Cash ûntjoech him ta ien fan 'e súksesfolste muzikanten aller tiden en ferkocht wrâldwiid mear as 90 miljoen platen. Hy waard opnommen yn sawol de Country Music Hall of Fame (1980), de Rock and Roll Hall of Fame (1992) as de Gospel Music Hall of Fame (2011). Op it persoanlike flak wraksele Cash mei tuskenskoften fan 'e 1950-er en 1990-er jierren mei alkoholisme en drugsferslaving. De leafde fan syn libben wie sjongsterJune Carter, dy't er lykwols pas mette doe't se allebeide al mei oaren troud wiene. Uteinlik stapten se yn 1968 tegearre yn it houliksboatsje. Johnny Cash ferstoar mei 71 jier yn 2003, fjouwer moannen nei syn frou, oan komplikaasjes by sûkersykte. Yn syn libben wûn er 18 Grammy Awards, in American Music Award, 4 Academy of Country Music Awards en 9 Country Music Association Awards. Hy skreau mear as 1.000 ferskes en brocht by syn libben allinnich al 63 studio-albums út. Cash wurdt beskôge as ien fan 'e ynfloedrykste Amerikaanske muzikanten fan 'e tweintichste iuw, net allinnich wat countrymuzyk oangiet, mar oer alle muzyksjenres.
... de Kromme Knillis de namme is fan De Boarn tusken Aldskou en Akkrum, en neffens in sêge ek de namme wie fan de reus dy't dit stik fan De Boarn groeven hat?
... de "noardpoal" dêr't it kompas hinne wiist, magnetysk sjoen de súdpoal is?
... it Hylpersk, it argayske Frysk dialekt fan it havenstedsje Hylpen, in tige behâldende lûdlear en wurdskat hat, dêr't in protte fan it Aldfrysk yn bewarre bleaun is?
Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
Plaatsje fan de wike
In komodofaraan (Varanus komodoensis), de grutste libbene hagedissesoarte.
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje. De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.