Springe nei ynhâld

Joseph J. Reynolds

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 okt 2020 om 05.34 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (De Slach oan de Powderrivier: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Joseph J. Reynolds
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Joseph Jones Reynolds
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 4 jannewaris 1822
berteplak Flemingsburg (Kentucky)
stoarn 25 febrewaris 1899
stjerplak Washington, D.C.
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 19431957 & 18611877
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang generaal-majoar (1862-66)
befel 10e Frijwilligersreg. f. Indiana
75e Frijwilligersreg. f. Indiana
XIXe Korps
VIIe Korps
Am. 27e Ynfanteryrezjimint
Departemint fan Arkansas
Departemint fan Teksas
Am. 3e Kavaleryrezjimint
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach by Cheat Mountain
Slach by Hoover's Gap
Slach by Chickamauga
Slach oan de Powderrivier

Joseph J. Reynolds (folút: Joseph Jones Reynolds; Flemingsburg (Kentucky), 4 jannewaris 1822Washington, D.C., 25 febrewaris 1899) wie in Amerikaansk legerofsier, yngenieur, ûnderwizer en ûndernimmer, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht. Hy waard it bekendst om syn lieding oer de Amerikaanske troepen yn 'e Slach oan de Powderrivier, tsjin 'e Lakota en Noardlike Sjajinnen, dêr't er by syn hommelse weromlûking ferskate soldaten op it slachfjild efterliet. Dêrfoar waard er neitiid troch de Amerikaanske kriichsried feroardiele.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid, oplieding en iere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reynolds waard yn 1822 berne yn Flemingsburg, yn 'e Amerikaanske steat Kentucky. Hy hie ferskate buorren en teminsten ien suster, dy't letter troude mei brigadegeneraal Jules C. Webber. Reynolds studearre koart oan it Wabash Kolleezje yn Crawfordsville, foar't er yn 1839 talitten waard ta de Amerikaanske Militêre Akademy te West Point. Dêr slagge er yn 1843 foar syn eksamens as de op njoggen nei bêste kadet út in klasse fan 39 man.

Neitiid waard Reynolds mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 4e Artilleryrezjimint. Yn dy hoedanichheid tsjinne er yn Fort Monroe, yn Firginia, yn Carlisle Barracks, yn sintraal Pennsylvania, en dêrnei ûnder befel fan generaal Zachary Taylor yn it Amerikaanske besettingsleger yn Teksas, nei't de Republyk Teksas yn 1845 troch de Feriene Steaten anneksearre wie. Yn 1846 kearde er nei West Point werom om dêr dosint oan 'e Militêre Akademy te wurden. Op 3 desimber fan dat jier troude er mei in Mary Elizabeth Bainbridge.

Nei alve jier ferliet Reynolds West Point yn 1857, om in jier oan 'e Amerikaanske frontier te tsjinjen, yn it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma). Doe naam er ûntslach út it Amerikaanske Leger en joech in skoftke les oan 'e Washington Universiteit yn St. Louis. Yn 1860 ferfear Reynolds nei Indiana, dêr't er mei ien fan syn bruorren in krudenierssaak begûn.

Tsjinst ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbrutsen wie, naam Reynolds yn 1862 mei de rang fan kolonel tsjinst yn 'e steatsmilysje fan Indiana. Hy krige it befel oer Camp Morton, in legerbasis by Indianapolis. Letter waard er oan it haad fan it 10e Frijwilligersrezjimint fan Indiana nei it Eastfront, yn Firginia, ta stjoerd, dêr't er in krúsjale rol spile by it weromslaan fan 'e Konfederearre troepen fan Robert E. Lee yn 'e Slach by Cheat Mountain.

Hoewol't er ta brigadegeneraal befoardere waard, naam Reynolds yn jannewaris 1862 ûntslach út it leger, wêrnei't er weromkearde nei Indiana. Dêr wied er yn Camp Morton as boarger belutsen by de trening fan frijwilligersrezjiminten, oant er yn novimber fan dat jier in oanstelling as kolonel oannaam mei befel oer it 75e Frijwilligersrezjimint fan Indiana, in posysje dy't mei weromwurkjende krêft fan jannewaris ôf jildich waard. Koarte tiid letter waard Reynolds op 'e nij befoardere ta brigadegeneraal, mei oarders om in befoarriedingsdepot mei byhearrende fortifikaasjes op te setten yn Carthage, yn Tennessee.

As generaal-majoar joech er dêrnei lieding oan in difyzje yn it Amerikaanske XIVe Korps, dat diel útmakke fan it Leger fan de Cumberland. Hy naam diel oan 'e Slach by Hoover's Gap en de Slach by Chickamauga en tsjinne letter as de stêfsjef fan it Leger fan de Cumberland. Nei de ferovering fan Chattanooga, op 9 septimber 1863, waard Reynolds oerpleatst nei de Golf fan Meksiko, dêr't er lieding joech oan in difyzje fan it XIXe Korps, dat legere wie yn 'e troch de Noardliken besette stêd New Orleans, yn Louisiana, oan 'e mûning fan 'e Mississippy. Nei ferrin fan tiid krige Reynolds sels it befel oer it hiele XIXe Korps, en tsjin 'e ein fan 'e oarloch krige er it kommando oer it Amerikaanske VIIe Korps, yn Arkansas.

Tsjinst nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch bleau Reynolds yn it Amerikaanske Leger, hoewol't er fanwegen in oerskot oan ofsieren, dat feroarsake waard troch de ôfslanking fan it leger yn fredestiid, yn rang weromset waard ta kolonel. Hy tsjinne as kommandant fan it Amerikaanske 27e Ynfanteryrezjimint en krige letter it befel oer it militêre Departemint fan Arkansas. Under it Tiidrek fan de Weropbou, nei de Boargeroarloch, waard Reynolds oerpleatst nei Teksas, dêr't er Charles Griffin ferfong as kommandant oer it militêre Departemint fan Teksas. Doe't dy steat yn 1870 wer yn 'e Amerikaanske Uny opnommen waard, kearde Reynolds werom nei tsjinst oan 'e Amerikaanske frontier, as kolonel fan it Amerikaanske 3e Kavaleryrezjimint.

De Slach oan de Powderrivier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Grutte Sû-Oarloch naam Reynolds yn 1876 diel oan 'e saneamde Bighorn-ekspedysje ûnder lieding fan brigadegeneraal George Crook, dy't op 1 maart út Fort Fetterman yn Wyoming ôfsette mei as doel om fijannige Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho op te spoaren en út te skeakeljen. Op 'e moarn fan 17 maart foelen Reynolds syn seis kompanjyen (379 man) fan 'e Amerikaanske 2e en 3e Kavaleryrezjiminten in doarp fan 'e Noardlike Sjajinnen oan, dêr't ek guon Lakota taholden. Dat doarp wie opslein oan 'e igge fan 'e Powderrivier, yn súdeastlik Montana, en it treffen kaam sadwaande de Slach oan de Powderrivier te hjitten.

De Amerikanen mienden dat it dêrby om it doarp fan it Lakota-opperhaad Mâl Hynder gie, mar hja fersinden har, want it wie it doarp fan 'e Sjajinske haadman Alde Bear. De Yndianen waarden yn dizze striid oanfierd troch Twa Moannen, Lytse Wolf, Houten Skonk en Rikel. Under it gefjocht, dat fiif oeren duorre, feroveren Reynolds syn troepen it doarp en baarnden it plat, mar moasten ûnder yntins fijanlik fjoer al rillegau tebekwike. Reynolds loek him nei de fjildslach likernôch 32 km werom nei it suden. De Amerikanen fongen de hynstekeppel fan it doarp, mar de oare deis wisten de Lakota dy by in oerfal grutdiels wer werom te stellen.

De fjildtocht koe sadwaande as mislearre beskôge wurde. Neitiid waard Reynolds foar de Amerikaanske kriichsried dage om't er by syn hommelse weromlûking ferskate soldaten op it slachfjild efterlitten hie. Hy waard skuldich befûn oan alle trije oanklachten dy't tsjin him ynbrocht wiene, en feroardiele ta opskoarring fan rang en soldij foar de perioade fan in jier. Op 25 juny 1877 naam Reynolds ûntslach út it Amerikaanske Leger.

Reynolds kaam op 25 febrewaris 1899 yn 'e âlderdom fan 77 jier yn 'e Amerikaanske federale haadstêd Washington D.C. te ferstjerren. Hy waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, ûnder de reek fan 'e haadstêd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.