Lytse Grutte Man

Ut Wikipedy
Lytse Grutte Man
persoanlike bysûnderheden
oare namme Little Big Man, Oanfallende Bear,
Charging Bear
berne ±1825
stoarn 1???
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt haadman fan de Oglala
jierren aktyf ±1855 – 1???
reden
  bekendheid
belutsen by de dea fan
   it opperhaad Mâl Hynder
Lytse Grutte Man.

Lytse Grutte Man (Ingelsk: Little Big Man; ±1825 – ?), wie in haadman fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy is benammen bekend wurde troch de ûnopheldere rol dy't er spile by de dea fan it ferneamde opperhaad Mâl Hynder.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lytse Grutte Man syn âldelju wiene Giele Tonger en Har-Hillige-Azem, en hy hiet sels eins Oanfallende Bear; "Lytse Grutte Man" wie inkeld in bynamme dêr't er ûnder bekend rekke ûnder de blanken. Hy wie in dapper kriger dy't heech yn oansjen stie, en dy't focht ûnder en rivalen wie mei it ferneamde opperhaad Mâl Hynder. Yn 1874 kante er him fel oan tsjin it útstelde ferdrach dêr't de Amerikaanske oerheid de Lakota harren hillige lân, de Black Hills, mei ûntnaderje woe.

Yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 joech er him by Mâl Hynder en focht er mei yn 'e beruchte Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske leger in ferpletterjende nederlaach tabrochten. Nei't er him yn maaie 1877 tagelyk mei Mâl Hynder oerjûn hie, skynt er oerrûn te wêzen nei de kant fan 'e Amerikanen. Neffens de offisjele lêzing soed er op 5 septimber fan dat jier direkt belutsen west hawwe by de dea fan Mâl Hynder trochdat er dyselde syn earms beethold wylst in soldaat him mei in bajonet yn 'e ûnderrêch stiek. Sels fertelde er letter in oar ferhaal, nammentlik dat Mâl Hynder selsmoard begien hawwe soe troch himsels yn 'e ûnderrêch te stekken.

De bekende western Little Big Man, út 1970, giet oer in blanke jonge dy't grutbrocht wurdt troch de Sjajinnen, en hat mei de histoaryske Lytse Grutte Man neat fan dwaan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.