Springe nei ynhâld

Thomas McDougall

Ut Wikipedy
Thomas McDougall
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Thomas Mower McDougall
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 maaie 1845
berteplak Prairie du Chien (Wiskonsin)
stoarn 3 july 1909
stjerplak Brandon (Fermont)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18631904
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang majoar
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach by Vicksburg
Slach oan de Little Bighorn

Thomas McDougall (folút: Thomas Mower McDougall; Prairie du Chien (Wiskonsin), 21 maaie 1845Brandon (Fermont), 3 july 1909) wie in Amerikaansk militêr fan etnysk Skotsk komôf, dy't in beskate bekendheid krige troch syn rol yn 'e ferneamde Slach oan 'e Little Bighorn, yn 1876, wêrby't in koälysje fan Yndiaanske folken de Amerikaanske kavalery in ferpletterjende nederlaach tabrocht.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

McDougall waard yn 1845 berne yn Prairie du Chien, yn 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. Hy wie de soan fan Charles McDougall, dy't ek as ofsier yn it Amerikaanske Leger tsjinne. Hy hie in suster dy't mei generaal-majoar Edwin Burr Babbitt troud wie.

Amerikaanske Boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) joech McDougall him yn 1863 as in twadde luitenant by it Noardlike Leger. Hy tsjinne û.m. yn 'e Slach by Vicksburg (1863), wêrby't de Noardliken de Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika by de rivier de Mississippy lâns midstwa spjalten.

Grutte Sû-Oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch naam McDougall in ofsiersposysje mei de rang fan kaptein oan yn it Amerikaanske 14e Ynfanteryrezjimint. Letter waard er oerpleatst nei it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dêr't er it befel krige oer B Kompanjy, mei luitenant Benjamin Hodgson as syn ûnderbefelhawwer. Yn dy hoedanichheid focht er ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 mei tsjin 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho.

Op 25 en 26 juny 1876 naam McDougall diel oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't B Kompanjy yn reserve holden waard en McDougall fan 'e fjildkommandant fan it rezjimint, luitenant-kolonel George Armstrong Custer, de opdracht krige om 'e bagaazjetrein te beskermjen. Dêrmei fierde hy feitlik it kommando oer ien fan 'e fjouwer detasjeminten dêr't Custer it 7e Kavaleryrezjimint yn opdielde. Nei't it detasjemint fan majoar Marcus Reno troch de Yndianen weromdreaun wie en op in klif boppe de rivier de Little Bighorn belegere waard, foegen kaptein Frederick Benteen en McDougall har mei harren detasjeminten by him. Hoewol't se yn 'e fierte gewearfjoer hearden, hie net ien fan harren yn 'e rekken dat Custer sels mei fiif kompanjyen 6 km noardliker troch de Yndianen ynsletten en útrûge waard. Reno, Benteen en McDougall stiene yn harren posysje oardel dei lang bleat oan oanfallen troch de Yndianen, mar wisten stân te hâlden oant se tsjin 'e moarn fan 27 juny ûntset waarden troch de farske troepen fan brigadegeneraal Alfred Terry en kolonel John Gibbon.

Nei de Slach oan de Little Bighorn bleau McDougall yn it Amerikaanske Leger oant er yn 1904 mei de rang fan majoar mei pinsjoen gie. Hy wie troud mei in frou dy't fan Alice hiet en yn 1920 kaam te ferstjerren. Sels stoar McDougall op 3 july 1909 yn Brandon, yn 'e steat Fermont. Sawol hy as syn frou lizze begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, by de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.