Fryske jellen
De Fryske jellen is in lingtemjitte dy't foar Fryslân fan 1504 oant 1820 de standert foar in jellen wie. De Fryske Jellen wie 0,709m. De Fryske jellen koe opdield wurde yn heale jellens en fearns (fearnjellens). De mjitte koe lykwols net opdield wurde yn Tommen.
Ynfiering
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar 1504 waarden der ferskate, pleatslike jellens brûkt yn Fryslân. Op it pleatslike stedhûs hong oeral in stôk dy't oanjoech hoe lang de pleatslike jellen wie, dêr't de pleatslike jellenstokken ensfuorthinne oan ôfmjitten wurde koenen. Joaris mei it Burd hat yn 1504 de mjitten troch gâns Fryslân lykmakke. Dêrby hat er foar de jellen keazen foar de jellen`dy't yn Warkum brûkt waard. Oeral yn Fryslân kaam in jellen te hingjen dy't likelang wie as dy fan Warkum.
Ein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1775 de Fryske jellen ferfongen troch de jellen fan Amsterdam. Dy jellen wie 0,688m. Sûnt 2015 hinget der yn it eardere stêdhûs fan Warkum lykwols wer in jellen dy't 70,9 sm lang is.