Mary Arden
Mary Arden | ||
Aansichtkaart mei Mary Arden en in jonge William | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Ingelsk | |
berne | ±1537 | |
berteplak | Wilmcote (Ingelân) | |
stoarn | 1608 | |
stjerplak | Stratford-upon-Avon (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | húsfrou | |
reden bekendheid |
mem fan de toanielskriuwer William Shakespeare |
Mary Arden (±1537-1608) wie de mem fan 'e wiidferneamde Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare. Hja wie de jongste fan 'e acht dochters fan Robert Arden út Wilmcote, in katolyk dy't mear as ien kear troud wie (syn twadde frou hiet fan Agnes Hill).
Komôf
Mary har famylje, de Ardens, wiene al foàr de Normandyske Ferovering fan Ingelân, yn 1066, ien fan 'e rykste en meast foaroansteande geslachten yn it greefskip Warwickshire, en harren besittings waarden dan ek al fermeld yn it Domesday Book (1086). Ien fan Mary har foarfaars, in Thomas Arden, focht yn 'e trettjinde iuw yn 'e Twadde Baronne-oarloch (1263-1264) oan 'e kant fan Simen fan Montfort en de baronnen tsjin kening Hindrik III. In oaren wie Robert Arden, dy't yn 'e fyftjinde-iuwske Roaze-oarloggen meifocht, en wer in oaren John Arden, dy't ien fan 'e hôvelingen fan kening Hindrik VII wie.
Libben
Oer Mary Arden har libben is net folle bekend. Doe’t Robert Arden yn desimber 1556 stoar, liet er Mary wat jild nei, en wat wichtiger wie, har kaam ek de pleats en al it lân ta. Dat wie fansels in moaie breidsskat foar har houlik mei de moffemakker John Shakespeare, dat yn 1557 sletten waard yn Stratford-upon-Avon, doe't Mary tweintich jier wie. Richard Shakespeare, John syn heit, wie pachtboer op lân fan 'e Ardens te Snitterfield. As de dochter fan Richard syn lânhearre is it tige wol mooglik dat Mary John har hiele libben al koe.
John en Mary krigen acht bern, lyk om lyk ferdield yn soannen en dochters: Joan (1558-1558), Margaret (1562-1563), William (1564-1616), Gilbert (1566-1612), Joan (1569-1646), Anne (1571-1579), Richard (1574-1613) en Edmund (1580-1607). Sa't út 'e jiertallen bliken docht, oerlibben trije fan 'e famkes de bernejierren net. De namme Joan waard letter op 'e nij brûkt, krekt sa't yn Fryslân oant fier yn 'e tweintichste iuw ek wenst wie nei it ferstjerren fan in bern.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |