Magnetyske noardpoal

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It swalkjen fan de magnetyske noardpoal

De magnetyske noardpoal is it punt fan it ierdoerflak dêr't de noardpoal fan magneten nei oanlutsen wurde. Omdat tsjinstelde magnetyske poalen elkoar oanlûke betsjut dat, dat dit magnetysk sjoen in súdpoal is.

De rotaasje fan de izerkearn fan de ierde ropt in magnetysk fjild op. De poalen fan de ierde binne de punten dêr't de linen fan it magnetyske fjild troch it ierdoerflak snije. Troch de asymmetry fan de izerkearn leit de magnetyske noardpoal net op de noardpoal. It plak fan de magnetyske noardpoal leit lykwols net fêst.

Krekt as nei de noardpoal hawwe der ek ekspedysjes west nei de magnetyske noardpoal. James Clark Ross berikte de magnetyske noardpoal op 1 juny 1831 op Kaap Adelaide op it Boothia Skiereilân. Roald Amundsen fûn dy midden op it skiereilân yn 1903. Paul Seron en Jack Clark fûnen de poal op Allen Mar op Prins fan Wales Eilân. Yn 2001) wie de magnetyske noardpoal al trochskood nei 81°3' N, 110°8' W. De poal skoot hieltyd op nei it noardwesten. Yn 2001 barde dat mei in faasje fan likernôch 40 km/jier.

Dit is lykwols gjin beweging yn in rjochte line: Der is in deistige ovaalske beweging fan de magnetyske noardpoal. Der wurdt oannaam dat dit in fersteuring troch de sinne is. Op dagen mei in slimme fersteuring kin de ovaal mear as 80 km grut wêze. Dêrmei is de magnetyske noardpoal hast net op it plak te finen dêr't er, neffens berekkeningen op jierbasis, wêze moat.

It magnetyske fjild kin ek ûnder omstannichheden hielendal omkeare. Under oaren troch de rjochting yn magnetyske stiente is sichtber dat 500.000 jier lyn, it magnetysk fjild krekt oarsom wie. Ek earder hat it fjild him meardere kearen omkeard. Wat hjir de oarsaak fan is is net wis.

Om't wy foar kompassen gebrûk meitsje fan it magnetyske noarden, moat by it bepalen fan it noarden rekken hâlden wurde mei de magnetyske ôfwiking: it ferskil tusken de geografyske noardpoal en de magnetyske noardpoal. Ticht by de noardpoal kin dit ferskil in grutte ôfwiking ta gefolch hawwe. De ôfwiking en de korreksjes dêr't dêrby foar elts plak ferlet fan is, wurde yn it foar útrekkenne en publisearre. Troch de deistige ôfwiking bliuwt it lykwols ûnmooglik om op dy manier presys it noarden te bepalen.