Springe nei ynhâld

Ynkubus

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 okt 2020 om 09.09 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Wittenskiplike ferklearring: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In ynkubus mei in sliepende frou op in skilderij út 1879.

In ynkubus (meartal: ynkuby) is in demon yn 'e foarm fan in man, dy't, neffens beskate mytologyske en legindaryske tradysjes, seksuële omgong hat mei sliepende froulju of manlju. De term 'ynkubus' komt fan it Latynske incubus (mei deselde betsjutting), dat ôflaat is fan incubo ("in nachtmerje feroarsake troch sa'n demon"), dat wer tebek giet op it tiidwurd incubare ("besliepe"). De froulike wjergader fan in ynkubus is in sukkubus. Obsene ferhalen oer ynkuby en sukkuby besteane yn tradisjonele maatskippijen al tûzenen jierren. Sokke mytyske wêzens komme oarspronklik út 'e mytology fan it Heine Easten, en binne dêrwei oernommen yn it kristendom, dat it leauwe yn it bestean fan sokke demoanen fierder oer de wrâld ferspraat hat. Guon tradysjes wolle hawwe dat oanhâldende seksuële aktiviteit mei in ynkubus of in sukkubus ta oanboazjende sûnensswierrichheden, sljochtsinnigens en úteinlik sels de dea liede kin.

Ien fan 'e ierste beskriuwings fan in ynkubus is bekend fan 'e Sûmearyske Keningslist, dy't datearret fan likernôch 2400 f.Kr. Yn dy list wurdt de heit fan 'e held Gilgamesj fermelden as Lilû, in demon dy't froulju yn harren sliep steure en ferliede soe. De Sûmearyske mytology koe ek in froulike demon, Lilitû, dy't oan manlju ferskynde yn wiete dreamen, en as sukkubus beskôge wurde kin. Dêrnjonken wiene der noch in oar demoanepear: Ardat lili, dy't nachts manlju besykje en spûkeftige bern fan harren krije soe, en har manlike wjergader Irdu lili, dy't nachts froulju besykje en bern by harren oansette soe. Ardat lili en Irdu lili wiene oarspronklik stoarmdemoanen, mar meitiid waarden se sjoen as nachtdemoanen troch in foutive folksetymology fan harren nammen.

It leauwen yn it bestean fan ynkuby en sukkuby waard letter troch it iere kristendom oernommen út 'e kultueren fan it Heine Easten. De ynfloedrike tsjerkfaar Augustinus fan Hippo neamde ynkuby yn syn wurk De Civitate Dei ("De Stêd Gods"), wêryn't er stelde dat der tefolle oanfallen fan ynkuby wiene om harren bestean te ûntkennen. Nettsjinsteande dat waarden demoanen doedestiden oer it algemien as aseksuële wêzens sjoen. It bestean fan ynkuby en sukkuby gie dêrom yn tsjin 'e algemien oanfurde dogmatyk op it mêd fan demoanen.

Yn 'e Midsiuwen besocht Tomas fan Aquino beide ideeën mei-inoar te fermoedsoenjen troch te riddenearjen dat ynkuby en sukkuby deselde wêzens wiene. Neffens him namen se earst (as sukkubus) de foarm fan in frou oan om seksuële omgong mei in man te hawwen mei de bedoeling om it sperma fan dy man te krijen. Dêrnei soene se (as ynkubus) de foarm fan in man oannommen hawwe om in frou swier te meitsjen mei it sperma dat se earder opfongen hiene. Yn prinsipe wie dat goed nijs, fûn Tomas, mei't it bern dat út sa'n demoanyske oanfal op in frou ûntstie, folslein minsklik wêze moast en dêrom in siel hawwe soe lykas alle oare minsken. De ideeën fan Tomas rekken neitiid mank demonologen frij algemien akseptearre.

Oan it begjin fan 'e santjinde iuw waard de teory fan Tomas yn 'e dissertaasje Dæmonologie nochris befêstige troch kening Jakobus I fan Ingelân, dy't as haad fan 'e Anglikaanske Tsjerke ek religieuze macht útoefene. Jakobus wie fan miening dat it sperma dat de demon ynsammele fan koartlyn ferstoarne manlju kaam troch manipulaasje fan it deade lichem. In alternative metoade wie neffens him dat de demon in manlik lyk besette en seksuële omgong hawwe liet mei libbene minsken. Nettsjinsteande it feit dat sawol sperma as aaisel fan it troch de demon bewurkmastere bern fan minsklike oarsprong wiene, waarden sokke bern gauris sjoen as boppenatuerlik.

Oer it fierdere aard en uterlik fan 'e ynkubus giene alderhanne ferhalen. Sa soe men sa'n wêzen neffens guon boarnen weromkenne oan syn ûnnatuerlik grutte of kâlde penis. In soad ferhalen beweare dat ynkuby biseksueel binne, wylst oaren úthâlde dat se folslein heteroseksueel binne en in manlik slachtoffer ûnoangenaam of sels skealik fine. Nettsjinsteande it min ofte mear offisjele dogma dat demoanen gjin bern oansette kinne om't se gjin geslachtsorganen hawwe soene, wurde se yn guon ferhalen wol deeglik opfierd as de heiten fan heal-minsklike, heal-demoanyske neikommelingen. Sa'n bern wurdt in cambion neamd. De leginde oer de berte fan 'e tsjoender Merlyn wol bygelyks hawwe dat dyselde troch in ynkubus by in minsklike frou oanset waard, en dat syn tsjoenderij in genetysk beërf wie fan syn demoanyske heit.

Neffens de Malleus Maleficarum oftewol de Heksehammer, in (kwea) ferneamd hânboek foar de bestriding fan hekserij, skreaun troch Heinrich Kramer yn 1486, binne der fiif manearen om mei oanfallen fan ynkuby ôf te weven: eksorsisme, sakremintale bycht, it slaan fan it krús (of it opsizzen fan it wêsgroete), it ferpleatsen fan it slachtoffer nei in oare lokaasje en de ekskommunikaasje fan 'e demon. Oan 'e oare kant stelde de fransiskaanske frater Ludovico Maria Sinistrari dat ynkuby neat om eksorsisten jouwe, net bang binne foar eksorsisme en alhiel gjin ûntsach foar hillige symboalen hawwe.

Regionale fariaasjes op it tema

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane ferskate regionale fariaasjes op it tema fan 'e ynkubus. De alp út 'e Dútske folkloare is ien fan 'e bekendsten dêrfan. Yn Sânsibar falt Popo Bawa benammen manlju oan en oer it algemien efter sletten doarren. De ynkubusdemon fan Súdlik Afrika is de tokolosh. Dy wêzens binne lykwols sa lyts fan stal dat keine froulju feilich foar harren binne as se in pear bakstiennen ûnder de bêdspoaten lizze. Yn Hongarije is in lidérc in demoanyske minner dy't by nacht it fermogen hat om te fleanen en dy't foarsteld wurdt as in fjurrich ljocht (in soarte fan dwylljocht miskien), of, yn syn goedaardiger foarm, as in hin sûnder fearren.

De trauco is neffens de folkloare fan it Sileenske eilân Chiloé in wanskepen dwerch dy't tsjeppe jonge froulju bedwelmet en ferliedt. Dat wêzen soe ferantwurdlik wêze foar withoefolle gefallen fan ûnbedoeld swierreitsjen, benammen by froulju dy't net troud binne. In soartgelikense foarm fan in ynkubus dy't foarkomt yn Ekwador is de tintín, in dwerch dy't sljocht is nei langhierrige froulju en sokken ferliedt troch nachts foar harren finster te gitaarspyljen. (Neffens wittenskippers is de tintín in myte dy't optocht is yn 'e koloniale tiid om it swierreitsjen fan froulju te ferklearjen dy't nea bûtendoar kamen sûnder sjaperonne, nei alle gedachten om ynsest troch in manlik famyljelid of seksueel misbrûk troch in freon fan 'e famylje te behimmeljen.)

Yn it Brazyljaanske reinwâld fan it Amazônegebiet leaut men wol dat de Orinokodolfyn of boto in stalferwikseler is dy't feroarje kin yn in tige sjarmante jongeman dy't jonge froulju ferliedt en harren meinimt de rivier yn. Boto's wurde geregeldwei ferantwurdlik holden foar gefallen fan fermissing en ûnbedoeld swierwêzen. Neffens pleatslike leginden soe in boto werom te kennen wêze oan it feit dat er altyd syn hoed ophâldt om it spuitgat oan 'e boppekant fan syn holle te ferbergjen.

Yn 'e folkloare fan Sweden bestie de merje, in geast of mooglik in demoanyske kabouter, dy't it boarst fan sliepende lju berydt en harren nachtmerjes (dêrfandinne de namme) jout. It leauwen yn sokke merjes giet teminsten werom oant de Aldnoarske Ynglinga Saga (dy't optekene waard yn 'e trettjinde iuw), mar nei alle gedachten is it folle âlder. Yn 'e kultueren fan Turkske folken komt in type ynkubus foar dat karabasan hjit. Dat binne kweadaardige wêzens dy't nachts sliepers besykje en dy't beskôge wurde as in soarte fan djinn. De slieper kin de karabasan sjen of hearre yn syn of har dream en fiele as in gewicht op it boarst, mar hy of sy kin net wekker wurde.

Wittenskiplike ferklearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wittenskippers dy't har dwaande hâlde mei ûndersyk nei sokke saken, binne oer it algemien fan tinken dat slachtoffers fan ynkubusoanfallen nei alle gedachten faak oan sliepferlamming lit hawwe. Dat is in wittenskiplik goed ûnderboud ferskynsel. Yn 'e REM-sliep wurdt de wurking fan it diel fan 'e harsens dat de beweging fan it lichem oanstjoert, ûnderdrukt, mei in foarm fan ferlamming as gefolch. De reden dêrfoar wurdt noch altyd net folslein begrepen, mar de measte saakkundigen geane derfan út dat it in evolúsjonêr ûntstien meganisme is dat foarkomme moat dat de dreamer de dingen yn 'e dream wier útlibbet. As dat proses fersteurd rekket, kin it liede ta sliepwanneljen en oar dreamdwaan, of, as oare uterste, sliepferlamming, wêrby't de slieper noch in lyts skoftke hielendal of foar in diel ferlamme bliuwt nei't hy of sy wekker wurden is.

In oare ferklearring foar it rûnom foarkommen fan ferhalen oer ynkuby is hypnagogy, it hawwen fan fisuële en auditive hallusinaasjes koart foar of ûnder it wekker wurden. Minsklike en bisteftige figueren komme, faak yn beskade of dizenige foarm, in soad foar yn sokke hypnagogyske hallusinaasjes. Der wurdt tocht dat dat in oerbliuwsel wêze kinne soe fan in âld ynstinkt om rôfdieren gewaar te wurden.

De kombinaasje fan sliepferlamming en hypnagogyske hallusinaasjes soe der maklik foar soargje kinne dat immen miende dat hy of sy omleech drukt waard troch in demon. Wiete dreamen en oare nachtlike seksuële opwining soe ek nofliker ferklearre wurde kinne troch de dieden fan boppenatuerlike wêzens ynstee fan skuldprodusearjend eigen hâlden en dragen. Oan 'e oare kant giet men derfan út dat in diel fan 'e slachtoffers fan 'ynkubusoanfallen' ek wier it slachtoffer west hat fan in ferkrêfting. Dieders, benammen as it dêrby om famyljeleden of freonen fan 'e famylje gie, soene sok seksueel misbrûk fan sliepende froulju oan demoanen taskreaun hawwe kinne om bestraffing te ûntrinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.