Hauken en sparwers

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hauken)
Hauken en sparwers
Hauk (Accipiter gentilis)
Hauk (Accipiter gentilis)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
rangleas: bitterfûgels (Afroaves)
skift: haukeftigen (Accipitriformes)
famylje: haukfûgels (Accipitridae)
ûnderfamylje: hauken en sparwers (Accipitrinae)

De hauken en sparwers (Accipitrinae) binne in ûnderfamylje fan rôffûgels út de famylje fan de haukeftigen (Accipitridae). De ûnderfamylje hat 4-8 skaaien en 55-62 soarten, ôfhinklik fan hokke skaaien ta de ûnderfamylje rekkene wurde. Hoe dan ek is de ûnderfamylje fan de hauken en sparwers de grutste ûnderfamylje fan de famylje fan de haukfûgels en fan it skift fan de rôffûgels en is it skaai Accipiter it grutste skaai fan de famylje en it skift.

De hauken en sparwers libje meast yn of by wâlden oer de hiele wrâld, mei útsûndering fan Antarktika. Se binne betreklik lytse oant middelgrutte rôffûgels mei slanke romp, betreklik koarte en rûne wjukken en lange sturt. De wyfkes binne ornaris grutter as de mantsjes. De lytste sparwer, de Súdamerikaanske dwerchsparwer (Accipiter superciliosus) is sa’n 22 cm lang, sa grut as in lyster, en de grutste hauk is ‘ús’ (Noardlike) hauk fan sa’n 63 cm lang.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De omfieming fan de ûnderfamylje fan de hauken en sparwers is noch in saak fan ûndersyk en diskusje. Neffens guon saakkundigen heart it skaai Harpagus by de ûnderfamylje fan de gleeën (Milvinae) en it skaai Kaupifalco by de mûzefalken (Buteoninae) en foarmje de skaaien Micronisus en Melierax in eigen ûnderfamylje fan de sjonghauken Melieracinae of Melieraxinae. Hjir wurde dizze fjouwer skaaien ta de hauken en sparwers rekkene.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]