Springe nei ynhâld

Robert E. Strahorn

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 okt 2020 om 16.47 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Libben en karriêre: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Robert E. Strahorn
persoanlike bysûnderheden
echte namme Robert Edmund Strahorn
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 maaie 1852
berteplak Bellefonte (Pennsylvania)
stoarn 31 maart 1944
stjerplak San Francisco (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist, redakteur
aktyf as ûndernimmer, publisist
jierren aktyf 18711944

Robert E. Strahorn (folút: Robert Edmund Strahorn; Bellefonte (Pennsylvania), 15 maaie 1852San Francisco (Kalifornje), 31 maart 1944) wie in Amerikaansk sjoernalist, publisist en ûndernimmer dy't ûnder de Flakte-Yndiaanske oarloggen oarlochskorrespondint wie foar ferskate grutte Amerikaanske kranten. Letter wurke er foar de Northern Pacific Railroad en wied er as pionier belutsen by de kolonisaasje fan it Amerikaanske Noardwesten. Troch syn publikaasjes oefene Strahorn grutte ynfloed út op 'e byldfoarming oer it Wylde Westen.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strahorn waard yn 1852 berne deunby it plak Bellefonte, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania. Mei fjouwer jier ferfearen syn âlden mei him nei in boerespultsje yn noardlik Illinois, dêr't er fierder opgroeide. Hy folge leger ûnderwiis, mar gie mei tsien jier fan skoalle. As tiner ferkocht er earst kranten op 'e strjithoeken, en learde er letter foar drukker yn Sedalia, yn 'e steat Missoury.

Strahorn wie fiif jier as drukkerslearling en drukker aktyf, oant er op syn achttjinde fanwegen syn swakke sûnens fan in dokter it advys krige om him yn 'e Rocky Mountains te fêstigjen. Sadwaande sette er him yn 1870 yn Denver nei wenjen, yn 'e steat Kolorado. Hy die in hoartsje war om cowboy te wurden, mar joech dat oer doe't er syn besykjen om in wylde mustang nuet te meitsjen, bekeapje moast mei in libbenslange rêchblessuere, fermoedlik in hernia. Yn 1871 joech er him by de redaksje fan in pleatslike krante, de Rocky Mountain News, dêr't er as sjoernalist en redakteur wurke.

Oarlochsferslachjouwer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876-1877, tsjin 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, wurke Strahorn as oarlochsferslachjouwer foar de Rocky Mountain News, de New York Times en de Chicago Tribune. Hy joech him by de troepen fan brigadegeneraal George Crook, en loek faak op mei de ferkenners Frank Grouard en John Wallace Crawford, mei wa't er goed befreone rekke. Strahorn naam ûnder bittere winterske omstannichheden diel oan 'e Bighorn-ekspedysje yn maart fan 1876, en wie oanwêzich by de Slach oan de Powderrivier op 17 maart, dy't útrûn op in nederlaach foar de troepen fan kolonel Joseph J. Reynolds.

Letter dat jiers wie Strahorn wer fan 'e partij ûnder de simmerkampanje, wêrby't er op 17 juny meifocht yn 'e Slach oan de Rosebud, dêr't de troepen fan Crook troch de Yndianen fan it opperhaad Mâl Hynder tsjinholden waarden. Yn augustus en septimber naam Strahorn diel oan Crook syn Hynstefleismars, wêrby't de rantsoenen oprekken en de kavaleristen twongen wiene har eigen hynders op te iten. Op 9 septimber wied er oanwêzich by de Slach by Slim Buttes, wêryn't Crook syn troepen it kamp fan it Lakota-opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere oanfoelen. Neitiid ferliet Strahorn de troepen fan Crook, mar op 25 novimber wied er fannijs fan 'e partij by it Gefjocht fan Stomp Mês, wêrby't troepen ûnder kolonel Ranald S. Mackenzie it doarp fan it Sjajinske opperhaad Stomp Mês ferwuostgen.

Carrie Adell Strahorn.

Yn 1877 wie Strahorn ek noch oanwêzich by de Slach by Wolf Mountain, op 8 jannewaris, it lêste grutskalige treffen fan 'e Grutte Sû-Oarloch. Letter dat jiers wied er tsjûge fan 'e oerjefte fan Mâl Hynder, op 6 maaie te Fort Robinson. Tuskentroch sette Strahorn him dat jiers nei wenjen yn Cheyenne (Wyoming), dêr't er it Hand-Book of Wyoming and Guide to the Black Hills and Big Horn Regions for Citizen, Emigrant, and Tourist skreau, de earste reisgids fan Wyoming de oanswettende kriten fan Montana en Súd-Dakota.

Wurk foar de Northern Pacific Railroad

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strahorn troude op 19 septimber 1877 mei Carrie Adell Green (1852-1925), de dochter fan in foaroansteande sjirurch út Illinois. Hy neamde har 'Dell', en sy him 'Pard'. Binnen in wike nei de brulloft ûntfong Strahorn in oanbod fan Jay Gould, de presidint-direkteur fan 'e spoarmaatskippij Northern Pacific Railroad, om in p.r.-ôfdieling op te setten. Strahorn naam dat oanbod oan, op betingst dat syn breid him op al syn reizen beselskipje mocht. Sadwaande setten de Strahorns útein mei in postkoetshouliksreis, dy't it begjin wie in troud libben wêrby't hja alle ynspannings en aventoeren diele soene.

As p.r.-man foar de Northern Pacific Railroad wie it Strahorn syn taak om it hiele Wylde Westen te bereizgjen en oanpriizgjende artikels te skriuwen dy't lju út it Easten wei derta bringe soene om mei de trein nei it Westen ta te reizgjen, itsij as kolonisten, itsij as toeristen. Dêrnjonken fungearre er as ferkenner en moast er ynljochtings sammelje oangeande mynbou, lânbou, toerisme en de lokaasjes fan nije doarpen, allegear dingen dy't de spoarmaatskippij witte moast om te bepalen wêr't de oanlis fan nij spoar sa winstjaand mooglik wêze soe. Strahorn syn boeken, brosjueres en artikels waarden oerset yn ferskate bûtenlânske talen. Mei dizze publikaasjes oefene er in grutte en duorjende ynfloed út op 'e byldfoarming fan it Wylde Westen. De reizen fan 'e Strahorns troch dit diel fan 'e Feriene Steaten waarden fêstlein yn Dell Strahorn har autobiografyske boek Fifteen Thousand Miles by Stage ("Fyftjintûzen Myl mei de Postkoets"), dat yn 1911 publisearre waard.

Robert Strahorn en syn frou Dell, om 1880 hinne.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er yn 1883 ûntslach nommen hie by de Northern Pacific Railroad, makke Strahorn syn fortún mei lânspekulaasje yn it Amerikaanske Noardwesten. Om't er wist hokker rûte oft it spoar dêr nimme soe, koed er goedkeap lân opkeapje dêr't it spoar oerhinne oanlein wurde moast, dat er dan djoer trochferkocht oan 'e spoarmaatskippij. Dêrby lei er him ek ta op it ûntwikkeljen fan nije stedsjes om 'e plande spoarstasjons oan 'e rûte hinne. Fan 1891 oant 1898 wenne Strahorn yn Boston en New York, dêr't er as ynvestearringsbankier wurke en dêrnjonken ek wer as publisist aktyf wie, diskear om 'e kolonisaasje fan it Amerikaanske Noardwesten te promoatsjen.

Yn 1898 setten Strahorn en de frou har nei wenjen yn Spokane, yn 'e steat Washington. Dêr kochten se in filla, dy't se brûkten om geregeldwei feestlike gearkomsten te fersoargjen foar de pleatslike notabelen. Underwilens wie Strahorn belutsen by de ûntjouwing fan in grut tal publike wurken yn Idaho, Oregon en Washington, lykas ferhurde wegen, brêgen, tillegraaflinen en yrrigaasjekanalen. Yn dy hoedanichheid spile er in grutte rol by de ûntwikkeling fan 'e stedsjes Hailey, Mountain Home en Caldwell yn Idaho en Ontario yn Oregon.

Yn 1925 ferfearen de Strahorns nei San Francisco, yn Kalifornje, dêr't Dell op 15 maart 1925 yn 'e âlderdom fan 71 jier kaam te ferstjerren. Hoewol't er slim troffen wie troch de dea fan 'e frou dy't him hast fyftich jier oeral beselskippe hie, wertroude Strahorn op 5 oktober 1927 mei Ruby Shannon Garland (1884-1936), dy't him lykwols njoggen jier letter ek ûntfoel. Yn 1929 ferlear Strahorn, dy't grutte ynvestearrings dien hie yn ûnreplik goed yn San Francisco, hast syn hiele fortún yn 'e Grutte Depresje. Hoewol't er doe 77 jier wie, wurke er de folgjende fyftjin jier hurd oan 'e ûntwikkeling fan ûndernimmings op it mêd fan 'e mynbou yn Oregon en Idaho. Hy ferstoar op 31 maart 1944 yn San Francisco, op 'e hege jierren fan 92 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.