Springe nei ynhâld

Lemsterwei-West

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 mrt 2022 om 21.12 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (Foarsjennings)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Lemsterwei-West

Lemsterwei-West is in wenwyk binnen de stêd Snits. De wykk telt (yn 2008) 2370 ynwenners en hat in oerflakte fan 51 hektare (wêrfan 3 hektare wetter).

De wyk grinzet yn it noarden oan de wyk Poarte fan Snits, yn it easten oan de Lemsterwei-East en yn it suden oan Dúnterpen.
De grutste ferkearsier fan de wyk is de Lemsterwei, dy't de grins foarmet tusken Lemsterwei-West en -East. De westlike grins wurdt foarme troch de Geau. Yn de wyk sels rinne gjin wetterwegen.

Histoarje en bebouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wyk Lemsterwei-West is tusken 1945 en 1975 boud en waard doe neamd nei de neistlizzende Lemsterwei. Tsjin 2000 is de wyk renovearre. Yn de wyk leit it Keatslân, dêr 't akl iuwen gebrûk fan makke wurdt. De strjitten yn de Lemsterwei-West binne ferneamd nei plakken yn de omjouwing, wetterwurken en de keatssport. Lemsterwei-West ken iengesinswenningen en flatwenningen fan meardere boulagen, meast eigendom fan Wenningstichting De Wieren. De mearlagige bebouwing is boud tusken 1963 en 2008.
De wykferiening yn de wyk hjit Wykferiening De Wettertoer.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gemeentebestjoer Snits (1978) Geschiedenis in straatnamen.

Wiken en buerten yn de stêd Snits
Wiken:
AldfeartBeammebuertBinnenstêdDe DompIt EilânDúnterpenIt GesHarinxmalânHimdykDe HimmenHoukesleatLemsterwei-EastLemsterwei-WestLjouwerterdykDe LottenNoardeasthoekNoarderhoek INoarderhoek IIPasfearPoarte fan SnitsSperkhimStasjonsbuertStedsfinneSwetteplanTinga
Buerten:
MaltaSpitaalTúndoarp
· · Berjocht bewurkje