Springe nei ynhâld

Wikipedy:Parseberjocht/25 april 2018

Ut Wikipedy

Fjirtichtûzen kear Frysk

[boarne bewurkje]

Ynternet, 28 april 2018 – Sûnt ôfrûne woansdei hat de Fryskstalige Wikipedy mear as 40.000 siden.

Der wurdt al sûnt 2 septimber 2002 op it ynternet skreaun oan in Fryske ensyklopedy. De Wikipedy is in ensyklopedy dêr't eltsenien oan meiskriuwe kin, en op dy datum is der in Frysktalige ferzje fan kaam, de Fryske Wikipedy. Yn 2005 wie it prachtich doe't dy Frykse Wikipedy leafst 5.000 siden hie. En it wie wer prachtich doe't de Wikipedy nochris sa grut waard: 10.000 siden. In ensyklopedy is fansels nea ôf, dat ek 20.000 siden wie wer prachtich. Mar mei al it witten fan de wrâld wurdt de Wikipedy hieltiid grutter, en sûnt 25 april is de Wikipedy waakse ta 40.000 siden. Fjirtichtûzen siden yn it Frysk, dy't ús lytse wrâld fan Fryslân beskriuwe, mar likegoed de grutte wrâld dêrbûten. De 40.000e side wie in stikje skiednis: de Fryske jellen.

De Wikipedy is in ensyklopedy skreaun troch in mienskip fan frijwilligers. It projekt is frij-tagonklik, dat al dy't wolle, kinne meiskriuwe oer hokfoar mêd hja ek wat oer witte. Guon skriuwe alle dagen, oaren alle wiken, wer oaren drage sa út en troch wat by, mar eltsenien kin mei helpe de Wikipedy ynhâld te jaan. Eltesenien kin ek helpe om yn oerlis de struktuer fan de ensyklopedy op te setten, om't: alles giet yn oerlis. In wikipedy hat gjin lieding dy't alles útmakket; gâns it projekt is basearre op gearwurking.

Gâns it Wikimedia-projekt is grutter as de ensyklopedyen: Der binne ferskate besibbe wurken begûn. Yn it Frysk is it wichtichst, njonken de Wikipedy, it Frysktalige Wikiwurdboek mei mear as 13.000 yngongen.

http://fy.wikipedia.org/

Taheake ynformaasje

[boarne bewurkje]

Parsekontakten:

Lykas alle siden fan de Wikipedy is ek dit parseberjocht yn gearwurking ta stân kaam. De Wikipedy-ferzje fan dit berjoch, mei de keppelings nei oare Wikipedy-siden, stiet op: Wikipedy:Parseberjocht/28_april_2018&

Stjoerlist

[boarne bewurkje]
  • Frysk Deiblêd - redactie aapke frieschdagblad.nl ? cultuur aapke frieschdagblad.nl
  • Ljouwerter Krante - redactie aapke lc.nl
  • Nijsblêd Noardeast Fryslân - redactie.kdc aapke ndcmediagroep.nl
  • Omrop Fryslân - redaksje aapke omropfryslan.nl
  • Súd-Fryslân (Lemster Krante) - zfr aapke ndcmediagroep.nl

Parseburo's? Lokale krante/omroppen?


Keppelings

[boarne bewurkje]

Mear ynformaasje

[boarne bewurkje]

De mienskiplike ensykopedy Wikipedia is ien fan de projekten fan de Wikimedia Foundation, in stifting fêstige yn de Feriene Steaten. Njonken Wikipedia stelt de stifting ek middels beskikber foar in tal oare projekten, as de frije stúdzjebibleteek Wikiboeken, de frije nijsboarne Wikinijs, de frije boarnebibleteek Wikiboarne en it frije wurdboek Wikiwurdboek. Dêrnjonken foarmet Wikimedia Commons in eftergrûnkolleksje fan frijbeskikbere foto's en yllustraasjes.

Al dy projekten wurde mooglik makke troch frijwilligers, de meidoggers. Dit binne de minsken dy't de artikels skriuwe, foto's nimme en beskikber meitsje, de siden foarmjouwe en ek it ûnderhâld oan de Wikipedy dogge. Eltsenien dy't in side oanpast is in meidogger, al wie it mar it ferbetterjen fan in tikflater. It oanmeitsjen fan in meidochnamme is fergees, en ek sûnder meidochnamme kin eltsenien dy't dat wol meidwaan oan it fergees beskikber meitsjen fan witten.

De ynformaasje fan projekten fan de Wikimedia Foundation is beskikber ûnder iepen lisinsjes, wat betsjut dat de ynhâld ferspraat wurde kin, mei allinnich de betingsten dy't der foar soargje dat dat ek by fierdere fersprieding sa bliuwt. De lisinsje dy't foar Wikimedia projekten brûkt wurdt is de CC-BY-SA-lisinsje, mar faak is ynhâld ek noch beskikber ûnder GFDL .

Om al dizze projekten fuortduorje te litten is Wikimedia Foundation ôfhinklik fan jeften. Alle jierren wurdt de lêzers yn de rin fan it jier in kear frege at hja it wurk fan Wikimedia stypje wolle. Troch it jild dat sa binnenkomt kinne net allinnich de Ynternetprojekten fuortbestean, mar kinne ek projekten opset wurde om fergees ynformaasje ferspriede te kinnen nei gebieten dêr't it Ynternet net generaal foarhannen is.


Eardere berjochten

[boarne bewurkje]