Wikipedy:Parseberjocht

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wiki.png

Koart berjocht[boarne bewurkje]

Ynternet, 23 maaie 2011 — De Fryske Wikipedy, de Frysktalige ferzje fan de Ynternet-ensyklopedy Wikipedia, hat sûnt hjoed mear as 20.000 artikels. Side 20.000 wie de side oer de De Pol, in buorskip by it Drintske doarp Peize.

De Fryske ynternet-ensyklopedy is oanmakke op 2 septimber 2002. Hast twa jier letter, 6 juny 2004 waard de tûzenste side skreaun, Fryske flagge, en fjouwer jier letter de tsientûzenste. It hat no mar treddeheal jier duorre foar nochris tsientûzen. As fergelyk, de Nederlânsktalige Wikipedia hat mear as 650.000 artikels, de Ensyklopedy fan Fryslân en de Ensyklopedy fan it Hjoeddeiske Fryslân hawwe tegearre sa'n 12.500 artikels, plus in tal eftergrûnteksten. Wikipedia yn it Ingelsk hat al mear as 3,6 miljoen artikels!

Dizze ynternet-ensyklopedy is in foarbyld fan in gearwurkingsprojekt: de ynhâld fan Wikipedia wurdt net skreaun troch betelle skriuwers, mar troch eltsenien dy't op it webstee komt. De ensyklopedy hat in wiid ferskaat fan artikels, fan skiednis en wittenskip oant skûtsjes en wetternammen. Om't eltsenien dy siden wizigje kin, waakse de measte stadichoan grutter, en wurde hja hieltiid oanpast oan nije ûntwikkelings.

De Fryske wikipedy is te lêzen op http://fy.wikipedia.org. De Hollânske Wikipedy is te finen op http://nl.wikipedia.org, en sa binne der noch mear as 275 oare taalferzjes, dy't allegear op http://www.wikipedia.org te finen binne. Tegearre hawwe al dizze ferzjes mear as achttsjin miljoen artikels.

Keppelings[boarne bewurkje]

Mear ynformaasje[boarne bewurkje]

De mienskiplike ensykopedy Wikipedia is ien fan de projekten fan de Wikimedia Foundation, in stifting fêstige yn de Feriene Steaten. Njonken Wikipedia stelt de stifting ek middels beskikber foar in tal oare projekten, as de frije stúdzjebibleteek Wikiboeken, de frije nijsboarne Wikinijs, de frije boarnebibleteek Wikiboarne en it frije wurdboek Wikiwurdboek. Dêrnjonken foarmet Wikimedia Commons in eftergrûnkolleksje fan frijbeskikbere foto's en yllustraasjes.

Al dy projekten wurde mooglik makke troch frijwilligers, de meidoggers. Dit binne de minsken dy't de artikels skriuwe, foto's nimme en beskikber meitsje, de siden foarmjouwe en ek it ûnderhâld oan de Wikipedy dogge. Eltsenien dy't in side oanpast is in meidogger, al wie it mar it ferbetterjen fan in tikflater. It oanmeitsjen fan in meidochnamme is fergees, en ek sûnder meidochnamme kin eltsenien dy't dat wol meidwaan oan it fergees beskikber meitsjen fan witten.

De ynformaasje fan projekten fan de Wikimedia Foundation is beskikber ûnder iepen lisinsjes, wat betsjut dat de ynhâld ferspraat wurde kin, mei allinnich de betingsten dy't der foar soargje dat dat ek by fierdere fersprieding sa bliuwt. De lisinsje dy't foar Wikimedia projekten brûkt wurdt is de CC-BY-SA-lisinsje, mar faak is ynhâld ek noch beskikber ûnder GFDL .

Om al dizze projekten fuortduorje te litten is Wikimedia Foundation ôfhinklik fan jeften. Alle jierren wurdt de lêzers yn de rin fan it jier in kear frege at hja it wurk fan Wikimedia stypje wolle. Troch it jild dat sa binnenkomt kinne net allinnich de Ynternetprojekten fuortbestean, mar kinne ek projekten opset wurde om fergees ynformaasje ferspriede te kinnen nei gebieten dêr't it Ynternet net generaal foarhannen is.