Springe nei ynhâld

Edward Gustave Mathey

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 aug 2020 om 15.58 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Edward Gustave Mathey
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Edward Gustave Mathey
nasjonaliteit Frânsk
Amerikaansk
berne 27 oktober 1837
berteplak Besançon (Frankryk)
stoarn 17 july 1915
stjerplak Denver (Kolorado)
etnisiteit Frânsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18611904
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang kolonel (sûnt 1904)
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Komantsjekampanje
Ekspedysje nei de Black Hills
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Nez Persé-Oarloch
treffen(s) Slach by Stone River
Slach by Chickamauga
Slach by Kennesaw Mountain
Slach by Marietta
Slach by Lovejoy Station
Belis fan Atlanta
Bloedbad fan de Washita
Slach oan de Little Bighorn
Slach by Canyon Creek

Edward Gustave Mathey (berne as: Éduard Gustave Mathey; Besançon (Frankryk), 27 oktober 1837Denver (Kolorado), 17 july 1915) wie in Frânsk-Amerikaansk militêr, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en de Nez Persé-Oarloch focht. Hy tsjinne by it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint en oerlibbe de ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Mathey waard yn 1837 yn it Frânske Besançon berne as de soan fan Jules Mathey (1814-1898) en dy syn frou Jeanette Barbier (1809-1894). Doe't er acht jier wie, emigrearren syn âlden mei him nei de Feriene Steaten. Hja makken de reis op in skip dat fan Le Havre nei New Orleans fear. Yn Amearika oankommen, setten hja har nei wenjen yn Corydon, yn 'e steat Indiana, en letter yn it deunby leine New Albany. As jongeman wurke Mathey yn it kafee dat syn broer Adolph yn New Albany runde. Hy frege op 28 april 1859 it Amerikaanske steatsboargerskip oan.

Tsjinst ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) focht Mathey oan 'e Noardlike kant en naam er yn april 1861 tsjinst by it 17e Frijwillige Ynfanteryrezjimint fan Indiana. Hy waard oansteld as sersjant, en yn maaie 1862 waard er befoardere ta twadde luitenant. Letter waard er oerpleatst nei it 81e Ynfanteryrezjimint fan Indiana. Hy focht yn 'e slaggen by Stone River, Tunnel Hill, Buzzard Roost en Chickamauga.

Op 21 maart 1863 waard Mathey befoardere ta earste luitenant en op 8 novimber fan datselde jier ta kaptein. Dêrnei naam er diel oan 'e slaggen by Resaca, Kennesaw Mountain, Jonesborough, Kingston, Marietta en Lovejoy Station. Teffens wied er behelle yn it Belis fan Atlanta. Op 12 septimber 1864 waard er befoardere ta majoar, en mei dy rang ferliet er it leger doe't syn rezjimint nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch op 13 juny 1865 opheft waard.

Tsjinst ûnder de Yndiaanske oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêrnei wurke Mathey in pear jier as winkelbetsjinde yn Corydon, mar op 24 septimber 1867 naam er op 'e nij tsjinst by it Amerikaanske Leger. Hy krige de rang fan twadde luitenant fanwegen it oerskot oan ofsieren dat it gefolch wie fan 'e ôfslanking fan it leger yn fredestiid. Mathey waard tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat ûnder befel fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer yn Fort Riley, yn Kansas, legere wie. Yn 1868 naam er diel oan it Bloedbad fan de Washita, wêrby't de 7e Kavalery it winterkamp fan it opperhaad Swarte Tsjettel fan 'e Súdlike Sjajinnen oanfoel en foar in diel útmoarde.

Mathey waard op 10 maaie 1870 befoardere ta earste luitenant, en troude op 8 novimber 1871 yn Corydon mei in Meda Jones († 1917). Ut dat houlik kaam ien dochter fuort, Julia (1877-1946). Yn 1873 waard it 7e Kavaleryrezjimint oerpleatst nei Fort Abraham Lincoln, yn 'e Dakota's. Mathey miste de Yellowstone-ekspedysje fan dat jier om't er yn detasjearre tsjinst wie, mar naam yn 1874 wol diel oan 'e kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, dêr't goud fûn waard, wat oanlieding joech ta de Goudkoarts fan de Black Hills.

Under de simmerkampanje fan 1876 tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho, dy't ûnderdiel útmakke fan 'e Grutte Sû-Oarloch, wie Mathey detasjearre fan M Kompanjy en hied er de lieding oer de bagaazjetrein fan it 7e Kavaleryrezjimint. Sadwaande befûn er him yn ien fan 'e feilichste posysjes en oerlibbe er de Slach oan de Little Bighorn, wêryn't op 25 juny 1876 fiif kompanjyen fan 'e 7e Kavalery folslein útrûge waarden troch de Yndianen. Mathey en syn bagaazjetrein waarden mei de detasjeminten fan majoar Marcus Reno en de kapteins Frederick Benteen en Thomas McDougall krapoan twa dagen troch de Yndianen belegere op in klif boppe de rivier de Little Bighorn, oant se op 27 juny ûntset waarden troch farske Amerikaanske troepen ûnder brigadegeneraal Alfred Terry en kolonel John Gibbon.

Neitiid tsjinne Mathey yn 1877 yn 'e Nez Persé-Oarloch, wêrby't er yn 'e Slach by Canyon Creek, yn westlik Montana, tsjin 'e Nez Persé focht. Op 30 septimber fan dat jier waard er befoardere ta kaptein. Yn 1878 en 1879 wied er legere yn Fort Totten, yn Noard-Dakota.

Lettere jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Uteinlik loek Mathey him op 11 desimber 1896 mei de rang fan majoar út aktive tsjinst werom fanwegen lichaamlike swierrichheden. Neitiid wied er fan 1901 oant 1903 heechlearaar kriichskunde oan 'e Baylor Universiteit yn Waco, yn Teksas. Hy swaaide definityf ôf op 23 april 1904, mei de rang fan kolonel. Yn 1915 krige er it oan 'e prostaat, en nei in mislearre operaasje kaam er op 17 july fan dat jier te Denver te ferstjerren oan termferlamming en nierkrupsje. Mathey waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, by Washington, D.C.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: