubert bliken dat Artur noch libbet. Jan is dêr no feringele mei en stjoert Hubert nei syn eallju ta om it goede nijs buorkundich te meitsjen.
Mar dan stjert Artur by in sprong fan in kastielmuorre (Shakespeare lit iepen oft it dêrby om selsmoard of om in mislearre besykjen om te ûntsnappen giet). De eallju fiele har no befêstige yn har leauwe dat Jan Artur fermoardzje litten hat, en stegerje Hubert ôf. Syn rie te'n ein slút Jan dan in oerienkomst mei Pandolf: hy swart trou oan 'e paus, yn ruil wêrfoar't Pandolf foar him mei de Frânsen ûnderhannelje sil. Loadewyk, dy't no de wyn yn it seil hat, wegeret lykwols en harkje nei de kardinaal. De oarloch wurdt fuortset mei grutte ferliezen oan beide kanten, wêrûnder Loadewyk syn fersterkings, dy't omkomme by it oerstekken fan it Kanaal. In stjerrende Frânske ealman, de boarchgreve fan Melun, bringt oan de Ingelske eallju út dat Loadewyk fan doel is om harren allegear te deadzjen, as er de oarloch ienris wûn hat. In grut tal Ingelske eallju jout him sadwaande wer by kening Jan. Dy wurdt lykwols fergiftige troch in mûnts, dy't wrokket oer de swiere belesting dy't de kening de kleasters oplein hat. Ear't er stjert, swarre de eallju trou oan syn soan Hindrik, en Pandolf arrivearret noch mei in fredesferdrach. It stik einiget mei de dea fan kening Jan.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]King John waard ûnder de titel Kening Jan yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1965 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. V, yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare Shakespeariaanske keningsstikken, lykas Hindrik IV, Diel 1, Hindrik IV, Diel 2, Hindrik V en Richard II.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Citations en References, op dizze side. |