Waaierhin

Ut Wikipedy
waaierhin

hoanne

hin
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai waaierhinnen (Centrocercus)
soarte
Centrocercus urophasianus
Bonaparte, 1827
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet

De waaierhin, ek wol de gewoane waaierhin of grutte waaierhin neamd, (wittenskiplike namme: Centrocercus urophasianus) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e waaierhinnen (Centrocercus). Dizze soarte komt foar yn it westen fan 'e Feriene Steaten en Kanada. It is in mânske stânfûgel mei in fierhinne herbivoar dieet, dy't nêstelet ûnder aalststrûken. Yn 2000 waard de nau besibbe Gunnisonwaaierhin (Centrocercus minimus) erkend as in aparte soarte. De waaierhin hat te lijen ûnder habitatferlies. De IUCN klassifisearret dizze soarte dêrom as gefoelich.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De waaierhin waard foar it earst yn 1827 wittenskiplik beskreaun, troch de Frânske soölooch Charles Lucien Bonaparte. It soartspesifike diel fan 'e wittenskiplike namme dy't er de fûgel meijoech, urophasianus, betsjut letterlik "sturtfazant". Lange tiid waard ornearre dat it skaai fan 'e waaierhinnen (Centrocercus) monotypysk wie, d.w.s. út mar ien inkele soarte bestie. Yn 2000 waard lykwols fêststeld dat de Gunnisonwaaierhin (Centrocercus minimus), dy't yn 'e súdlike Rocky Mountains foarkomt yn it streamgebiet fan 'e rivier de Gunnison, eins in selsstannige soarte is. It wie foar it earst sûnt de njoggentjinde iuw dat der yn 'e Feriene Steaten in nije fûgelsoarte ûntdutsen waard. It soe skoan wêze kinne dat de populaasje fan 'e waaierhin yn 'e Monodobbe fan Noardlik Kalifornje eins ek in aparte soarte foarmet; dêr moat noch neier ûndersyk nei ferrjochte wurde.

In waaierhin yn it Nasjonaal Faunareservaat Seedskadee.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferspriedingsgebiet fan 'e waaierhin beslacht dielen fan it westen fan Noard-Amearika. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten heart dêrta it uterste westen fan 'e noardlike Grutte Flakten yn it súdwesten fan steat Noard-Dakota, it noardwesten fan Súd-Dakota en it easten fan Montana, en in oanslutend gebiet yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsjes Saskatchewan en Alberta. It swiertepunt fan 'e fersprieding leit lykwols yn 'e berchgebieten fan 'e súdlike Rocky Mountains yn súdwestlik Montana, hiel Wyoming, sintraal en noardwestlik Colorado en eastlik Utah.

Westlik dêrfan komt de waaierhin ek foar yn 'e Grutte Dobbe yn noardlik en westlik Utah, noardlik, eastlik en westlik Nevada, súdeastlik Oregon, súdlik Idaho en tige lytse dielen fan noardlik Arizona en Nij-Meksiko. Noch fierder westlik hearre ek de Cascades fan eastlik Washington en Noardlik Kalifornje en de Sierra Nevada op 'e grins fan Kalifornje en Nevada ta it areaal fan dizze soarte. De waaierhinnen yn 'e Cascades fan Washington foarmje in isolearre populaasje.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De waaierhin is in relatyf grutte fûgel. De hoannen hawwe trochinoar in kop-sturtlingte fan 66–76 sm, mei in gewicht fan 1,8–3,2 kg. De hinnen binne in slach lytser, mei in kop-sturtlingte fan 48–58 sm en in gewicht fan 900 g oant 1,8 kg.

Ek fan uterlik is der frijwat seksuele dimorfy tusken de geslachten. De hoanne is spikkelbûnt grizich brún op 'e rêch en wjukken, mei in wyt boarst, in dûnkerbrune kiel en in swarte bealch. Hy hat in kraach fan fearren om 'e nekke dy't wyt fan kleur is, in giele kaam boppe elts each en oan 'e sydkanten fan 'e hals twa keale, gielige stikken hûd. Dat binne kielpûden, dy't de hoanne by de balts folpompt mei lucht om mei te pronkjen. De hin is spikkelbûnt grizich ljochtbrún op 'e boppeste lichemsdielen mei in ljochtbrune kiel en in dûnkerbrune bealch.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Waaierhinnen libje op 'e prêrje en steppe dy't begroeid is mei aalstplanten (Artemisia) en jeneverbeistrûken (Juniper). Op guon plakken komme se ek yn woastinen foar, mar inkeld as der pôltsjes mei aalstplanten groeie.

In waaierhoanne oan it baltsen.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Waaierhinnen steane bekend om harren komplekse baltsrituelen. Eltse maityd, tusken ein febrewaris en ein april, komme de hoannen gear op in keal of rotsich plak, dêr't se op deistige basis, ornaris inkele oeren op 'e iere moarn en inkele oeren foar it fallen fan it tsjuster, mei-inoar wediverje om it opfieren fan 'e moaiste balts. De hinnen sjogge ta fan 'e sydline ôf en kieze de fitaalste hoanne út foar de pearing. De dominantste hoanne pearet yn 'e regel mei 80% fan 'e hinnen. De restearjende 20% fan 'e hinnen pearet almeast mei de op ien nei dominantste hoanne, sadat alle oare hoannen it neisjen hawwe.

Nei de pearing is de rol fan 'e hoannen yn it fuortplantingsproses útspile. De hin leit binnen 7–10 dagen in nêst oan ûnder beskûl fan aalstplanten, ornaris net fier fan it baltsterrein ôf. Party fleane lykwols wol 32 km om in gaadlik(er) nêstplak te finen. Der mei net te min beskûl wêze, mar tefolle is ek wer net goed, dat it komt krekt. It nêst is in ûndjip dobke dat yn 'e grûn útskrabe is en dat de hin beklaaid hat mei wat fegetaasje. Dêryn leit se 6–8 aaien. De briedtiid duorret by de waaierhin 25–27 dagen, mar der bestiet by dizze soarte in relatyf heech persintaazje gefallen fan nêstferlitting (troch de hin) en nêstpredaasje (troch rôfdieren). Gegevens út ferskate wittenskiplike ûndersiken nei dat ûnderwerp litte by de waaierhin in briedsúkses fan 23,7–60,3% sjen.

De piken binne nêstflechters, dy't binnen oeren nei't se út it aai kommen binne, it nêst ferlitten kinne. Se wurde net troch de hin fuorre, mar ynstee begelaat nei plakken dêr't se harrensels fuorje kinne. Yn 'e earste libbenswike frette de piken foar it meastepart ynsekten, yn 't bysûnder eamelders en toarren. Dêrnei geane se oer op knoppen fan planten. Mei 2 wiken kinne se min ofte mear fleane, hoewol't se yn 'e loft knoffelich binne oant se teminsten 3 wiken âld binne. Mei 5–6 wiken kinne se langere flechten meitsje. De piken kinne selsstannich oerlibje tsjin 'e tiid dat se mei 10–12 wiken foar it earst ferfearre binne. Se ferlitte de mem oan 'e ein fan 'e simmer.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Waaierhinnen frette benammen dielen fan aalstplanten (Artemisia). Tusken desimber en febrewaris is dat sawat it iennichste wat der op it menu stiet. Allinne fan juny oant septimber sakket it oandiel fan aalst yn it dieet fan dizze fûgel nei 60%. Oars as de measte oare soarten rûchpoathinnen (Tetraonini) misse waaierhinnen in spiermage. Dêrom kinne se gjin sieden fertarre en ite se inkeld sêfte, griene plantedielen. Behalven fan aalst betrekke se dy't yn it simmerhealjier fan in ferskaat oan krûden, lykas hynsteblommen (Taraxacum), klavers (Fabaceae), skieppegerfen (Achillea) en wylde slaadplanten (Lactuca). Ynsekten binne foar folwoeksen waaierhinnen in bykomstichheid en meitsje simmerdeis mar 2% fan it dieet út. Se helje har focht út 'e planten dy't se ite en hawwe net beslist ferlet fan wetter. As it beskiber is, drinke se it lykwols al.

Fideo fan in waaierhinwyfke mei piken dy't in rôfdier gewaar wurdt en har bruod beskûl sykje lit.

Natuerlike fijannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e waaierhin binne de prêrjewolf (Canis latrans), de reade lynks (Lynx rufus), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de sulverdas (Taxidea taxus) en ferskate soarten earnen. Rôffûgels lykas falken, hauken en earnen, en ek kriefûgels en eksters, frette wol piken op. Datselde jildt foar beskate grutte soarten grûniikhoarntsjes.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De waaierhin hat de IUCN-status fan "gefoelich", mei't dizze soarte yn 'e ôfrûne hûndert jier sterk tebekrûn is wat fersprieding en oantal oangiet. Histoarysk kamen waaierhinnen yn sechstjin Amerikaanske steaten foar en yn trije Kanadeeske provinsjes. Omtrint 1910 wiene der noch sa'n 16 miljoen eksimplaren, wylst der anno 2010 nei skatting noch mar 200.000–500.000 oer wiene. Dat de soarte yn 'e nederklits rekke is, komt benammen troch habitatferlies, mei't de mei aalst begroeide prêrjes en steppes dêr't de waaierhin ôfhinklik fan is, almar mear ûntgûn wurde foar de lânbou of beboud wurde by útwreiding fan stêden.

Fral yn Kanada is de sitewaasje krityk. Yn 2012 waard de waaierhin yn Britsk-Kolumbia foar útstoarn ferklearre. Yn Alberta wiene der noch mar 40–60 eksimplaren, en yn Saskatchewan noch mar 55–80 eksimplaren. Yn 2014 sette de Calgary Zoo yn Calgary útein mei in fokprogramma fan 'e waaierhin, dat nije eksimplaren opleverje moat om yn it wyld út te setten.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 2 (stân fan saken yn 2021) erkende ûndersoarten fan 'e waaierhin (Centrocercus urophasianus):

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.