Gunnison (rivier)

Ut Wikipedy
Gunnison
De Gunnison streamt troch in djippe kleau yn it Nasjonaal Park Black Canyon of the Gunnison.
De Gunnison streamt troch in djippe kleau yn it Nasjonaal Park Black Canyon of the Gunnison.
geografy
lân Feriene Steaten
steat Colorado
ûntspringt yn San Juanberchtme
lokaasje boarne gearfloeiïng Eastrivier/Taylor
38°39′49″ N 106°50′50″ W
mûnet út yn Colorado
lokaasje mûning Grand Junction
39°3′42″ N 108°34′42″ W
plakken Gunnison, Delta,
   Grand Junction
sydstreamen l.: Tomichi Creek, Cebolla
Creek
, Lake Fork Gunnison,
Cimarron, Uncompahgre,
Roubideau Creek
rj.: Ohio Creek, Soap Creek,
Smith Fork, North Fork
Gunnison
, Kannah Creek
sifers
lingte 290 km
hichte boarne 2.441 m
hichte mûning 1.388 m
ferfal 1.053 m
maks. breedte 305 m
maks. djipte 15 m
ôfwetteringsgeb. 20.520 km²
ôffier (mûning) 70,8 m³/s
kaart
De Gunnison streamt troch in djippe kleau yn it Nasjonaal Park Black Canyon of the Gunnison.
It ôfwetteringsgebiet fan 'e Gunnison yn Colorado

De Gunnison (Ingelsk: Gunnison River) is in rivier yn 'e Rocky Mountains fan 'e Amerikaanske steat Colorado. It is ien fan 'e grutste sydrivieren fan 'e rivier de Colorado. De Gunnison hat in ôfwetteringsgebiet fan 20.520 km² oan 'e westkant fan 'e Kontinintale Wetterskieding.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Streamferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Gunnison ûntstiet by Almont, yn sintraal-westlik Colorado, dêr't de Eastrivier en de Taylor gearfloeie. Dêrwei streamt de rivier rûchwei fan it easten nei it westen troch it San Juanberchtme, dat ûnderdiel útmakket fan 'e Rocky Mountains. It earste ein nei de boarne rint yn súdwestlike rjochting. Dêr jout him fan 'e rjochterkant (it noarden) ôf de earste sydrivier, de Ohio Creek, by de Gunnison. In stik fierderop streamt de rivier troch it stedsje Gunnison, en fuort letter mûnet de earste sydrivier oan 'e lofterkant (it suden), de Tomichi Creek, deryn út.

De rivier de Gunnison yn 'e Black Canyon of the Gunnison.

Op dat punt draait de Gunnison nei westen ta. In eintsje fierder streamôf waakst de rivier oan ta it Blue Mesa Reservoir, in 58 km lange opslachmar dy't foarme wurdt troch de Blue Mesa Dam. Yn dat ein ûntfangt de rivier fan 'e lofterkant it wetter fan 'e Cebolla Creek en de Lake Fork Gunnison en fan 'e rjochterkant dat fan 'e Soap Creek. Likernôch 11 km westliker passearret de Gunnison it Morrow Point Reservoir, dat foarme wurdt troch in twadde keardaam, de Morrow Point Dam. Fuort dêrnei mûnet fan 'e lofterkant de Cimarron yn 'e rivier út, dy't dêrnei nei it noardwesten draait. nochris 7 km fierderop is it Crystal Reservoir, foarme troch in trêde yn 'e Gunnison oanleine keardaam, de Crystal Dam. De trije keardammen en opslachmarren heare ta it Wetteropslachprojekt fan 'e Coloradorivier, dat yn 'e 1960-er en 1970-er jierren staljûn waard.

Under de Crystal Dam giet de Gunnison troch in stikmannich reuseftige streamfersnellings en komt er út yn 'e Black Canyon of the Gunnison, de "Swarte Kleau fan 'e Gunnison", ien fan 'e langste, smelste en djipste kleauwen fan 'e wrâld. De Black Canyon waard troch de Amerikaanske presidint Herbert Hoover yn 1933 útroppen ta in nasjonaal monumint. Yn 1999 krige it gebiet fan it Amerikaanske Kongres de status fan in nasjonaal park, it Nasjonaal Park Black Canyon of the Gunnison. Yn 'e kleau draait de rivier krapoan 20 km nei de Crystal Dam rjocht nei it noarden om dêrnei sa'n 12 km yn dy rjochting te streamen. Fan 'e rjochterkant mûnet de Smith Fork deryn út. Op it punt dêr't de Gunnison wer nei it westen ta draait, krekt oan 'e ein fan 'e Black Canyon, floeit fan deselde kant ôf ek de North Fork Gunnison dermei gear.

In kilometer as fyftjin westliker streamt de Gunnison troch it stedsje Delta, dêr't de gruttere rivier de Uncompahgre him der fan 'e lofterkant ôf by jout. Op dat plak wurdt in diel fan it wetter fan 'e Gunnison fia de tusken 1905 en 1909 oanleine, 8 km lange Gunnisontunnel ôflaat nei de Uncompahgredelling om foar yrrigaasje brûkt te wurden. Fierder westlik komt de lytsere Roubideau Creek yn 'e Gunnison út. Dêrnei makket de no flink meänderjende Gunnison in bocht nei it noardwesten ta. De lêste sydrivier fan 'e Gunnison is de Kannah Creek, dy't der likernôch 30 km fierderop fan 'e rjochterkant ôf yn útmûnet. Nei in pear flinke bochten berikt de rivier dan it gruttere plak Grand Junction, dêr't er fia de Dominguez Canyon útmûnet yn 'e folle gruttere rivier de Colorado.

Sifers en fierdere wederwarichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Gunnison hat in lingte fan 290 km. It ôfwetteringsgebiet, dat oan 'e westkant fan 'e Kontinintale Wetterskieding leit, hat in oerflak fan 20.520 km². It beslacht dielen fan 7 countys fan Colorado: Delta, Gunnison, Hinsdale, Mesa, Montrose, Ouray en Saguache. De Gunnison fariëarret yn breedte fan 30 oant 305 m en yn djipte fan 1 oant 15 m.

In loftfoto fan 'e rivier de Gunnison.

De rivier hat in ferfal fan 1.053 m fan 'e boarne, dy't op 2.441 m boppe seenivo leit, oant de mûning, op 1.388 m boppe seenivo. De ôffier fan wetter bedraacht by de mûning trochinoar 70,8 /s, mei in minimum fan 3 m³/s en in maksimum fan 1.010 m³/s. De sterke streaming en it grutte tal streamfersnellings meitsje de Gunnison tsjin 'e stream yn frijwol ûnbefarber. Mei de stream mei is de rivier befarber foar rubberboaten, útsein in diel fan 'e Swarte Canyon. Under de Swarte Canyon is de Gunnison mei de stream mei ek befarber foar gruttere boaten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklike, Yndiaanske namme foar de Gunnison wie Tomichi, in toponym dat tsjintwurdich noch oerlibbet yn 'e foarm fan 'e Tomichi Creek, ien fan 'e sydrivieren. De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizger dy't de Gunnison seach, wie de Spanjert Juan Maria de Rivera, dy't yn 1761 de igge fan 'e rivier berikte fuort ûnder de mûning fan 'e Uncompahgre. Yn 1776 kaam ek Silvestre Vélez de Escalante, in oare Spanjert, by de Gunnison lâns. Escalante skreau dat Rivera miend hie dat er de Rio de Tizon tsjinkommen wie, de âlde Spaanske namme foar de Colorado. De Gunnison waard yn it Spaansk de Rio de San Javier neamd.

Mids njoggentjinde iuw, doe't de kolonisaasje troch Amerikaanske kolonisten fan wat letter de Amerikaanske steat Colorado wurde soe, al in hiel ein op streek wie, stie de Gunnison bekend as de Eagle of de Eagle Tail, en soms ek wol de South Fork, de Grand of de Grande. Op lânkaarten út 'e 1850-er en 1860-er jierren wurdt de Gunnison ornaris oantsjut as de Grand River. Net lang dêrnei waard de rivier lykwols ferneamd nei John W. Gunnison, in kaptein by de Topografyske Sjeny fan it Amerikaanske Leger, dy't yn 1853 omkaam by in oanfal troch Jût (Ute) Yndianen wylst er in rûte troch de Rocky Mountains nei it Territoarium Utah yn kaart brocht.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.