Springe nei ynhâld

Rikel (opperhaad)

Ut Wikipedy
Rikel (opperhaad)
Rikel yn 1877
Rikel yn 1877
persoanlike bysûnderheden
echte namme Šúŋka Bloká
oare namme He Dog
berne ±1840
berteplak oan de Cheyenne (Súd-Dakota)
stoarn 1936
stjerplak yn it Pine Ridge Reservaat
(Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Oglala
jierren aktyf ±18601936

Rikel (Lakota: Šúŋka Bloká, útspr.: ['ʃũ:ka blo'ka:]; Ingelske oersetting: He Dog; oan 'e Cheyenne (Súd-Dakota), ±1840 – yn it Pine Ridge Reservaat (Súd-Dakota), 1936) wie in opperhaad fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wurke nau gear mei it ferneamde opperhaad Mâl Hynder yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, en focht û.m. yn 'e Slach oan de Rosebud en de Slach oan de Little Bighorn.

Rikel waard yn 'e maityd fan 1840 berne by de boarnen fan 'e rivier de Cheyenne, deunby de Black Hills, yn wat no de steat Súd-Dakota is. Syn heit wie de haadman Swarte Stien en syn mem wie Blauwe Dei, in suster fan it opperhaad Reade Wolk. Doe't er folwoeksen wie, waard er opperhaad fan in eigen lytse troep fan Oglala-Lakota, dy't de Searrêgen neamd waarden. Begjin maart 1876 troude er mei in frou dy't fan Rots (Inyan) hiet. Doe't dat jiers de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 útbriek, en alle "freonlike" Yndianen troch de Amerikaanske autoriteiten sommearre waarden om har by de agintskippen fan it Buro fan Yndiaanske Saken te melden, setten de Searrêgen dat út nei it Reade Wolk Agintskip. Mar wylst se oan 'e Powderrivier yn Wyoming de nacht oerbleaune by in kamp fan 'e Noardlike Sjajinnen, dat tradisjonele bûnsgenoaten fan 'e Lakota wiene, waard dat op 17 maart oanfallen troch Amerikaanske troepen ûnder lieding fan kolonel Joseph J. Reynolds. De Lakota fielden har fanwegen it bûnsgenoatskip ferplichte om 'e Sjajinnen te help te kommen, en sa rekken de Searrêgen min ofte mear tsjin wil en tank behelle yn it wapene ferset tsjin 'e Amerikanen.

Yn juny 1876 fochten Rikel en syn krigers mei yn 'e Slach oan de Rosebud, wêrby't it opperhaad Mâl Hynder de troepemacht fan generaal George Crook tebek krong, en dêrnei yn 'e beruchte Slach oan de Little Bighorn, wêrby't it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrocht waard. Krapoan in fearnsjier letter, yn septimber, wied er belutsen by de Slach by Slim Buttes, dêr't Mâl Hynder en hy om 'e nocht besochten it belegere opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere te ûntsetten. Yn jannewaris 1877 focht er mei yn 'e Slach by Wolf Mountain, it lêste grutte treffen fan 'e oarloch. Op 5 maaie fan dat jier joech er him einlings oer oan 'e Amerikanen by it Reade Wolk Agintskip, net fier fan Fort Robinson, yn Nebraska, yn 'e mande mei Mâl Hynder sels en oare Lakota-lieders, lykas Lytse Grutte Man.

Nei't Mâl Hynder yn septimber 1877 yn finzenskip deade wie, makke Rikel diel út fan in Oglala-delegaasje nei de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.. Yn 'e winter fan 1877 op 1878, doe't it Reade Wolk Agintskip ferpleatst waard, pykten Rikel en guon oare leden fan 'e Searrêgen út nei Kanada, dêr't se twa jier yn ballingskip trochbrochten. Mei de oare Oglala-ballingen joech er him yn 1880 fannijs oer yn Fort Keogh, yn Montana, wêrnei't se yn 'e simmer fan 1881 nei it Standing Rock Agintskip ta stjoerd waarden. Yn 'e maityd fan 1882 waarden Rikel en de oare Oglala úteinlik weriene mei harren sibben, yn it Pine Ridge Agintskip. Rikel brocht dêrnei de rest fan syn lange libben troch yn it Pine Ridge Reservaat, dêr't er meitiid in respektearre rjochter fan 'e Yndiaanske rjochtbank waard en op hege jierren noch troch ferskate foaroansteande histoarisy befrege waard oer syn ûnderfinings ûnder de Flakte-Yndiaanske Oarloggen. Rikel ferstoar yn 1936, doe't er 96 jier âld wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.