Springe nei ynhâld

Wikipedy:Parseberjocht/24 july 2007

Ut Wikipedy

By bysûndere foarfallen soenen wy in parseberjocht útgean litte kinne.

Fryske Wikipedy hellet mylpeal

[boarne bewurkje]

Ynternet, 24 july 2007 – Sûnt hjoed hat de Fryskstalige Wikipedy mear as 5.000 siden.

Sûnt 2 septimber 2002 wurdt der op it ynternet wurke oan in Fryske ensyklopedy. Wikipedy, in ensyklopedy dêr't eltsenien oan meiskriuwe kin, krige doe in Frysktalige ferzje, de Fryske Wikipedy. Alle begjin is swier, dat it doarre oant op 6 juny 2004, hast twa jier letter, eart de tûzenste side skrean waard: Fryske flagge. No, 24 july 2007, is de Wikipedy al fiif kear sa grut wurden, mei de side oer seksferslaving.

De Wikipedy is in frij tagonklike ensyklopedy, dy't skreaun wurdt troch in losse mienskip fan frijwilligers. Guon drage sa út en troch wat by, oaren hawwe de Wikipedy as in leafhawwerij en binne der drok mei. Yn oerlis wurdt útmakke hoe't de Wikipedy opset wurde moat, want der is gjin lieding dy't it foar it sizzen hat; eltsenien hat foar it grutste part deselde rjochten.

It ynternasjonale Wikipedia projekt hat it doel in fry-tagonklike en rjochtenfrije ensylopedy te meitsjen yn safolle talen as mooglik. Der binne no sa'n 250 ferzjes. De oarspronklike, Ingelsktalige is mei sa'n 2.000.000 artikels fierwei it grutste, mar ek de Dútsktalige is mei likernôch 600.000 it neamen wurdich. Wikipedia is in projekt fan de Stifting Wikimedia Foundation yn Florida.

Njonken ús Wikipedy binne wy ek tige optein mei it Frysktalich Wiky wurdboek mei likernôch 1.500 siden en de Frysktalige stúdzjebibleteek Wikiboeken.

http://fy.wikipedia.org/

Taheake ynformaasje

[boarne bewurkje]

Parsekontakten:

Lykas alle siden fan de Wikipedy is ek dit parseberjocht yn gearwurking ta staan kaam. De Wikipedy-ferzje fan dit berjoch, mei de keppelings nei oare Wikipedy-siden, stiet op: http://fy.wikipedia.org/Wikipedy:Parseberjocht

Stjoerlist

[boarne bewurkje]
  • Frysk Deiblêd - redactie AT frieschdagblad.nl
  • Ljouwerter Krante - redactie AT leeuwardercourant.nl
  • Omrop Fryslân - redaksje AT omropfryslan.nl
  • Súd-Fryslân (Lemster Krante) - zfr AT hoekstra-uitgeverij.nl
  • Mid Frieslander - mid AT hoekstra-uitgeverij.nl
  • Kollumer Krante - redactie AT nieuwsbladnof.nl

Parseburo's? Lokale krante/omrop?